Kalifornje of Kalifornië (Ingelsk: California; útspr.: [kælə'fɔ:ɹɲə], likernôch "kellefôrnje"), offisjeel de Steat Kalifornje (Ingelsk: State of California), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Kalifornje, byneamd de Golden State (fanwegen de Kalifornyske Goudkoarts fan 1849), leit yn it westen fan it lân, oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan. De haadstêd is Sacramento, mar de grutste stêd is Los Angeles. Oare grutte stêden binne San Diego, San Jose en San Francisco. De steat wurdt gauris opdield yn 'e regio's Noardlik Kalifornje en Súdlik Kalifornje. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe 38,8 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de grutste steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Kalifornje mei 423.970 km² de trêde steat, nei Alaska en Teksas. Kalifornje stiet bekend om syn mylde klimaat en om 'e filmyndustry fan Hollywood.
Etymology De namme 'Kalifornje' waard oarspronklik brûkt om in folle grutter gebiet oan te tsjutten, dat net inkeld de Amerikaanske steat Kalifornje omfieme, mar ek de Meksikaanske steaten Nederkalifornje en Súd-Nederkalifornje (dy't it Kalifornysk Skiereilân beslane) en de Amerikaanske steaten Nevada en Utah en dielen fan Arizona, Nij-Meksiko, Teksas, Kolorado en Wyoming. Men is fan betinken dat de namme ôflaat is fan in fiktyf paradys dat bewenne wêze soe troch swarte amazônes, en dat regearre waard troch in keninginne Calafia. It ferhaal fan dy Calafia (de oarsprong fan 'e namme 'California') is optekene yn De Aventoeren fan Esplandián, in Spaansktalich wurk út 1510 fan 'e hân fan 'e skriuwer Garci Rodríguez de Montalvo. De offisjele ôfkoarting fan Kalifornje is CA, mar ek 'Cal.', 'Calif.' en 'US-CA' wurde wol brûkt.
Geografy Kalifornje hat in oerflak fan 423.970 km², wêrfan't 4,7% út wetter bestiet. Dêrmei is Kalifornje de op twa nei grutste Amerikaanske steat, nei Alaska en Teksas. Dêrom wurdt it gebiet faak foar it gemak opdield yn Noardlik Kalifornje en Súdlik Kalifornje, gebieten dy't gjin bestjoerlik, mar wol geografysk, statistysk en kultureel ûnderskie hawwe. Kalifornje leit yn 'e Pasifyske Tiidsône (UTC –8, simmertiid –7). De steat grinzget yn it suden oan Meksiko, yn it súdeasten oan 'e Amerikaanske steat Arizona, yn it easten en noardeasten oan 'e steat Nevada en yn it noarden oan 'e steat Oregon. Yn it westen wurdt Kalifornje begrinzge troch de Stille Oseaan. Foar de súdwestkust lizze de Kanaaleilannen fan Kalifornje, mei as wichtichste en bekendste it eilân Santa Catalina. Likernôch 50 km út 'e kust fan San Francisco lizze fierders noch de ûnbewenne Faralloneilannen. Der binne yn Kalifornje mear as hûndert Yndianereservaten, dy't lykwols allegear mar in lyts oerflak beslane.
Kalifornje bestiet út ferskate, sterk útinoar rinnende lânskippen. Yn 'e midden fan 'e steat leit de fruchtbere Sintrale Delling, dy't oarspronklik oerdutsen wie mei prêrje, mar no in lânboukrite is. Oan 'e eastkant wurdt dat gebiet omsletten troch de Sierra Nevada oan 'e grins mei Nevada, wylst oan 'e westkant it Pasifysk Kustberchtme opriist. Oan 'e noardkant wurdt de Sintrale Delling begrinzge troch de Cascades, dy't it noarden fan Kalifornje grutdiels behearskje, wylst yn it suden it Tehachapiberchtme de ôffreding fan 'e delling is. De Sintrale Delling sels bestiet út twa dielen, de noardlike Sacramento-delling, it streamgebiet fan 'e rivier de Sacramento, en de súdlike San Joaquin-delling, it streamgebiet fan 'e rivier de San Joaquin. Troch se út te baggerjen binne dy beide rivieren djippernôch dat ferskate stêden yn it binnenlân as seehaven fungearje kinne.
