Konettikut of Konnektikut (Ingelsk: Connecticut; útspr.: [kǝ'nɛtɨkǝt], likernôch "k'-net-ty-k't"), offisjeel de Steat Konettikut (Ingelsk: State of Connecticut), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Konettikut, byneamd de Constitution State, leit yn it noardeasten, oan 'e kust fan 'e Atlantyske Oseaan, en heart ta de regio fan Nij-Ingelân. De haadstêd is Hartford, mar de grutste stêd is Bridgeport. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe krapoan 3,6 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 29e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Konettikut mei 14.357 km² de 48e steat, mei't inkeld Delaware en Rhode Island noch lytser binne. Konettikut stiet bekend om syn wolfeart, syn (foar Amerikaanske begripen) hege befolkingstichtens en de Universiteit fan Yale, yn New Haven.

Etymology De namme fan Konettikut komt fan quonehtacut, in Algonkwynsk wurd út 'e Mohigan-taal foar "lange rivier mei tijwurking", in ferwizing nei de rivier de Konettikut. De namme hat dus, oars as wol tocht wurdt, neat te krijen mei it Ingelske tiidwurd to connect ("ferbine"). De offisjele bynamme fan Konettikut is de Constitution State (de "Grûnwetsteat"), in oantsjutting wêrfan't de oarsprong ûnwis is, mar de steat wurdt ek wol de Nutmeg State ("Nútmuskaatsteat"), de Provisions State ("Proviandsteat") en it Land of Steady Habits ("Lân fan Fêste Gewoanten") neamd.

Geografy Konettikuthat in oerflak fan 14.257 km², wêrfan't 12,6% út wetter bestiet. Dêrmei is it de op twa nei lytste steat fan 'e Feriene Steaten; inkeld Rhode Island en Delaware binne noch lytser. It leit yn it noardeasten fan 'e legere 48 Feriene Steaten, en makket mei Maine, Massachusetts, Rhode Island, Nij-Hampshire en Fermont diel út fan 'e regio Nij-Ingelân. Ek wurdt it gauris mei New York en Nij-Jersey ta it Trije-steategebiet rekkene. Konettikut leit yn 'e Eastlike Tiidsône (UTC –5, simmertiid –4) en grinzget yn it easten oan Rhode Island, yn it noarden oan Massachusetts en yn it westen oan New York. Yn it suden wurdt it beswette troch de Long Island Sound, in see-earm fan 'e Atlantyske Oseaan. Oare kant dat wetter leit it eilân Long Island, dat by de steat New York heart.

De rivier de Konettikut rint fan noard nei súd troch de midden fan Konettikut hinne, om út te mûnjen yn 'e Long Island Sound. De delling fan dy rivier is it tichtstbefolke gebiet fan 'e steat. Nettsjinsteande syn lytse oerflak hat Konettikut in grut ferskaat oan lânskippen, lykas de Litchfieldheuvels yn it noardwesten, dy't in útrinner fan 'e Appalachen foarmje, en de sânstrannen fan 'e súdeastlike kust. Nettsjinsteande de (foar Amerikaanske begripen) hege befolkingstichtens, wurdt likegoed noch in oansjenlik part fan Konettikut oerdutsen troch mingd wâld, dat deunby de kust fan 'e Long Island Sound oergiet yn leafwâld en op 'e hichten fan 'e Litchfieldheuvels yn nullewâld. It heechste punt yn 'e steat is Bear Mountain, yn 'e Litchfieldheuvels, op 725 m boppe seenivo (op 'e berchskeante fan 'e Mount Frissell, wêrfan't de top oer de grins yn Massachusetts leit), en it leechste punt is de kust.

Foar it meastepart besteane de grinzen Konettikut út rjochte linen, mar yn 'e noardlike grins, mei Massachusetts, sit de saneamde Southwick Jog of Granby Notch, in omwei dy't likernôch 4 km² yn Konettikut op snijt. De reden dêrfoar is in slepend grinskonflikt dat yn 1804 úteinlik besljochte waard mei in kompromis. De westgrins fan Konettikut, mei de steat New York, omfettet de saneamde Panhandle fan Konettikut, in lyts nei it súdwesten ta útstykjend part fan 'e steat, by de kust fan 'e Long Island Sound lâns, dat it resultaat is fan in oar grinskonflikt út 'e lette santjinde iuw. Der binne yn Konettikut twa Yndianereservaten, dy't beide yn it súdeastlike part fan 'e steat lizze. Dat binne: it Mashantucket Pikwot Yndianereservaat it Mohigan Yndianereservaat

