It Hasker Konvint (Marije' Roazedelle of Mariën Rozendal) wie in kleaster fan Augustiner Koarhearen by Haskerdiken. In koarhear wie in geastlike dy't diel útmakke fan in kapittel. It kleaster waard ±1235 stiften op it stee fan Doda's klûs. In klûs is in kleaster foar ien muonts.
Yn 1402 wie it in dûbelkleaster, der wennen dus nonnen en muontsen. Yn 1465 waard dêr de kleasterherfoarming trochfierd. Yn in rekkenboek fan 1500-20 wurdt it bedriuw al neamd. It kleaster waard al yn 1576 ferwoaste. Yn 1579 wiisde de greve fan Rennenberg it ta oan de Steaten fan Fryslân.
Kategory:Earder bouwurk yn De Fryske Marren Kategory:Earder bouwurk yn It Hearrenfean (gemeente) Kategory:Kleaster yn Fryslân Kategory:Haskerdiken Kategory:Bouwurk yn Skarsterlân Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1235 Kategory:Organisaasje opheft yn 1576 Kategory:Bouwurk út 1235 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1576