Foarfallen sûnder datum - Yn ferskate Jeropeeske lannen binne revolúsjes en opstannen foar selsbestjoer en/of demokrasy. 25 jannewaris - It Kommunistysk Manifest ferskynt, skreaun troch Karl Marx en Friedrich Engels. 2 febrewaris - It Ferdrach fan Guadalupe Hidalgo makket in ein oan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch. Under de ôfspraken fan dit ferdrach leit Meksiko him del by de Amerikaanske anneksaasje fan Teksas en moat it it Amerikaanske Súdwesten en Opper-Kalifornje ôfstean oan 'e Feriene Steaten. 15 maart - Yn Pest, de haadstêd fan it Keninkryk Hongarije, brekt de Hongaarske Revolúsje út, dy't de oanset is ta de Hongaarske Opstân fan 1848. 25 maart - Yn Nederlân wurdt it earste kabinet ynstallearre, it Kabinet-Schimmelpenninck. 29 maaie - Wiskonsin wurdt as 30e steat talitten ta de Amerikaanske Uny. 28 septimber - Yn Pest, de haadstêd fan it Keninkryk Hongarije, barst de Hongaarske Opstân fan 1848 los. 3 novimber, - Mei de nije grûnwet, opsteld troch de liberaal Thorbecke, wurdt Nederlân in konstitúsjonele monargy. Fan gefolgen wurdt de macht fan 'e kening beheind. 2 desimber - Frâns Joazef wurdt keizer fan Eastenryk. 11 desimber - Louis-Napoléon Bonaparte wurdt presidint fan Frankryk.

Berne 28 jannewaris - Tsjalling Eeltsjes Halbertsma, Frysk skriuwer en ûnderwizer († 1912) 13 febrewaris - Henry R. Porter, Amerikaansk legerdokter († 1903) 19 maart - Wyatt Earp, Amerikaansk plysjeman, revolverman en ikoan fan it Wylde Westen († 1929) 23 maart - Marten Hepkes Bakker, Frysk kastlein, bakker en dichter († 1927) 23 maaie - Otto Lilienthal, Dútsk loftfeartpionier († 1896) 31 maaie - Lourens Zandstra, Frysk fakbûnslieder en politikus († 1923) 7 juny - Paul Gauguin, Frânsk keunstskilder († 1903) 30 juny - Benjamin Hodgson, Amerikaansk militêr († 1876) 24 septimber - Oebele Stellingwerf, Frysk sjoernalist en politikus († 1897) 24 septimber - Pieter Lodewijk Tak, Nederlânsk politikus en sjoernalist († 1907) 31 oktober - Boston Custer, Amerikaansk boarger-foerazjeur yn 'e tsjinst fan it Amerikaanske Leger († 1876) 13 novimber - prins Albert I fan Monako († 1922) datum ûnbekend Mannich Kûp (Plenty Coups), opperhaad fan 'e Krieën († 1932)

Ferstoarn 20 jannewaris - kening Kristiaan VIII fan Denemark (* 1786) 26 maart - Steen Steensen Blicher, Deensk skriuwer, dichter en predikant (* 1782) 12 augustus - George Stephenson, Ingelsk útfiner (* 1781) 13 augustus - Pyter Jentsjes Rollema, Frysk arsjitekt (* 1786) 19 desimber - Emily Brontë, Ingelsk skriuwster (* 1818)

Literatuer koarte ferhalen Hans Christian Andersen, Den Lykkelige Familie (oerset yn it Frysk as De Lokkige Famylje)

Kategory:19e iuw