Skiednis It grûngebiet fan wat no Konettikut is, waard oarspronklik bewenne troch Algonkwynsktalige Yndiaanske folken, wêrûnder de Mohigan (Mohegan), Pikwot (Pequot) en Paugusset (Paugussett). De earste Jeropeeske ûntdekkingsreizger dy't de krite ferkende, wie yn 1614 de Nederlanner Adriaen Block. Koarte tiid letter sylden Steatske pelskeaplju de rivier de Konettikut op (dy't se de Versche Rivier neamden) om yn 'e neite fan wat no Hartford is, in fort te bouwen dat it Huijs van Hoop kaam te hjitten. Dat waard yn 1654 troch de WIC opjûn om't it troch de kolonisaasje fan it omlizzende gebiet troch de Ingelsen ynsletten drige te reitsjen.

Om 'e Nederlânske ynfloed yn 'e regio tsjin te gean, ûntfong yn 1635 John Winthrop de Jongere, in Ingelske kolonist út 'e koloanje Massachusetts, de opdracht om in nije koloanje te stiftsjen oan 'e mûning fan 'e rivier de Konettikut. Dat waard de koloanje Saybrook, de earste fan trije ûnderskate Ingelske koloanjes dy't neitiid gearfoege wurde soene ta Konettikut. Saybrook ûntgroeide nea it stadium fan 'e koloniale foarpost, en gie yn 1644 op yn 'e mânskere koloanje Konettikut, dy't yn 1633 stifte wie. De grutste groep kolonisten fan dy lêste koloanje bestie út in kloft puriteinen, dy't yn 1636 ûnder lieding fan 'e teolooch Thomas Hooker oerkamen út Massachusetts en har te Hartford fêstigen. De trêde fan 'e trije oarspronklike koloanjes wie de koloanje New Haven, dy't yn 1638 troch John Davenport, Theophilis Eaton en oaren te New Haven stifte waard.

Mei't noch de koloanje Konettikut, noch de koloanje New Haven mei tastimming fan 'e Ingelske Kroan ta stân kommen wiene, waarden beide gebieten juridysk as ôfskate foarposten fan Massachusetts beskôge. Yn 1662 wist Winthrop, gebrûk meitsjend fan in machtsfakuum yn 'e Ingelske polityk dat feroarsake waard troch de Restauraasje fan it Hûs Stuart, fan 'e nije kening Karel II in koloniale oarkunde los te krijen dy't fan 'e koloanjes Konettikut en New Haven ien nije koloanje makke ûnder de namme fan Konettikut. Hoewol't it âlde Konettikut binnen it nije steatsferbân de boppetoan fierde oer New Haven, funksjonearren as gefolch fan 'e gearfoeging oan 1875 ta Hartford en New Haven om bar as haadstêd fan Konettikut.

It earste wapene konflikt mei de Yndianen wie yn Konettikut de Pikwot-Oarloch fan 1636 tsjin 'e Pikwot, dy't fuortkaam út it har ta-eigenjen fan Yndiaansk lân troch de kolonisten. Doe't de Pikwot har dêrtsjin oankanten, reägearren de kolonisten mei in oanfal op in Pikwot-doarp op Block Island. De Pikwot belegeren ein 1636 de koloanje Saybrook en diene begjin 1637 in wraam op Wethersfield. Dêrop organisearren de kolonisten in milysje dy't in Pikwot-doarp oan 'e rivier de Mystic oanfoel en útmoarde, mei 300 oant 700 Yndiaanske deaden. Nei in fjildslach yn 'e neite fan Fairfield ferlern te hawwen, moasten de Pikwot úteinlik belies jaan.

Yn it koloniale Konettikut ûntjoech him in konservative maatskiplike hegerein dy't alle dwaan en litten yn it gebiet oant de Amerikaanske Revolúsje fan 'e 1770-er jierren behearske. Yn 1701 waard yn New Haven it Yale Kolleezje stifte, dat úteinlik útgroeie soe ta de Universiteit fan Yale. Tsjintwurdich is dat mei de Universiteit fan Harvard ien fan 'e beide meast prestizjeuze universiteiten fan it westlik healrûn. De oarspronklike oarkunde fan 'e koloanje Konettikut omfieme alle lân dat nei it westen ta yn it ferlingde fan 'e steat lei oan 'e Stille Oseaan ta. Doe't de koloanje nei oanlieding dêrfan yn 1753 in njoggende county stifte, Westmoreland, dat tusken de rivieren de Susquehanna en de Delaware yn komme moast te lizzen (no foarby de westgrins fan 'e steat), late dat ta de slepende (mar net botte bloedige) Pennamityske Oarloggen mei Pennsylvania, oant Konettikut it gebiet yn 1784 ôfstie oan Pennsylvania.

