Hawaï of mei in sekuerdere stavering Hawaiï (Ingelsk: Hawaii, útspr.: [hə'wa:iji], likernôch "huh-ûaai-jy"; Hawaïaansk: Hawai‘i, útspr.: [hə'vɐjʔi], likernôch "huh-vui-y"), offisjeel de Steat Hawaï (Ingelsk: State of Hawaii; Hawaïaansk: Moku‘āina o Hawai‘i), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Hawaï, byneamd de Aloha State (nei it bekende Hawaïaanske groetwurd), beslacht in fulkanyske eilannegroep (de Hawaï-eilannen), dy't midden yn 'e Stille Oseaan leit, op 3.800 km ôfstân fan it Amerikaanske fêstelân.
De haadstêd fan 'e steat is Honolulu, dat teffens de grutste stêd is. Neffens in skatting út 2014 hie Hawaï doe rom 1,4 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 40e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Hawaï mei rom 88.300 km² de 43e steat. Hawaï is de iennichste Amerikaanske steat dêr't de mearderheid fan 'e befolking fan Aziatysk komôf is. It wie yn 1959 de fyftichste en lêste steat dy't talitten waard ta de Amerikaanske Uny, en it stiet bekend om syn tropyske klimaat en syn natoerskientme. Sadwaande hat Hawaï him ûntjûn ta ien fan 'e wichtichste toeristyske bestimmings fan 'e wrâld.
Etymology De steat Hawaï is ferneamd nei de Hawaï-eilannen, en dy arsjipel is wer ferneamd nei it grutste eilân, Hawaï. It eilân Hawaï soe neffens de Hawaïaanske mytology ferneamd wêze nei Hawai‘iloa, de legindaryske Polynezyske seefarder dy't de arsjipel as earste ûntdiek. Ek wurdt wol beweard dat de namme ôflaat is fan Hawaiki, it mytyske plak dêr't de Polynezyske folken oarspronklik wei kommen wêze soene. Hawai‘i, de Hawaïaanske foarm fan 'e namme, is troch prosessen fan klankferskowing etymologysk en linguïstysk ekwifalint oan Savai‘i yn it Samoaansk, dat de namme fan it grutste eilân fan Samoä is.
Geografy De steat Hawaï omfiemet hast de hiele Hawaï-arsjipel, dy't rûchwei yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan leit. Geografysk en folkekundich heart Hawaï ta Polyneezje en yn grutter ferbân ta Oseaanje, mar beslist net ta Noard-Amearika. De eilannegroep is foarme troch fulkanyske aktiviteit en strekt him út oer in ôfstân fan 2.400 km², fan it eilân Hawaï yn it súdeasten oant it atol Kure yn it noardwesten. Allinnich it eilân Midway, dat in ûnynkorporearre territoarium fan 'e Feriene Steaten is, falt bûten de steat Hawaï.
De steat beslacht in oerflak fan 28.311 km², wêrfan't 41,2% út wetter bestiet, wat 16.636½ km² oan lân oerlit. De eilannen hawwe yn 'e Feriene Steaten har eigen tiidsône, nammentlik de Hawaïtiidsône (UTC –6, gjin simmertiid). De steat bestiet út 8 gruttere eilannen yn it súdeasten, wêrfan't 7 bewenne binne en dy't bekendsteane as Boppewynske Hawaï-eilannen, mei dêropta yn it noardeasten 10 lytsere eilannen en atollen en 119 eilantsjes en riffen, dy't allegear ûnbewenne binne. Mei-inoar foarmje dizze eilantsjes de Noardwestlike Hawaï-eilannen of de Underwynske Hawaï-eilannen. De acht haadeilannen binne (fan grut nei lyts):
eilân bynamme oerflak Hawaï (Hawai‘i) the Big Island 10.432,5 km² Maui (Maui) the Valley Isle 1.883,4 km² Oähû (O‘ahu) the Gathering Place 1.545,4 km² Kauaï (Kaua‘i) the Garden Isle 1.430,5 km² Molokaï (Moloka‘i) the Friendly Isle 673,4 km² Lanaï (Lāna‘i) the Pineapple Isle 363,9 km² Niïhau (Ni‘ihau) the Forbidden Isle 180,0 km² Kahoölawe (Kaho‘olawe) the Target Isle 116,5 km² Hawaï wurdt oan alle kanten omjûn troch de iepen Stille Oseaan. De steat hat in kustline fan 1.210 km, wat de op trije nei langste kustline fan alle Amerikaanske steaten is (nei dy fan Alaska, Floarida en Kalifornje). De ûnderskate eilannen fan Hawaï wurde faninoar skaat troch in kompleks systeem fan seestrjitten, wêrfan't it ‘Alalākeiki-kanaal, tusken Maui en Kahoölawe, mei 11,3 km it smelst is, en it Ka‘ie‘ie Waho-kanaal, tusken Oähû en Kauaï, mei 116 km it breedst. It heechste punt yn 'e steat is de fulkaan de Mauna Kea, op it eilân Hawaï, mei in hichte fan 4.205 m boppe seenivo; it leechste punt is it oerflak fan 'e Stille Oseaan.
