It hazze-eargroukopke (Muschampia lavatherae, foarh. Carcharodus lavatherae) is in soarte yn it skaai fan de ûnechte spikkelbrune groukopkes (Muschampia), dêr't er nei yn 2020 nei DNA-ûndersyk hinne oerpleatst is út it skaai fan 'e echte spikkelbrune groukopkes (Carcharodus).

Foarkommen Yn Nederlân komt de flinter net foar. De flinter komt wol foar yn Spanje, súdlik Frankryk, Itaalje de Balkan en Grikelân. Hy fljocht fan 200 oant 1600 meter heech. De flinter hâldt fan drûge soere greiden. De flinter is it leafst op plakken mei in soad blommen. De populaasjes binne oer it generaal lyts. As it waarm is sykje de flinters plakken mei fochtige grûn om dêr te drinken.

Fleantiid De flinter fljocht yn maaie, juny en july.

De flinter It hazze-eargroukopke ûnderskiedt him fan oare groukopkes troch de griene glâns op de boppekant fan de wjukken en it lichem.

De rûp De aaikes wurde ien foar ien ôfset op de blêden fan stachys soarten. De lytse rûpen meitsje spinsels mei blêden wêrûnder se ûnder it iten skûlje. Earst libje de rûpen fan de siedden fan de weardplant, letter ite se ek de blêden. Se oerwinterje yn it tredde of fjirde stadium as larve. De ferpopping fynt plak oan de ûnderkant fan de weardplant.

Sjoch ek List fan flinters

Kategory:Flintersoarte Kategory:Groukopflinter Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje