Montana (Ingelsk: Montana; útspr.: [mɒn'tænə], likernôch "m'ntêne"), offisjeel de Steat Montana (Ingelsk: State of Montana), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Montana, byneamd de Treasure State, leit yn it noardwestlike part fan it lân, tsjin 'e Kanadeeske grins oan. De haadstêd is Helena, mar de grutste stêd is Billings. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe rom 1 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 44e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Montana mei krapoan 381.000 km² de 4e steat, nei Alaska, Teksas en Kalifornje. Montana stiet bekend om syn natoerskientme en syn histoaryske lokaasjes.

Namme De namme fan Montana komt út it Spaansk, fan montaña, dat "berch" of "berchlân" betsjut. De Spaanske kolonisators fan Meksiko neamden de hiele krite fan 'e Rocky Mountains dy't noardlik fan harren ynfloedssfear lei nammentlik Montaña del Norte ("Noardlik Berchlân"). De bynamme fan Montana is de Treasure State (de "Skattesteat"), fanwegen it goud en sulver dat der wûn waard (en noch wûn wurdt). In oare bekende bynamme is Big Sky Country ("Lân fan 'e Grutte Loften"), mei't op 'e flakke prêrje fan eastlik en sintraal Montana de loft hiel grut liket (foar lju dy't mear bercheftige kriten wend binne). Slogans dêr't Montana himsels mei oanpriizget, binne fierders Land of the Shining Mountains ("Lân fan 'e Blierkjende Bergen") en "the Last Best Place" ("it Lêste Bêste Plak").

Geografy Montana hat in oerflak fan 380.800 km², wêrfan't 1% út wetter bestiet. Dêrmei is de steat justjes grutter as Japan. Teffens is it de op trije nei grutste Amerikaanske steat, nei Alaska, Teksas en Kalifornje, en de grutste dy't gjin kustline hat. Montana leit yn 'e Berchtiidsône (UTC –7, simmertiid –6). It grinzget yn it easten oan 'e steat Noard-Dakota, yn it súdeasten oan Súd-Dakota, yn it suden oan Wyoming, en yn it súdwesten en westen oan Idaho. Yn it noarden hat Montana in 877 km lange grins mei de Kanadeeske provinsjes Britsk-Kolumbia (yn it noardwesten), Alberta (yn it noarden) en Saskatchewan (yn it noardeasten).

It easten en de midden fan Montana (sa'n 60% fan it oerflak) binne relatyf flak en hearre ta de Grutte Flakten fan Noard-Amearika, dy't fan natuere begroeid binne mei prêrje. It westlike part fan 'e steat, en yn 't bysûnder it súdwesten, wurdt dominearre troch de bergen fan 'e Rocky Mountains, dy't útinoarfalle yn mear as hûndert lytsere berchtmen. Dêrûnder binne de Absaroka- en Beartooth-bergen yn it súdwesten en de Bitterroot-, Coeur d'Alene-, Cabinet-, Anaconda-, Mission-, Garnet-, Flint Creek- en Sapphire-bergen yn it westen en noardwesten. Eastlik fan 'e eigentlike Rocky Mountains rinne noch ferskate lytsere útrinners lykstrekich mei it haadberchtme op, wêrûnder de Madison- en Gallatin-bergen. It heechste punt yn 'e steat is de berch Granite Peak, op 3.904 m boppe seenivo, en it leechste punt is de rivier de Kootenai, oan 'e grins mei Idaho, mei in hichte fan 557 m boppe seenivo.

De grutste rivier fan 'e steat is de Missoery, dy't eastoan streamt en fia de Mississippy úteinlik yn 'e Golf fan Meksiko útmûnet. Oare wichtige rivieren yn Montana dy't ta it rivierestelsel fan 'e Mississippy hearre, binne de Yellowstone, de Bighorn, de Smith, de Milk, de Marias, de Judith, de Musselshell, de Powder en de Tongue. Oan 'e westkant fan 'e Rocky Mountains hearre rivieren as de Clark Fork (net te betiizjen mei de Clarks Fork, in sydstream fan 'e Yellowstone), de Blackfoot, de Bitterroot, de Flathead en de Kootenai ta it rivieresysteem fan 'e Kolumbia, dy't útmûnet yn 'e Stille Oseaan. It uterste noarden fan Montana wetteret fia de Waterton, de Belly en de Saint Mary ôf yn 'e rivier de Saskatchewan, dy't útmûnet yn 'e Hudsonbaai.