Geology De Hawaï-eilannen hawwe har ûntjûn trochdat de Pasifyske plaat mei in faasje fan likernôch 51 km yn 'e miljoen jier yn 'e rjochting fan it noardwesten oer in fulkanysk aktyf plak yn 'e mantel fan de Ierde hinne skoot. Sadwaande hat it meast súdeastlike eilân (hjoed de dei Hawaï) aktive fulkanen, wylst de oare eilannen dy net mear hawwe. Boppedat is it meast súdeastlike eilân ek it grutste, mei't dizze fulkanysk foarme eilannen meitiid stadichoan belúnje, oant se úteinlik wer yn 'e see fuortsakje. Sadwaande wurde de Hawaï-eilannen ek wat langer wat lytser neigeraden dat men fierder nei it noardwesten ta giet. It âldste eilân is Kure, dat likernôch 28 miljoen jier lyn foarme waard, wylst Hawaï mei in âldens fan 400.000 jier it jongste is.
Hawaï hat trije aktive fulkanen, dy't allegear op it eilân Hawaï lizze. Dat binne de ûnbidich grutte Mauna Loa, dy't mear as de helte fan it oerflak fan it eilân yn beslach nimt; de lytse Hualālai; en de Kīlauea, dy't feitlik sûnt 1983 sûnder ophâlden oan it útbarsten is. Op it eilân Hawaï leit ek de Mauna Kea, de heechste berch fan 'e steat, dat eins in sliepende fulkaan is. Op it eilân Maui leit de Haleakalā, dy't ek sliept en dy't foar it lêst yn 1790 útbarsten is. Alle oare fulkanen fan Hawaï binne dea. Op 35 km súdeastlik fan it eilân Hawaï is fierders allegeduerigen de ûnderseeske fulkaan de Loihi aktyf, dy't no oant 980 m ûnder it see-oerflak rikt. It tinken is dat de Loihi tusken 10.000 en 100.000 jier fan no ôf troch it see-oerflak hinne brekke sil, sadat der in nij eilân ûntstiet.
Skiednis De ierste bewenners fan 'e Hawaï-eilannen wiene Polyneziërs, dy't nei alle gedachten fan 'e Markwesaseilannen kamen (no ûnderdiel fan Frânsk-Polyneezje). Hja berikten Hawaï omtrint it jier 300 (n.Kr.), en waarden neffens de Hawaïaanske oerlevering laat troch de legindaryske seefarder Hawai‘iloa. In twadde migraasjeweach, ôfkomstich fan Raiatea en Bora Bora (ek yn Frânsk-Polyneezje) berikt Hawaï yn 'e alfde iuw. Guon skiedkundigen binne op grûn fan 'e Hawaïaanske oerlevering fan betinken dat it in lettere groep lânferhuzers út Tahity wie, dy't om it jier 1000 hinne de kaste fan 'e ali‘i of haadlju op Hawaï yntrodusearre. Oaren wize derop dat der gjin archeologysk bewiis is foar sa'n migraasjeweach dy't ôfkomstich wie fan Tahity.
De lânseigen Hawaïaanske maatskippij karakterisearre him troch in stadige taname fan 'e befolkingsgrutte, sadat úteinlik alle acht gruttere eilannen bewenne rekken. It gewoane folk waard regearre troch pleatslike ali‘i ("haadlju") dêr't ornaris in ali‘i nui ("kening") boppe stie dy't it hiele eilân regearre. Yn 'e twadde helte fan 'e achttjinde iuw klearre de hegemony fan Maui, dat ûnder it regear fan Kahekili II (1765-1794) ferskate oare eilannen ferovere, it paad foar de úteinlike steatkundige ienwurding fan Hawaï.
It hat wol kâns dat Spaanske seefarders de Hawaï-eilannen al yn 'e sechstjinde iuw besochten, twahûndert jier foar de offisjele ûntdekking fan 'e arsjipel. Mei't dêr lykwols gjin goede dokumintearring fan bestiet, wurdt dat troch de measte histoarisy fansiden skood. Sadwaande wurdt it besyk dat de Britske ûntdekkingsreizger James Cook op 18 jannewaris 1778 oan 'e arsjipel brocht, noch altyd rûnom beskôge as de ûntdekking fan Hawaï. Cook, dy't de arsjipel de Sandwicheilannen neamde, kearde yn jannewaris 1779 nei de eilannen werom en fûn doe op it eilân Hawaï de dea by in troch him folslein ferkeard ynskat militêr treffen mei de lânseigen befolking.