De Sierra Nevada (Spaansk foar "sniebekape bergen") is it heechste berchtme fan 'e steat, dêr't sadwaande it heechste punt fan Kalifornje (en it op ien nei heechste punt fan Noard-Amearika), de Mount Whitney, op 4.421 m boppe seenivo, diel fan útmakket. Teffens leit yn dat berchtme de skildereftige Yosemitedelling, de nasjonale parken Yosemite, Kings Canyon en Sequoia (mei de reuze-sekwoia-beammen, wrâlds grutste libbene organismen) en de Tahoemar, de djipste mar fan Kalifornje en de grutste berchmar fan Noard-Amearika. Likernôch 45% fan Kalifornje wurdt noch oerdutsen troch ûnoantaaste wâldlân, wat in heger persintaazje is as yn lykfol hokker Amerikaanske steat útsein Alaska. De measte wâlden binne te finen yn Noardlik Kalifornje. Dêr leit ek de Baai fan San Francisco, dy't djip it lân ynsnijt. It part fan 'e steat om dy baai hinne is de Krite fan 'e Baai fan San Francisco.
It suden fan 'e steat wurdt fierhinne dominearre troch woastyngebieten, yn it bysûnder de Mojavewoastyn tsjin 'e grins mei Nevada en Arizona oan en de Sonoarawoastyn tsjin 'e grins mei Meksiko en Arizona oan. Noardwestlik fan 'e Mojavewoastyn leit Death Valley, mei dêryn it Badwater Basin, dat mei 85 m ûnder seenivo it leechste (en hjitste) punt fan 'e steat en fan hiel Noard-Amearika is. It súdlike binnenlân fan Kalifornje stiet bekend ûnder de namme fan Inland Empire, it "Binnenlânske Ryk". De súdeastlike grins mei Arizona wurdt foarme troch de rivier de Kolorado, dêr't Kalifornje likernôch de helte fan syn drinkwetter út hellet. De steat makket diel út fan 'e saneamde Ring fan Fjoer, in bân fan fulkanysk en tektoanysk aktive gebieten dy't hielendal om 'e Stille Oseaan hinne rint. Sadwaande is Kalifornje kwetsber foar ierdbevings (en de dêrtroch feroarsake tsûnamys), fral yn 'e Baaikrite, dy't boppe-op 'e San Andréasbrek leit.
Skiednis Prehistoarje Kalifornje waard fanôf teminsten 10.000 jier lyn kolonisearre troch ferskate Yndiaanske fêstigingsweagen efterinoar, mei as gefolch ien fan 'e kultureel en linguïstysk meast ferskate gebieten fan Noard-Amearika. Skattings oangeande it ynwennertal fan Kalifornje foarôfgeande oan 'e komst fan 'e blanken rinne útinoar fan 100.000 oant 300.000 minsken.
Spaanske perioade De earste Jeropeänen dy't it gebiet oandiene, wiene de leden fan 'e Spaanske ekspedysje fan Juan Rodríguez Cabrillo, yn 1542. Ut dy tiid stamme de Spaanske oanspraak op it hiele gebiet, as ûnderdiel fan harren koloanje Nij-Spanje (it lettere Meksiko). Yn 1579 besocht de Ingelske seefarder Francis Drake de kust fan Noardlik Kalifornje, en yn 1602 waard de kustline fan it hiele gebiet foar it earst yn kaart brocht troch Sebastián Vizcaíno.
Nei't it suden fan it gebiet yn 1769-1770 yngeander ferkend wie troch de ekspedysje fan Gaspar de Portolà, begûnen Spaanske misjonarissen dêr mei it opsetten fan 'e 21 Kalifornyske Missyposten. Yn dyselde snuorje kaam der mei de bou fan ferskate presidios (forten) foar it earst in Spaanske militêre oanwêzichheid yn it gebiet. Underwilens waard de kust fan Noardlik Kalifornje ferkend troch Russyske ûntdekkingsreizgers, dy't dêr yn 'e iere njoggentjinde iuw oan 'e Baai fan San Francisco in eigen fêsting bouden.
Meksikaanske perioade Yn 1821 wûn Meksiko syn ûnôfhinklikheid fan Spanje, en kaam Kalifornje by it nije lân te hearren, al bleau it ûnder de namme Opperkalifornje in ôfhandige úthoeke dêr't troch it regear yn Meksiko-Stêd net folle nei omsjoen waard. Yn Súdlik Kalifornje waarden yn 'e Meksikaanske tiid grutte feepleatsen of ranchos oanlein, dy't it eigendom wiene fan Kalifornyske Meksikanen fan Spaansk komôf, de saneamde Californios. Yn Noard-Kalifornje arrivearren yn 'e 1820-er jierren fia it Oregon Trail en it California Trail de earste Ingelsktalige jagers en kolonisten út it Easten fan 'e Feriene Steaten wei.
