De Tsjasker It Heidenskip is in poldermole en ryksmonumint by buorskip It Heidenskip yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân. De pealtsjasker waard boud yn 1915 en is de âldste pealtsjasker fan Nederlân dy't nea fan syn plak ferhûze. It is ien fan 'e mûnen fan Mûnestifting Súdwest-Fryslân (foarhinne Mûnestifting Nijefurd).

De tsjasker waard yn opdracht fan Jan Noordenbos yn 1915 troch H. Dijksma út Gythoarn boud foar de ûnderbemealling fan polder nû. 287. By de bou makke Dijksma gebrûk fan in âlde grenehouten peal fan 'e Galamadammen, dy't pas om 2010 hinne ferfongen is. Yn 1977 is de pealtsjasker restaurearre.

Yn oktober 2013 waard de tsjasker by in stoarm skansearre en waard it wjukkekrús fernield. De skea is rillegau wer ferholpen.

De mûne is mealree.

Sjoch ek Mole yn Fryslân

Keppeling om utens De Hollandsche Molen - Tsjasker It Heidenskip

Kategory:It Heidenskip Kategory:Mole yn Nijefurd Kategory:Mole yn Súdwest-Fryslân Kategory:Ryksmonumint yn Nijefurd Kategory:Ryksmonumint yn Súdwest-Fryslân Kategory:Poldermole Kategory:Tsjasker Kategory:Bouwurk út 1915