De Houtwiel is in tsjasker oan 'e Goddeleaze Singel yn De Falom yn 'e gemeente Dantumadiel.

Skiednis De tsjasker waard yn 'e jierren 1974-1975 yn opdracht fan Steatsboskbehear neiboud neffens in oarspronklik model fan 'e tsjaskerbouwer Roelof Dijksma en delsetten yn it natoergebiet De Houtwiel yn it noardlike doarpsgebiet fan Feanwâlden. De pealtsjasker ferlear dêr lykwols syn funksje en waard ôfbrutsen, restaurearre (yn 1996) en dêrnei opslein.

Yn 2005 waard de mûne 600 meter eastliker op it hoeddeiske plak yn De Houtwiel delset, dat yn it doarpsgebiet fan De Falom falt.

De tsjasker waaide yn 2017 by in stoarm kapot en waard dêrnei werboud. Yn 2019 waard de tsjasker op deselde lokaasje werom set.Omrop Fryslân, 16 oktober 2019

Sjoch ek Mole yn Fryslân

Keppeling om utens Moledatabank - 'Feanwâlden, pealtsjasker'

Kategory:De Falom Kategory:Mole yn Dantumadiel Kategory:Poldermole Kategory:Tsjasker Kategory:Bouwurk út 1975