Foarfallen 9 septimber - Kalifornje wurdt as 31e steat talitten ta de Amerikaanske Uny. It Territoarium Nij-Meksiko, in organisearre territoarium fan 'e Feriene Steaten, wurdt gearstald út 'e gebieten yn it Amerikaanske Súdwesten dy't troch de Amerikanen yn 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch bútmakke binne op Meksiko. hjerst en winter - Trochdat de Amerikaanske oerheid op snoade wize de Boppemarder Tsjippewa en de Mississippy-Tsjippewa besiket te deportearjen nei de westkant fan 'e Mississippy, fynt de Trageedzje fan Sandy Lake plak, wêrby't 400 Yndianen omkomme. 27 desimber - Yn De Haach wurdt de earste fan in rige brievebussen set. Tarieding foar de ynfiering fan de postsegel. sûnder datum - De moderne akoestyske gitaar wurdt útfûn yn Spanje.

Berne 5 augustus - Guy de Maupassant, Frânsk skriuwer († 1893) 5 juny - Pat Garrett, Amerikaansk plysjeman († 1908) 6 juny - Karl Ferdinand Braun, Dútsk natuerkundige en Nobelpriiswinner († 1918) 30 july - Nicolaas Molenaar, Nederlânsk arsjitekt († 1930) 2 septimber - Albert Spalding, Amerikaansk honkbalspiler en ûndernimmer († 1915) 8 septimber - Sake Kornelis Feitsma, Frysk ûnderwizer, dichter en oersetter († 1918) 20 septimber - Frank Grouard, Amerikaansk ferkenner en tolk († 1905) 10 novimber - Hindrik Hindriks Kramer, Frysk arsjitekt († 1934) 13 novimber - Robert Louis Stevenson, Skotsk skriuwer († 1894) datum ûnbekend Holle Hoarn-Bear (Hollow Horn Bear), opperhaad fan 'e Lakota († 1913)

Ferstoarn 16 april - Marie Tussaud, Frânsk waaksenbyldekeunstneresse (* 1761) 23 april - William Wordsworth, Ingelsk dichter (* 1770) 24 maaie - Jane Porter, Ingelsk skriuwster (* 1776) 4 juny - prins Maurits fan de Nederlannen (* 1843) 9 july - Zachary Taylor, presidint fan de Feriene Steaten (* 1784) 18 augustus - Honoré de Balzac, Frânsk skriuwer (* 1799) 16 septimber - Charles van Beveren, Flaamsk keunstskilder (* 1809) 4 desimber - William Sturgeon, Ingelsk natuerkundige en útfiner (* 1783) 24 desimber - Frédéric Bastiat, Frânsk ekonoom en filosoof (* 1801)

Literatuer romans Charles Dickens, David Copperfield (oerset yn it Frysk as David Copperfield) toaniel Henrik Ibsen, Catalina

Byldzjende Keunst

Kategory:19e iuw