Súd-Dakota (Ingelsk: South Dakota; útspr.: [saṷθ də'koʊtə], likernôch "saus de-koo-te"), offisjeel de Steat Súd-Dakota (Ingelsk: State of South Dakota), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Súd-Dakota wurd byneamd de Coyote State (nei de prêrjewolf of coyote) of ek wol de Mount Rushmore State, nei it ferneamde monumint fan Mount Rushmore. De steat is ien fan 'e Dakota's en leit yn it noarden fan it lân. Súd-Dakota wurdt ta de gruttere regio fan it Amerikaanske Midwesten rekkene. De haadstêd is Pierre, mar de grutste stêd is Sioux Falls. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe 853.000 ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 46e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Súd-Dakota mei krapoan 200.000 km² de 17e steat. Súd-Dakota stiet bekend om it Mount Rushmore-monumint, de Black Hills, de grutte Yndianereservaten en it histoaryske Bloedbad fan Wounded Knee.

Etymology Súd-Dakota is ferneamd nei de Dakota, in Yndiaansk folk dat mei de nau besibbe Lakota diel útmakket fan 'e Sû (Sioux).

Geografy Súd-Dakota hat in oerflak fan 199.729 km², wêrfan't 1,7% út wetter bestiet. It wurdt troch de rivier de Missoery fertikaal midstwa spjalten; it diel bewesten de rivier wurdt West River neamd, en it diel eastlik derfan East River. De steat leit ek yn twa tiidsônes: de eastlike helte heart ta de Sintrale Tiidsône (UTC –6, simmertiid –5), wylst de westlike helte ûnderdiel útmakket fan 'e Berchtiidsône (UTC –7, simmertiid –6). De grins tusken de tiidsônes folget lykwols net de rin fan 'e Missoery.

Súd-Dakota wurdt folslein omjûn troch oare Amerikaanske steaten. Yn it noarden grinzget it oan Noard-Dakota, wêrmei't it de regio fan 'e Dakota's foarmet. Yn it noardwesten wurdt de steat begrinzge troch Montana, yn it westen troch Wyoming, yn it suden troch Nebraska, yn it súdeasten troch Iowa en yn it easten troch Minnesota. Súd-Dakota kin opdield wurde yn trije dielen. It eastlike trêdepart fan 'e steat bestiet út in leechlân dat trochsnien wurdt troch rivieren, wêrfan't de Missoery, de James en de Minnesota de grutsten binne. De rivier de Minnesota foarmet yn it uterste noardeasten de grins mei de steat Minnesota.

It westlike twatrêde part fan Súd-Dakota heart fierhinne ta de Grutte Flakten fan Noard-Amearika, in fan oarsprong mei prêrje begroeid gebiet dat heger leit en drûger is as it rivierlân yn it easten. Hoewol't sprutsen wurdt fan 'flakten', is it eins mear in lânskip fan gloaiïge ferheffen en bedelten, mei hjir en dêr ravinen en steile, plattoppige heuvels dy't buttes (útspr. "bjûts") neamd wurde. De Badlands, yn it suden fan 'e steat, binne in krite fan fulkanysk stiente en sterk erodearre heuvels, dy't ryk binne oan fossilen en dêr't net folle groeid, mar dy't lykwols yn 'e regel ta de Grutte Flakten rekkene wurdt.

Yn 'e súdwesthoeke fan 'e steat, ta einbeslút, lizze de Black Hills, in leech berchtme fan steile rotsige, mei nullewâld begroeide piken fan 600 oant 1.200 m heech. Yn 'e Black Hills leit ek it ferneamde Mount Rushmore, in kontroversjeel monumint wêrby't de gesichten fan fjouwer Amerikaanske presidinten (George Washington, Thomas Jefferson, Theodore Roosevelt en Abraham Lincoln) úthoud binne yn 'e rots. Op 27 km ôfstân fan Mount Rushmore is men al sûnt 1948 oan 'e gong om it Tinkteken foar Mâl Hynder út te houwen, in reuseftich byld fan it Lakota-opperhaad Mâl Hynder.

It heechste punt yn fan Súd-Dakota is Harney Peak, yn 'e Black Hills, op 2.207 m boppe seenivo, en it leechste punt is de kust fan 'e Big Stone-mar, mei in hichte fan 294 m boppe seenivo. De langste rivier fan 'e steat is de Missoery. Oare wichtige rivieren binne de Cheyenne, de James, de Grutte Sioux, de Wite Rivier en de Minnesota. Troch de bou fan keardammen binne der yn 'e Missoery fjouwer grutte opslachmarren makke, te witten: de Oahe-mar, de Sharpe-mar, de Francis Case-mar en de Lewis en Clark-mar.

