Los Angeles (Spaansk: Los Ángeles), ek bekend as L.A. of LA, en offisjeel the City of Los Angeles, is in stêd en gemeente yn 'e Feriene Steaten, dy't oan 'e Pasifyske kust fan 'e steat Kalifornje leit. It is de grutste stêd fan Kalifornje en fan 'e Amerikaanske westkust, en de op ien nei grutste stêd fan 'e hiele Feriene Steaten, nei New York. It is it kulturele en ekonomyske hert fan Súdlik Kalifornje, en it haadplak fan it omlizzende Los Angeles County. Mei 'Los Angeles' wurdt lykwols faak net inkeld de stêd mei dy namme bedoeld, mar de hiele stêdekloft. Neffens in offisjele skatting út 2017 hie de stêd Los Angeles doe likernôch 3,4 miljoen ynwenners, wylst de stêdekloft in befolking fan goed 18,7 miljoen minsken omfieme. Los Angeles waard yn 1781 stifte as delsetting yn it fiere noarden fan 'e Spaanske koloanje Nij-Spanje. It kaam yn 1848, oan 'e ein fan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch, by de Feriene Steaten te hearren. Hjoed oan 'e dei stiet de stêd bekend om syn mylde klimaat mei in soad sinneskyn, ek winterdeis, en fierders benammen om 'e filmyndustry yn Hollywood, dat in wyk fan Los Angeles is.

Geografy Los Angeles leit midden yn 'e Dobbe fan Los Angeles, in leechlân dat yn it súdwesten oan 'e Stille Oseaan grinzget en oan alle oare kanten omseame wurdt troch bergen. Sa leit oan 'e noardkant fan 'e stêd it San Gabriel-berchtme, wêrfan't it heechste punt de top fan 'e Mount San Antonio is, mei in hichte 3.068 m. De stêd sels hat flakke en heuvelige dielen. De hichte rint útinoar fan seenivo oan it strân yn 'e wiken dy't oan see lizze, oant 1.547 m boppe seenivo op 'e Mount Lukens, oan 'e noardeastlike útein fan 'e San Fernando-delling. Trochinoar bedraacht de hichte lykwols 71 m. De eastlike útrinner fan it Santa Monica-berchtme rikt dwers troch de stêd hinne en skiedt de Dobbe fan Los Angeles fan 'e San Fernando-delling. De legere Hollywoodheuvels markearje it plak dêr't de Cahuengapas troch it berchtme rint.

De stêd wurdt ek trochkrúst troch de rivier de Los Angeles, dat eins mear in seizoensbûne beek is, dy't simmerdeis drûch stiet. It rivierbêd is yn it ferline rjochtlutsen en yn beton getten, sadat it no in grutte goate fan 82 km lang is. Dy begjint yn 'e wyk Canoga Park en streamt dêrwei nei it easten ta út 'e San Fernando-delling wei, by de noardrâne fan it Santa Monica-berchtme lâns. Dan slacht er nei it suden ta ôf, dwers troch it stedssintrum, wêrnei't er yn 'e foarstêd Long Beach yn 'e Stille Oseaan útmûnet. De lytsere Ballona Creek streamt ek troch Los Angeles en komt yn 'e wyk Playa del Rey út yn 'e Baai fan Santa Monica. Los Angeles is kwetsber foar ierdbevings, mei't it lyk op 'e Ring fan Fjoer leit, in rûnte om 'e Stille Oseaan hinne dy't dêr fanwegen de ûnderlizzende geology yn útsûnderlik hege mjitte oan bleatstiet

Los Angeles beslacht in oerflak fan 1.302 km², wêrfan't 1.214 km² út lân bestiet en 88 km² út oerflaktewetter. Fan noard nei súd mjit Los Angeles 71 km en fan east nei west 47 km. De omtrek fan 'e stêd is 550 km, wêrby't inkele lytsere plakken, te witten Beverly Hills, West Hollywood en San Fernando, folslein troch it grûngebiet fan Los Angeles omsletten wurde. De stêdekloft Grut-Los Angeles omfiemet net inkeld Los Angeles sels en dy enklaves, mar ek foarstêden as Long Beach, Anaheim, Santa Ana, Irvine, Orange, Huntington Beach, Newport Beach, Pomona, Pasadena, Altadena, Glendale, Torrance, Santa Monica en Malibu. Soms wurde ek fierder fuort leine stêden derta rekkene, lykas San Bernardino, Riverside, Santa Barbara en Ventura.

