Jacobus Q. Smink (folút: Jacobus Quiryn Smink; Sondel, 31 jannewaris 1954 - Eindhoven, 26 jannewaris 2024) wie in Frysk dichter en oersetter, waans wurk yn it Frysk publisearre waard.

Eftergrûn Smink, de soan fan in bekende Fryske hynstefokker, groeide op yn syn berteplak Sondel. Hy wie in jongere broer fan 'e akteur Freark Smink. Hy studearre Nederlânsk oan de Ryksuniversiteit Grins. Dêrnei ferhuze er yn 1980 nei Noard-Brabân. Sûnt 1983 wenne er yn Eindhoven, dêr't er oan in middelbere skoalle lesjoech yn Nederlânsk en kommunikaasjekunde.

Dichter Al op skoalle skreau Smink lietteksten, al wie it doe noch yn it Nederlânsk en yn it Ingelsk. Nei't er yn syn stúdzjetiid mei de Fryske dichter Tsjêbbe Hettinga yn 'e kunde kommen wie, ûntduts er dat er leaver yn it Frysk skreau. Yn 1972 debutearre er as Jacob Smink yn it doe krekt oprjochte literêre tydskrift Hjir, mei in koart ferhaal (Hwa wit) en in gedicht (Leaf Famke). Yn 1983 joech er yn eigen behear de dichtbondel Apàrte Fersen út. Twa jier letter ferskynde by de Koperative Utjouwerij de bondel Wurk fan de Achtste Dei, Sminks earste "offisjele" bondel, ûnder syn skriuwersnamme Jacobus Q. Smink. De inisjaal Q foar Quiryn hied er der yn 1979 sels by betocht.

Yn Smink syn wurk, dat bytiden as sletten, mar ek wol as suggestyf en boartlik omskreaun wurde kin, is in wichtige rol weilein foar froulju (famkes en dochters). Syn gedichten wurde karakterisearre troch in nearne mei klam oanwêzige, mar dochs klearebare eroatyske ûndertoan, dy't in beskate spanning oanjout. Troch resinsinten waard oer syn wurk ûngelikens tocht. Eppie Dam skreau yn 1994 oer de yn datselde jier ferskynde bondel Lingerich Tekstyl & Swarte Side: "Alles wat sa karakteristyk is foar syn poëzij sit deryn: kronkeljende ideeën, yntrigearende dwersferbannen, eigensinnige formules, fernuftige neologismen, wanstaltige konstruksjes, steurend gebabbel, irritante kryptokokken. Mar wat der noch by komt: de superieure achteleasheid fan tafallichheden. As [...] joech de Muze it har beminde yn de sliep." Albertina Soepboer, dêrfoaroer, wie yn 1995 fan betinken: "Smink mist de subtiliteit om echt oer erotyk te skriuwen. Wat hy aan erotyk suggerearret, wurdt faak yn de folgjende regel alwer teneate dien."

Oersetter Smink sette ferskate boeken oer yn it Frysk, wêrûnder It Achterhûs fan Anne Frank, Le Petit Prince fan Antoine de Saint Exupéry, Die Geschichte von Herrn Sommer fan Patrick Süskind en Smoarge Piter fan Heinrich Hoffmann. Ek fertaalde er Astrid Lindgren har bekende berneboek Ronja Rövardotter oer ta Ronja Rôversdochter. Datselde wurk makke er ek ta in toanielstik dat yn 2000 en 2001 opfierd waard troch Tryater.

Oare literêre aktiviteiten Smink wie sûnt 1975 redakteur fan Hjir, wêryn't er sels ek geregeldwei publisearre. Boppedat wied er lid fan it bestjoer fan Hispel, de stifting dy't Hjir útjout.

Ferstjerren Jacobus Q. Smink ferstoar op 26 jannewaris 2024 yn 'e âldens fan 69 jier. Omrop Fryslân, 29-1-2024, Dichter en Gysbert-winner Jacobus Q. Smink (69) ferstoarn

Wurk Poëzij 1983: Apàrte fersen 1985: Wurk fan de achtste dei 1988: Foar de famkes 1991: Mei beide lippen 1992: Freonskrift 1994: Lingerich tekstyl & swarte side 1995: Minskegedichten 2009: Sondelfal 2013: Adams apel 2015: Tongermolke thumb|right|180px|De Fryske oersetting fan Le Petit Prince, troch Jacobus Q. Smink.

Oersettingen 1995: It Achterhûs (Het Achterhuis, Anne Frank) 1999: De Lytse Prins (Le Petit Prince, Antoine de Saint-Exupéry) 2000: Smoarge Piter (Der Struwwelpeter, Heinrich Hoffmann) 2000/2001: Ronja Rôversdochter (Ronja Rövardotter, Astrid Lindgren) 2001: It ferhaal fan de hear Simmer (Die Geschichte von Herrn Sommer, Patrick Süskind) 2006: Myn lytse oarloch (Mijn kleine oorlog, Louis Paul Boon)

Priis 2013: Gysbert Japicxpriis foar syn dichtbondel Sondelfal (2009)

Keppelingen om utens Webstee Jacobus Q. Smink Wurk fan Smink yn de DBNL

Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk tydskriftredakteur Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Frysk oersetter Kategory:Oersetter nei it Frysk Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk tydskriftredakteur Kategory:Nederlânsk bestjoerder Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk oersetter Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Sondel Kategory:Persoan berne yn 1954 Kategory:Persoan stoarn yn 2024