Der binne yn Súd-Dakota 9 Yndianereservaten, dy't mei-inoar likernôch 19% fan it grûngebiet fan 'e steat beslane: ● it Cheyenne River Yndianereservaat ● it Crow Creek Yndianereservaat ● it Flandreau Yndianereservaat ● it Jankton Sû Yndianereservaat ● it Lake Traverse Yndianereservaat ● it Neder-Brulee Yndianereservaat ● it Pine Ridge Yndianereservaat ● it Rosebud Yndianereservaat ● it Standing Rock Yndianereservaat It grutste is it Cheyenne River Yndianereservaat, mei in oerflak fan 11.051,5 km², en fierwei it lytst is it Flandreau Yndianereservaat, mei in oerflak fan mar 20 km². Sawol Lake Traverse as Standing Rock lizze foar in diel yn Noard-Dakota. Hoewol't it Noardlike Sjajinne Yndianereservaat (yn Montana) ornaris net ta de reservaten fan Súd-Dakota rekkene wurdt, binne dêr ferskate perselen bûtenreservaatsk beheargebiet oan keppele dy't yn Meade County, yn Súd-Dakota, lizze, noardeastlik fan 'e stêd Sturgis.

Skiednis De earste bewenners fan it gebiet dat no Súd-Dakota foarmet, wiene Yndiaanske jager-sammelders, dy't neffens argeologysk bewiismateriaal omtrint 7.000 jier lyn út 'e krite ferdwûnen. Tusken 500 en 800 (n.Kr.) waard sintraal en eastlik Súd-Dakota bewenne troch de saneamde Terpbouwers, dy't oan lânbou diene. Tsjin 'e tiid fan it earste kontakt mei de blanken waard in grut diel fan 'e Misourydelling bewenne troch de Arikara, wylst de westlike flakten behearske waarden troch de Lakota, en yn minder mjitte troch de Noardlike Sjajinnen en de Krieën. It súdeasten waard bewenne troch de Dakota, dy't yn 'e mande mei de nau besibbe Lakota it gruttere etnyske ferban fan 'e Sû (Sioux) foarmje.

Yn 1743 wiene de leden fan 'e ekspedysje fan 'e Frânsman Louis-Joseph Gaultier de La Verendrye de earste Jeropeänen dy't Súd-Dakota berikten. Verendrye naam it gebiet yn besit foar de Frânske Kroan, as ûnderdiel fan it gruttere Louisiana. Dy koloanje, dy't him útstriek fan 'e mûning fan 'e Mississppy oant yn wat no Kanada is, kaam yn 1762 ûnder Spaansk bestjoer. Nei't de Spanjerts it gebiet yn 1802 oan Frankryk weromjaan moatten hiene, besleat Napoleon, dy't it doe yn Parys foar it sizzen hie, de koloanje oer te dwaan oan 'e Feriene Steaten, in transaksje dy't syn beslach krige yn 1803, by de saneamde Louisiana-oankeap.

Yn 1804 en 1806 teach de ferneamde Ekspedysje fan Lewis en Clark troch Súd-Dakota, ûnderweis nei en fan 'e Amerikaanske westkust. Yn 1817 stiften de Amerikanen in hannelspost oan 'e Missoery, dy't de namme fan Fort Pierre krige. Dat wie it begjin fan 'e Amerikaanske kolonisaasje fan it gebiet. Yn 1855 kocht it Amerikaanske Leger Fort Pierre oan, mar tanke it yn 1857 al wer ôf doe't Fort Randall, mear nei it suden ta, yn gebrûk nommen waard. Tsjin dy tiid streamden blanke kolonisten stadichoan mar ûnophâldlik nei it gebiet ta, sadat de opperhaden fan 'e Jankton-Dakota, oanfierd troch Slein-troch-de-Ree, har yn 1858 twongen fielden en tekenje in ferdrach wêrby't it meastepart fan eastlik Súd-Dakota oan it Amerikaanske regear oerdroegen waard.

Yn 1861 waard it Dakota-territoarium stifte, dat gearstald wie út 'e hjoeddeistige steaten Súd-Dakota, Noard-Dakota, Montana en Wyoming. Nei't yn 1873 in spoarferbining mei it easten reekaam, naam it tempo fan 'e kolonisaasje sterk ta. Yn 1874 ûntdiek de militêre Ekspedysje nei de Black Hills, ûnder lieding fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer, goud yn 'e Black Hills, en fuortendaliks dêrnei setten goudsikers en oare kolonisten útein mei de kolonisaasje fan dat gebiet by wat de Goudkoarts fan de Black Hills kaam te hjitten. It probleem wie dat de Black Hills foar de Lakota hillich wiene en dat de krite boppedat diel útmakke fan it Grutte Sû Reservaat, dat it Amerikaanske regear de Lakota ûnder de betingsten fan it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, fan 1868, 'foar ivich' taparte hie.

