De Swarte Prins, ek wol De Lytse Geast of Alddielsmûne neamd, is in poldermole bewesten de buorskip Lytse Geast by Tytsjerk yn de gemeente Tytsjerksteradiel.
It is in houten muonts mei stiennen fjildmuorren en dekt mei reid. De wjukken fan de mûne hawwe âldhollânsk hekwurk; de flecht is hast 16,50 meter.Friese Molens, ISBN 90 330 1522 6 / CIP, nû. 63
Skiednis De Swarte Prins waard yn 1900 boud foar it bemeallen fan de polder 'Alddeel'. Hy hat wurke oant 1959. Yn 1967 ferlear de mûne it geande wurk, sadat der yn de mûne romte ûntstie om it as fekânsjehûs yn te rjochtsjen. Ek waard de selsswichting doe ferfongen troch âldhollânsk hekwurk.
De mûne is partikulier eigendom, ferboud ta wente en net mear mealree, al kin er noch wol draaie. Yn 2019 hat der in renovaasje plakfûn. It mûndershûs is net mear oanwêzich.
Sjoch ek Mole yn Fryslân
Keppeling om utens Moledatabank Feriening De Hollânske Mûne
Kategory:Tytsjerk Kategory:Mole yn Tytsjerksteradiel Kategory:Ryksmonumint yn Tytsjerksteradiel Kategory:Poldermole Muonts Kategory:Bouwurk út 1900