De steat Montana omfiemet teminsten 3.223 marren en opslachmarren, wêrûnder de Flathead-mar, de grutste natuerlike swietwettermar yn 'e westlike Feriene Steaten. In oare grutte mar is de Whitefish-mar. De grutste opslachmar is it Fort Peck-reservoir, yn 'e rivier de Missoery. Yn Montana leit fierders it Nasjonaal Park Glacier, dat wol 'de Kroan fan it Kontinint' neamd wurdt, en teffens in lyts stikje fan it ferneamde Nasjonaal Park Yellowstone, wêrûnder trije fan 'e fiif yngongen fan dat nasjonaal park. Ek de yn 1806 ûnder de Ekspedysje fan Lewis en Clark ûntdutsen monolyt Pompey's Pillar is sitewearre yn Montana. In oar bekend gebiet mei in beskerme status is it Nasjonaal Monumint Slachfjild oan de Little Bighorn, dat fan histoarysk belang is. Fierders binne der 12 ûnderskate wyldernisgebieten yn 'e steat en noch ferskillende oare beskerme gebieten. Yn totaal hat 127.000 km² (oftewol 35%) fan Montana de iene of oare foarm fan beskerme status. Teffens omfettet de steat 7 Yndianereservaten, dy't oer it algemien in oansjenlik oerflak hawwe:

● it Fort Belknap Yndianereservaat ● it Fort Peck Yndianereservaat ● it Krieë Yndianereservaat ● it Noardlike Sjajinne Yndianereservaat ● it Platholle Yndianereservaat ● it Rocky Boy's Yndianereservaat ● it Swartfuot Yndianereservaat

Skiednis Foarôfgeande oan 'e kolonisaasje fan it gebiet troch de blanken waard Montana bewenne troch ferskate Yndiaanske folken, wêrûnder de Krieën (Crow) en Sjajinnen (Cheyenne) yn it súdeasten, de Lakota, Odjibwe (Odjibwe), Kry (Cree), Assiniboin (Assiniboine) en Gro Wânt (Gros Ventre) yn it noardeasten, de Swartfuotten yn it noarden en noardwesten, en de Kûtenai, Plathollen (of Bitterroot-Salisj) en Kalispel yn it westen.

It diel fan Montana beëasten de wetterskieding fan 'e Rocky Mountains makke diel út fan 'e Frânske koloanje Louisiana, dy't by de saneamde Louisiana-oankeap fan 1803 troch Napoleon oan 'e Feriene Steaten ferkocht waard. It diel fan 'e steat dat westlik fan 'e wetterskieding leit, makke diel út fan it Oregon-territoarium, dat in gebiet wie dêr't sawol troch de Feriene Steaten as troch Grut-Brittanje (fia Kanada) oanspraak op makke waard. By it Oregonferdrach fan 1846 waard dy regio opspjalten yn in noardlik Britsk diel, dêr't Britsk-Kolumbia út ûntstie, en in súdlik Amerikaansk diel, dat neitiid opdield waard yn 'e steaten Washington, Oregon en Idaho, wylst ek Montana en Wyoming der stikken fan taparte krigen.

De earste permaninte blanke delsetting yn Montana wie de misjepost St. Mary's, dy't yn 1841 stifte waard yn 'e neite fan 'e it tsjintwurdige Stevensville. Fan 'e 1850-er jierren ôf sette de kolonisaasje fan it gebiet troch de blanken útein dy't oer it ferneamde Oregon Trail út it Easten kamen. Dêrby foarmen de dellingen fan 'e rivieren de Beaverhead en de Big Hole it ierste fêstigingsgebiet. Yn 1852 waard goud ûntdutsen by it hjoeddeistige Garrison. Dat wie de earste yn in rige grutte fynsten fan dylchstoffen, wêrûnder ek sulver, koper, lead, stienkoal en letter ierdoalje. Under de 1860-er jierren reizgen tûzenen goudsikers en oare blanken oer it Bozeman Trail, in sydpaad fan it Oregon Trail, fan Wyoming nei de goudfjilden fan westlik Montana.