Under de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch wie Konettikut ien fan 'e trettjin koloanjes dy't it tsjin 'e Britske koloniale oerheid yn 'e kant setten. Nei't yn 1774 de oarloch útbrutsen wie, rjochte Konettikut in milysje op besteande út seis rezjiminten, wêrfan't de earste ienheden yn juny fan dat jier dielnamen oan 'e Slach by Bunker Hill, yn Massachusetts. Yn 1777 lâne der in Britsk leger fan 2.000 man by Westport op 'e kust fan Konettikut, dat dêrwei it binnenlân yn marsjearre en in arsenaal fan 'e Amerikaanske rebellen by Danbury ferneatige. Op 'e weromweis nei de kust waarden de Britten lykwols opwachte troch in Amerikaansk leger ûnder David Wooster en Benedict Arnold, mei as gefolch de Slach by Ridgefield, dy't einige yn in taktyske Britske, mar in strategyske Amerikaanske oerwinning. Fan Konettikut út waarden fierders ek ferskate wramen op it troch de Britten besette Long Island dien. As antwurd dêrop fierde de Britske generaal William Tryon yn july 1779 in oanfal op 'e kust fan Konettikut út, wêrby't New Haven, Norwalk en Fairfield plondere waarden. Ek waard yn septimber 1781, nei de Slach by Groton Heights, New London plondere.

Nei't de Unôfhinklikheidsoarloch yn 1783 ôfsletten wie mei in Amerikaanske oerwinning, ratifisearre it steatskongres fan Konettikut op 9 jannewaris 1788 de Amerikaanske Grûnwet, wêrmei't it de fyfde steat fan 'e Feriene Steaten waard. Oan 'e ein fan 'e achttjinde en yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw florearre de ekonomy fan Konettikut troch hannel en yndustry. Katoenweverijen en oare tekstylfabriken droegen dêr yn hege mjitte oan by, en ek de fiskerij wie tige wolfarrend. Yn 1786 joech de steat in diel fan syn westlike gebietsdielen op dy't bewesten Pennsylvania oan 'e súdkant fan 'e Grutte Marren leine, en dy't dêrnei ûnderdiel waarden fan it Noardwestlik Territoarium. Konettikut behold lykwols in útstrutsen gebiet oan 'e súdkant fan 'e Earymar yn wat no noardlik Ohio is, dat bekendstie as it Westlik Reservaat fan Konettikut (Connecticut Western Reserve). Dy krite waard fierhinne kolonisearre troch lju út Konettikut wei, mar waard yn 1800 oerdroegen oan 'e Amerikaanske federale oerheid. Under de Oarloch fan 1812 soarge in Britske seeblokkade foar drege tiden yn Konettikut.

Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) focht Konettikut foar it Noarden tsjin it Suden, dat him doe ûnder de namme fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika besocht ôf te skieden. Hoewol't der gjin inkele oarlochshanneling út 'e Boargeroarloch op it grûngebiet fan Konettikut plakfûn, spile de steat in wichtige rol yn 'e Noardlike oarlochsynset, troch 55.000 man nei it front te stjoeren, wêrûnder twa rezjiminten fan frije swarten. Fierders levere Konettikut ek 2.250 man oan 'e Noardlike marine. Yn totaal sneuvelen yn 'e Boargeroarloch 2.088 soldaten en matroazen út Konettikut, wylst 2.801 oan sykten stoaren en nochris 689 omkamen yn 'e kriichsfinzenekampen fan it Suden.

Nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch makke Konettikut in twadde weach fan yndustrialisaasje troch, wêrby't benammen de spoarwegen tige wichtich wiene. Under de Earste Wrâldoarloch wie Konettikut ien fan 'e grutste produsinten fan oarlochsmaterieel foar de Amerikaanske Striidkrêften. Tsjin 1918 hearde 80% fan 'e yndustry yn 'e steat ta de wapenyndustry. Dêrby moat men tinke oan 'e produksje fan fjoerwapens troch û.m. Remington Arms yn Bridgeport, de Winchester Repeating Arms Company yn New Haven en Colt's Manufacturing Company yn Hartford, mar ek oan skipswerven dêr't frachtskippen en dûkboaten foar de Amerikaanske Marine boud waarden. Nei de oarloch rjochte Frederick Rentschler yn 1925 yn Hartford Pratt & Whitney op, dat it earste bedriuw fan 'e loftfeartyndustry wie dy't neitiid sa wichtich wurde soe foar de ekonomy fan Konettikut.