Skiednis Foar de oankomst fan 'e earste blanken waard de Dobbe fan Los Angeles al tûzenen jierren bewenne troch Yndianen. Yn 'e histoaryske perioade wiene dat de Tongva (of Gabrieleño) en de Tsjûmasj (Chumash). De kolonisaasje fan it gebiet kaam út it suden wei, dêr't de Spanjerts yn 'e earste desennia fan 'e sechstjinde iuw harren koloanje Nij-Spanje fêstigen, it lettere Meksiko. Yn 1542 ferkende de Spaanske seefarder en ûntdekkingsreizger Juan Rodríguez Cabrillo de kust fan wat no Súdlik Kalifornje is, dy't er opeaske út 'e namme fan 'e Spaanske Kroan. De earste blanke ûntdekkingsreizger dy't de Dobbe fan Los Angeles oer lân berikte, wie Gaspar de Portolà, dy't dêr op 2 augustus 1769 tegearre mei de roomske misjonaris Juan Crespí oankaam.

Yn 1771 seach de fransiskaanske frater Juníperro Serra ta op 'e bou fan 'e earste missypost yn it gebiet, San Gabriel Arcángel. As delsetting waard Los Angeles op 4 septimber 1781 stifte yn opdracht fan Felipe de Neve, de Spaanske gûverneur fan 'e provinsje Opper-Kalifornje. It hie doedestiden 44 ynwenners en krige de namme El Pueblo de Nuestra Señora la Reina de los Ángeles del Río de Porciúncula, wat "De Stêd fan Us Leaffrou de Keninginne fan de Ingels fan de Rivier de Porciúncula" betsjut. Twatrêde part fan 'e oarspronklike kolonisten bestie út mestizen en mulatten. Neitiid bleau Los Angeles tsientallen jierren lang in lyts, ûnbetsjuttend plakje oan it fuottenein fan Nij-Spanje, dat tsjin 1820 noch mar 650 ynwenners telde.

Yn 1821 wûn Nij-Spanje oan 'e ein fan 'e Meksikaanske Unôfhinklikheidsoarloch syn frijheid fan 'e Spaanske oerhearsking. Los Angeles kaam doe likernôch in fearnsiuw by Meksiko te hearren. Yn dy snuorje krige it yn 1835 stedsrjochten en makke gûverneur Pío Pico it ta it haadplak fan 'e provinsje Opper-Kalifornje. Yn 1845 briek lykwols de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch út. Nei in rige fjildslaggen wêryn't de Meksikanen oertsjûgjend ferslein waarden, namen de Feriene Steaten besit fan hiel Opper-Kalifornje en oangrinzgjende regio's. Nei ôfrin fan 'e oarloch moast Meksiko dy gebieten yn 1848 ôfstean ûnder it Ferdrach fan Guadalupe Hidalgo. Sa kaam Los Angeles by de Feriene Steaten te hearren, mar lange tiid bleau it in sliepperich plakje dêr't it nacht yn 'e nane wie.

Yn 1850 krige Los Angeles de status fan gemeente. Yn 1876 waard it mei de komst fan 'e Southern Pacific Railroad oansletten op it Amerikaanske spoarweinetwurk, en yn 1885 waard ek de Atchison, Topeka & Santa Fe Railway trochlutsen nei Los Angeles. Yn 1892 waard yn 'e stêd en omlizzende gebieten ierdoalje ûntdutsen, wêrnei't him yn 'e krite in libbene oaljeyndustry ûntjoech. Dat droech der sterk oan by dat Kalifornje yn 1923 wrâlds grutste ierdoaljeprodusint wurden wie, dêr't doedestiden in fjirdepart fan alle oalje út 'e grûn helle waard. Mei dêrtroch wie de befolking fan Los Angeles tsjin 1900 oanwoeksen ta 102.000 minsken. Dy befolkingsgroei sette de drinkwetterfoarrie fan 'e stêd ûnder druk. Pas nei't yn 1913 ûnder tafersjoch fan yngenieur William Mulholland it Akwadukt fan Los Angeles oanlein wie, koe de stêd sûnder noed fierder groeie.

In bepaling yn it hânfêst fan Los Angeles, dy't it de stêd ferbea om drinkwetter te leverjen oan gebieten bûten de gemeentegrinzen, hie ta gefolch dat in protte fan dy gebieten harsels twongen seagen om har troch Los Angeles anneksearje te litten om oan drinkwetter foar har ynwenners te kommen. Yn 1910 waard op dy manear ek it oant dy tiid ta selsstannige plak Hollywood anneksearre. Dêr wiene op dat stuit al tsien filmstudio's aktyf, en neitiid ûntjoech it him fierder ta it wrâldwide mekka fan 'e filmyndustry. Foar Los Angeles betsjutte dat it begjin fan in ûnbidige en oanhâldende befolkingsgroei. Tsjin 1921 waard mear as 80% fan alle films yn 'e wrâld yn Hollywood makke. It jild dat dêrmei fertsjinne waard, soarge derfoar dat de stêd net bot te lijen hie ûnder de Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren. Yn 1930 berikte Los Angeles it oantal fan 1 miljoen ynwenners, en yn 1932 wie de stêd de gasthear fan 'e Olympyske Simmerspullen.