Tusken 1831 en 1836 fûn der yn Kalifornje in rige opstannen plak fan Californios en Amerikaanske kolonisten tsjin it Meksikaanske bewâld, dy't kulminearre yn 'e Kalifornyske Opstân fan 1836, ûnder lieding fan Juan Bautista Alvarado. It Meksikaanske regear loste de swierrichheden op troch Alvarado gûverneur fan Kalifornje te meitsjen. Ien fan 'e grutste feeboeren fan Kalifornje wie yn dyselde snuorje John Marsh. Doe't dy te lijen krige fan lândieverij fan lju dy't har gewoan parten fan syn lânerijen ta-eigenen, en de Meksikaanske rjochterlike macht him net helpe koe of woe, besleat er dat Kalifornje by de Feriene Steaten komme moast te hearren.
Marsh sette útein mei in briefkerijkampanje oan kunde en kranten yn it Easten fan 'e Feriene Steaten, wêrby't er it klimaat, de fruchtberens en oare skaaimerken fan Kalifornje oanpriizge, mei as gefolch dat der in lytse migraasjeweach fan Amerikaanske kolonisten op gong kaam. Yn 1846 kamen de Amerikaanske kolonisten yn opstân tsjin it Meksikaanske bewâld by wat de Beareflaggerebûlje neamd wurdt (de brune bear pronket noch altyd op 'e Kalifornyske flagge). De Meksikanen waarden foar in part ferdreaun, en de kolonisten rôpen de Republyk Kalifornje út, mei as presidint William B. Ide. Dy steat wie lykwols mar in koart libben beskern, mei't ûnderwilens de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch útbrutsen wie.
De Amerikaanske Marine besette de kust fan 'e Baai fan Monterey en sette dêrwei it binnenlân yn. Wat der noch oer wie fan 'e Meksikanen yn Moardlik Kalifornje kapitulearre doe binnen in moanne. Yn it suden fochten de Meksikanen in rige definsive fjildslaggen tsjin it Amerikaanske Leger út, oant yn jannewaris 1847 it Ferdrach fan Cahuenga sletten waard tusken it Amerikaanske regear en de Californios (wêrby't dy it Amerikaansk steatsboargerskip betongen). Behalven Kalifornje feroveren de Amerikanen yn 'e oarloch it hiele Súdwesten, en by it Ferdrach fan Guadelupe Hidalgo, yn 1848, moast Meksiko formeel ôfstân dwaan fan in ûnbidich grut gebiet, dêr't neitiid de Amerikaanske steaten Kalifornje, Arizona, Nij-Meksiko, Utah, Nevada en Kolorado út foarme waarden.
De Kalifornyske Goudkoarts Yn 1846, twa jier foar't it yn Amerikaanske hannen foel, wennen der yn Kalifornje likernôch 10.000 (meast Spaansktalige) blanken. In pear hûndert útlanners, wêrûnder guon Amerikanen (mar relatyf sjoen ek in protte Russen) libben benammen yn 'e noardlike úthoeken, lykas oan 'e natuerlike haven fan San Francisco, dat doedestiden 500 ynwenners hie. Koart nei ôfrin fan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch waard der goud ûntdutsen yn it gebiet, wat late ta de Kalifornyske Goudkoarts fan 1849. Tûzenen saneamde forty-niners sylden om Kaap Hoarn hinne, of teagen troch de fan sykten optillende jungles fan Panama, of kamen gewoan geandefoets út it Easten wei opsetten mei de dream om har fortún te meitsjen mei goudsykjen. Yn 1852 hie Kalifornje mear as 200.000 blanke ynwenners. Hoewol't de libbensomstannichheden yn 'e goudfjilden alderprimityfst wiene, hiene de goudsikers yn Kalifornje teminsten te krijen mei in geunstich klimaat, eat dat se foar hiene op 'e lettere Goudkoarts fan Klondike, yn Alaska.
De goudkoarts feroare de Kalifornyske ekonomy radikaal, benammentlik mei't net inkeld goudsikers dertroch oanlutsen waarden, mar ek (nei alle gedachten ferstanniger) lju, dy't net fan it goud, mar fan 'e goudsikers libje woene, lykas keaplju, kleanmakkers, skuonmakkers, smidden, bakkers, slachters, sjippesieders, dokters, abbekaten, kroechútbaters, gokkers en prostituees. De Kalifornyske Goudkoarts duorre fan 1848 oant 1854, en yn dy tiid fûnen sa'n 250.000 goudsikers mei-inoar mear as $200 miljoen oan goud. De measten, lykwols, fûnen nea wat, of mar sa'n bytsje dat it harren kosten net iens diek, en einigen teloarsteld, út 'e liken en alhiel ferearmoede.
Kalifornje as steat