De Koarnwertermole of Koarnwertermûne is in poldermole en ryksmonumint súdeast fan it doarp Koarnwert, yn de gemeente Súdwest-Fryslân. It is in houten achtkante, reiddutsen muonts op stiennen fjildmuorren.
De Koarnwertermole, dy't oan de Koarnwerter Feart stiet, waard yn 1907 boud foar it bemeallen fan it Wetterskip Koarnwert. Dy polder wie it resultaat fan 'e gearfoeging fan fiif lytsere polders. De bou fan de Koarnwertermole makke de fiif moles, dy't dêrfoar meald hiene, oerstallich: se waarden dêrom sloopt.
Neidat in swiere stoarm yn 'e nacht fan 12 op 13 novimber 1972 swiere skea feroarsake hie oan de Koarnwertermole, krige de fizel fan de mole elektryske oandriuwing. De mole waard net wer opknapt en rekke yn ferfal, oant er yn 1999 restaurearre waard. Hy is sûnttiid wer mealree en wurket geregeld op basis fan frijwilligers.
De Koarnwertermole is eigendom fan it Wetterskip Fryslân.
Sjoch ek Mole yn Fryslân
Keppeling om utens Webstee Poldermole Koarnwert Koarnwert, Koarnwertermole
Kategory:Koarnwert Kategory:Mole yn Wûnseradiel Kategory:Mole yn Súdwest-Fryslân Kategory:Ryksmonumint yn Wûnseradiel Kategory:Ryksmonumint yn Súdwest-Fryslân Kategory:Poldermole Kategory:Bouwurk út 1907