Under de Twadde Wrâldoarloch wie Los Angeles in wichtich sintrum fan 'e militêre skipsbou en loftfeartyndustry. De California Shipbuilding Corporation (Calship) en seis grutte fleantúchbouwers (Douglas, Hughes, Lockheed, North American Aviation, Northrop en Vultee) hiene harren haadkertier yn of deunby de stêd. Nei de ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch begûn Los Angeles hurder te groeien as ea tefoaren. Dat hie te krijen mei it feit dat in protte manlju dy't yn 'e oarloch as soldaten yn Súdlik Kalifornje legere west hiene, fereale rekke wiene op it mylde klimaat en neitiid mei harren gesinnen dêrhinne ferhuzen. Ek de ûntwikkeling fan it Interstate Highway-stelsel, yn 'e 1950-er jierren, droech by oan 'e eksplosive befolkingsgroei, en al rillegau wreide de beboude kom fan Los Angeles him út oant yn 'e San Fernando-delling.

Yn 'e 1960-er jierren hie de stêd, krekt as oare plakken yn 'e Feriene Steaten, te krijen mei oanboazjende spannings tusken de ferskate etnyske groepen, benammen tusken de blanken en de Afro-Amerikanen yn it ramt fan 'e Amerikaanske Boargerrjochtebeweging, wat noch oanboaze waard troch ûnfrede oer de Amerikaanske belutsenens by de Fjetnamoarloch. Yn 1965 kamen dy spannings ta útbarsting yn 'e ferwuostgjende Watts-opskuor, yn 'e swarte efterstânswyk Watts, dêr't 34 minsken by omkamen en mear as 1.000 oaren by ferwûne rekken. Yn 1973 waard Thomas Bradley as de earste Afro-Amerikaanske boargemaster fan Los Angeles keazen. Hy tsjinne fiif folle terminen út, oant er yn 1993 mei pinsjoen gie.

In oare ûntwikkeling yn 'e 1970-er jierren waard foarme troch de aktiviteiten fan it terroristyske Symbioneeske Befrijingsleger (SLA), ynkl. in sjitpartij mei de Plysje fan Los Angeles yn South Los Angeles yn 1974. Yn 1977 en 1978 waard de stêd in skoft yn 'e gryp holden troch de searjemoardners dy't bekend stiene as de Hillside Stranglers. Yn 1979 wie Los Angeles ien fan 'e earste gemeenten yn 'e Feriene Steaten dy't in wet oannaam op it mêd fan homorjochten. Yn 1984 wie de stêd foar de twadde kear gasthear fan 'e Olympyske Spullen. Hoewol't dy Olympiade wat bedoarn waard troch in grutskalige boycot troch kommunistyske lannen, wie it finansjeel sjoen ien fan 'e súksesfolste Olympyske eveneminten ea.

Yn 'e 1990-er jierren briek der op 29 april 1992 yn Los Angeles fannijs in grutskalich rasse-opskuor út, doe't fjouwer plysjes fan it Los Angeles Police Department troch in blanke sjuery frijsprutsen waarden fan 'e mishanneling fan 'e swarte man Rodney King, dy't op filmbylden fêstlein wie. Yn 1994 waard de stêd troffen troch de ierdbeving fan Northridge, dy't 6,7 op 'e skaal fan Richter meat, 72 minsken it libben koste en foar $12,5 miljard oan skea oanrjochte. De tweintichste iuw einige yn Los Angeles mei it Rampart-skandaal, ien fan 'e meast yngeand dokumintearre gefallen fan misdragings troch de plysje út 'e Amerikaanske skiednis.

Yn 2002 besochten Hollywood en de San Fernandodelling har fan Los Angeles ôf te skieden, mar by in referindum ferwiisden de kiezers dat útstel nei de kladdekoer. Yn jannewaris 2025 waarden Los Angeles en omkriten troffen troch de meast ferneatigjende natoerbrannen út 'e skiednis fan 'e stêd. Dêrby kamen 29 minsken om en baarnden mear as 13.000 gebouwen út. Sa'n 180.000 minsken moasten evakuëarre wurde. Fral de wyk Pacific Palisades en de bebouwing om 'e ferneamde Sunset Boulevard hinne waarden swier troffen.

Yn 2028 sille yn Los Angeles foar de trêde kear de Olympyske Simmerspullen holden wurde.

Ekonomy