Foarfallen 24 july - De mormoanske profeet Brigham Young berikt mei de foarhoede fan syn Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen de Sâltmardelling yn noardlik Utah, dêr't se de grûnslach foarmje sille foar de kolonisaasje fan dat gebiet troch de blanken. Young-en-dy stiftsje de stêd Salt Lake City. 18 novimber - Op 'e Michiganmar fergiet it passazjiersskip de SS Phoenix. Dêrby komme 200 Nederlânske emigranten út 'e Efterhoeke om it libben.

Berne 2 febrewaris - James Porter, Amerikaansk militêr († 1876) 11 febrewaris - Thomas Alva Edison, Amerikaansk útfiner († 1931) 3 maart - Alexander Graham Bell, Skotsk-Amerikaansk útfiner († 1922) 4 maart - John Wallace Crawford, Amerikaansk ferkenner, artyst en aventoersman († 1917) maaie - Pauline Markham, Ingelsk-Amerikaansk aktrise en dûnseresse († 1919) 6 juny - Gerben Postma, Frysk skriuwer en skoalmaster († 1925) 10 july - Maria Rutgers-Hoitsema, Nederlânsk feministe, ûnderwizeres en sosjaal herfoarmster († 1934) 5 septimber - Jesse James, Amerikaansk bandyt († 1882) 2 oktober - Paul von Hindenburg, presidint fan Dútslân († 1934) 8 novimber - Bram Stoker, Iersk skriuwer († 1912) 14 desimber - Francis Gibson, Amerikaansk militêr († 1919) datum ûnbekend David Pendleton Oakerhater, Amerikaansk predikant († 1931) Twa Moannen (Two Moons), opperhaad fan 'e Noardlike Sjajinnen († 1917)

Ferstoarn 17 febrewaris - William Collins, Ingelsk keunstskilder (* 1788) 19 febrewaris - José Joaquín de Olmedo, Ekwadoraansk politikus en dichter (* 1780) 1 oktober - Josephus Augustus Knip, Nederlânsk keunstskilder (* 1777) 4 novimber - Felix Mendelssohn Bartholdy, Dútsk komponist (* 1809) 11 desimber - Thomas Barker, Welsk keunstskilder (* 1769)

Literatuer koarte ferhalen Hans Christian Andersen, Stoppenålen (oerset yn it Frysk as De Stopnulle) poëzij Eeltsje Hiddes Halbertsma, De Grytman Edgar Allan Poe, Ulalume (oerset yn it Frysk as Ulalûm)

Kategory:19e iuw