De Grutte Sû-Oarloch fan 1876 briek út nei't de Amerikaanske oerheid wegere om 'e goudsikers út it reservaat te hâlden, wylst de Lakota út noch yn gjin goudsykjen op har hillige lân tastean woene. Yn dy oarloch brochten de Lakota en harren bûnsgenoaten, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, de Amerikanen in ferpletterjende nederlaach ta yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn (yn Montana), wêrby't se it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer fierhinne útrûgen. Uteinlik moasten se lykwols dochs belies jaan, en neitiid waarden de Black Hills en ferkate oare dielen fan it Grutte Sû Reservaat troch it Amerikaanske regear yn beslach nommen en frijjûn foar kolonisaasje, wylst de rest fan it reservaat ferkrommele waard ta fiif lytsere reservaten. (Yn 1980 wiisde it Amerikaansk Heechgerjochtshôf oan acht Lakota- en oare Sû-stammen in skeafergoeding fan goed $105 miljoen ta: $17,1 miljoen dollar foar de merkwearde yn 1877 fan it harren ûnrjochtmjittich ôfnommen lân en $88 miljoen oan rinte. De Lakota woene lykwols it lân sels weromhawwe, en wegeren de skeafergoeding oan te nimmen.)

Nei't Montana en Wyoming al har eigen wei gien wiene, waard it restearjende Dakota-territoarium úteinlik midstwa dield yn it noardlik en in súdlik part. Op 2 novimber 1889 ûndertekene presidint Benjamin Harrison de proklamaasjes dy't de talitting ta de Amerikaanske Uny regelen foar sawol Noard- as Súd-Dakota. Harrison liet de papierren skodzje as wie it in kaartspul, sadat er net ien fan beide nije steaten befoardiele, en it is winliken ûnbekend hokker fan beide proklamaasjes oft it earst tekene waard, en hokker fan 'e steaten oft dus it earste tatrede. Lykwols ornearret men yn 'e regel dat Súd-Dakota de 40e steat fan 'e Uny is.

Underwilens wie ûnder de Lakota de synkretistyske religy fan 'e geastedûns populêr wurden. De oanhingers fan dy pasifistyske beweging, dy't it kristendom kombinearre mei eleminten út 'e foarâlderlike natoerreligyen fan 'e Yndianen, leauden dat se de tiid werom en de troch de blanken útrûge bizons wer ta libben dûnsje koene. As se gjin alkohol mear dronken, harsels ritueel wosken en mar fûlernôch leauden, soene se werberne wurde yn in wrâld sûnder blanken, mar mei al har ferstoarne freonen en famyljeleden. It wie feitliks net mear as it lêste, patetyske besykjen fan in ferrinnewearre kultuer om mei himsels yn it reine te kommen, mar it Amerikaanske regear seach it as in opstannige beweging dy't daliks de kop yndrukt wurde moast. Uteinlik late dy tsjinstelling op 29 desimber 1890 ûnder de Geastedûnsoarloch ta it kweaferneamde Bloedbad fan Wounded Knee, wêrby't ûnder barre winterske omstannichheden 290 Yndianen (wêrûnder 200 froulju en bern) troch it Amerikaanske Leger ôfslachte waarden. (Oan 'e kant fan 'e Amerikanen sneuvelen 25 soldaten, foar in grut part troch freonlik fjoer.) Dizze oarlochsmisdie foarme it slútstik fan 'e Sû-Oarloggen, dy't krapoan fjirtich jier duorre hiene.

Yn 'e 1930-er jierren late in kombinaasje fan oanhâldende drûchte, ekstreem hege temperatueren en dwersferkearde lânboumetoaden yn Súd-Dakota en ferskate oare steaten ta de saneamde Dust Bowl. Dêrby waard de fan syn prêrjebegroeiïng ûntdiene en ta moude útdrûge fruchtbere boppelaach fan 'e grûn troch de wyn fuortblazen yn in oanhâldende rige fan massive stofstoarmen. Ferskate rispingen waarden dêrtroch folslein ferrinnewearre, en om't de Dust Bowl gearfoel mei de Grutte Depresje, koene in protte lytse boeren it doe net mear bolwurkje en giene bankrot. Dat hie wer ta gefolch dat in soad minsken harren lân kwytrekken en op 'e siik nei wurk fuortteagen nei de stêden. Tusken 1930 en 1940 ferlear Súd-Dakota mear as 7% fan syn befolking.