Yn 1795 waarden de Hawaï-eilannen troch Kamehameha de Grutte, de kening fan it eilân Hawaï, ûnder syn bewâld feriene, nei't er Kalanikūpule, de lêste kening fan Maui en Oähû, yn 'e Slach by Nu‘uanu ferslein hie. De stifting fan it Keninkryk Hawaï wurdt ornaris datearre fanôf dat foarfal, ek al bleaune de noardwestlike eilannen Kauaï en Niïhau noch fyftjin jier lang selsstannich ûnder it bestjoer fan kening Kaumuali‘i. Kamehameha de Grutte wie de stamheit fan it Hûs fan Kamehameha, dat Hawaï regearre oant de dea fan kening Kamehameha V, yn 1872. Neitiid waarden de eilannen koart regearre troch kening Lunalilo, foar't yn 1874 Kalākua op 'e troan kaam, dy't yn 1891 opfolge waard troch syn suster Lili‘uokalani, de lêste monarch fan Hawaï.
Underwilens hiene har in protte blanken, benammen Amerikanen, op 'e eilannen nei wenjen setten. Yn 't earstoan wiene dat fral sindelingen, dy't de lânseigen befolking ta it kristendom besochten te bekearen. Yn 1824 boekten se in grut súkses doe't se keninginne Ka‘ahumanu, de widdo fan Kamehameha de Grutte, safier krigen dat se har dope liet. Mar fral ûnder it regear fan kening Kamehameha III, de earste kristlike kening fan Hawaï, krigen sindelingen in protte ynfloed en waard ien fan harren, Hiram Bingham I, in prominint keninklik riedshear. Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw waard de mearderheid fan 'e Hawaïaanske befolking bekeard ta it protestantisme of it roomsk-katolisisme.
Oare iere blanke besikers fan 'e Hawaï-eilannen wiene fral walfiskfarders en houtsjers, dy't foar it sandelhout kamen. De blanken brochten in protte sykten mei dêr't de lânseigen befolking gjin ymmuniteit tsjin hie, lykas de gryp, mûzels en pokken, en fan gefolgen kromp de Hawaïaanske populaasje yn 'e tachtich jier nei de oankomst fan Cook fan likernôch 300.000 oant net mear as 60.000 minsken. In oare besmetlike sykte dy't Hawaï mei de blanken berikte, wie lepra. Fan 1866 oant 1969 bestie op it ôfhandige Kalaupapa-skiereilân op it eilân Molokaï in leprakoloanje dêr't alle lju dy't oan dy sykte litten, hinne ferballe waarden. Ferskate protestantske en roomske sindelingen giene dêr ek hinne om mank de ferskoppelingen fan 'e Hawaïaanske maatskippij te wurkjen, wêrûnder de Flaamske pater Damiaan de Veuster en de Dútsk-Amerikaanske non Marianne Cope, dy't neitiid beide hillich ferkearre binne.
Tsjin 'e 1840-er jierren begûnen har behalven sindelingen ek blanke keaplju op 'e Hawaï-eilannen nei wenjen te setten, en yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw waarden der op 'e eilannen grutte sûkerreidplantaazjes oanlein. Dy wiene eigendom fan blanke plantaazje-eigners en waarden bewurke troch lânseigen fjildarbeiders, mei as gefolch dat der in rike blanke elite ûntstie. Hoewol't de Feriene Steaten yn 1842 de ûnôfhinklikheid fan it Keninkryk Hawaï erkend hiene, en de beide lannen diplomatike relaasjes ûnderholden, waard it lânseigen bestjoer fan Hawaï troch Amerikanen net foar fol oansjoen.
Doe't keninginne Lili‘uokalani yn 1893 plannen oankundige foar in nije grûnwet dy't de macht fan 'e blanke elite beheine soe, wie dat foar dyselden oanlieding om by in steatsgreep sels de macht op Hawaï te gripen. Mei militêre stipe fan 'e Feriene Steaten waard begjin 1893 de keninginne ôfset, wêrnei't yn july 1894 (nei in perioade fan provisjoneel regear) de Republyk Hawaï útroppen waard. Wylst de lânseigen befolking ûnderdrukt waard, stjoerden de nije blanke machthawwers oan op anneksaasje troch de Feriene Steaten. Nettsjinsteande alle eardere betsjûgings fan freonskip troch de Amerikanen oan it adres fan 'e Hawaïanen waard de Amerikaanske anneksaasje fan Hawaï op 7 july 1898 in feit, wêrby't de Hawaïanen op snoade wize har eigen lân ûntnadere waard.
Neitiid foarme Hawaï rom sechstich jier lang it Territoarium Hawaï, dat yn 1900 in beheinde foarm fan selsbestjoer krige. Ferskate kearen rûn yn dy snuorje it besykjen fan 'e blanke middenstân om Hawaï as in folweardige steat ta de Amerikaanske Uny talitten te krijen, op 'e non, fanwegen de wjerstân fan 'e rike plantaazje-eigners. Dy fûnen de territoriale status nammentlik handich om't se dêrûnder goedkeape arbeidskrêften út Japan, Sina, Koreä en de Filipinen oanlûke koene, wylst soks foar steaten ferbean wie.