Bestjoerlik hearden ferskate dielen fan Montana ta it Oregon-territoarium (1848-1864), it Washington-territoarium (1853-1863), it Idaho-territoarium (1863-1864) en it Dakota-territoarium (1861-1864). Op 26 maaie 1864 waard Montana bestjoerlik in apart territoarium, it Montana-territoarium. De earste haadstêd wie Bannack (1864-1865), mar it regear fan it gebiet waard al rillegau ferhuze nei Virginia City (1865-1875), om úteinlik foargoed te Helena fêstige te wurden. De blanke befolking fan it territoarium bestie yn 1870 noch mar út 20.595 persoanen.

De kolonisaasje fan Montana gie net sûnder slach of stjit. Yn 1855 sleat gûverneur Isaac Stevens it Ferdrach fan Hellgate mei de Plathollen, Kalispel en Kûtenai fan westlik Montana, mar troch misferstannen en minne fertaling by de ûnderhannelings duorre strideraasje oer lân yn dy krite noch oant 1891 fuort. Fan 'e 1850-er jierren ôf fûnen yn noardlik Montana wapene konfrontaasjes tusken blanke kolonisten en de Swartfuotten plak, dy't yn 1870 ta in hichtepunt kamen by it Bloedbad fan de Marias, wêrby't troch de Amerikaanske kavalery sa'n twahûndert Swartfuot-froulju, -bern en -âlderein ôfslachte waarden.

Yn it súdeasten fan Montana fierden de Amerikanen yn 1865 de Ekspedysje nei de Powderrivier út, dat in strafekspedysje tsjin 'e Lakota en Sjajinnen wie, dy't lykwols net folle úthelle. Yn 1866 briek yn dyselde kontreien mei de Lakota en Sjajinnen de saneamde Oarloch fan Reade Wolk út nei't it Amerikaanske Leger tsjin 'e ferdraggen yn op Yndiaansk lân in rige forten oan it Bozeman Trail boud hie. De wichtichste slach út dy oarloch, it Fetterman-bloedbad, wie in grutte oerwinning foar de Yndianen. Yn 1868 waard it konflikt beëinige mei it sluten fan it Ferdrach fan Fort Laramie, wêrby't de Amerikanen dermei ynstimden om 'e forten te ûntromjen en ôf te brekken.

Yn 1873 ûntstie der in beheind konflikt doe't lânmjitters in rûte foar it spoar fan 'e Northern Pacific Railroad sochten ûnder de Yellowstone-ekspedysje. Under de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 fûn yn súdeastlik Montana de ferneamde Slach oan de Little Bighorn plak, wêrby't fiif kompanjyen fan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer oan 'e lêste man ta útrûge waarden troch de Lakota en de Sjajinnen. In jier letter die him yn westlik Montana de Nez Persé-Oarloch foar, wêrby't de Nez Persé út har heitelân yn Idaho fia Wyoming en Montana nei Kanada besochten te flechtsjen. Sels mei de Krieën, dêr't de Amerikanen oars goede relaasjes mei ûnderholden, fûn yn 1887 in wapene konfrontaasje plak yn 'e foarm fan 'e Krieë-Oarloch.

Om 'e Yndianen derûnder te krijen rûgen de Amerikanen mei opsetsin de ûnbidige keppels Amerikaanske bizons út, dy't it wichtichste iten fan 'e Yndianen foarmen. Neffens guon skattings wiene der yn 1870 noch 13 miljoen fan dy grutte kobisten yn Montana; yn 1884 wiene der noch 325 eksimplaren oer yn 'e hiele Feriene Steaten. It plak fan 'e bizons waard ynnommen troch kij. De feeboer Nelson Story brocht yn 1866 de earste keppel Texas longhorns nei Montana ta, en neitiid ûntjoech de steat him ta ien fan 'e wichtichste feeweiderijgebieten fan 'e Feriene Steaten. Dat waard mooglik makke troch de oanlis fan 'e Northern Pacific Railroad (1883) en de Great Northern Railroad (1887), dêr't it slachtfee yn treinwagons oer ôffierd wurde koe nei de slachthuzen fan Chicago en oare stêden yn it Easten.

Op 8 novimber 1889 waard Montana as de 41e steat ta de Amerikaanske Uny talitten. Begjin tweintichste iuw waarden de prêrjegebieten fan 'e steat kolonisearre en foar in diel yn kultuer brocht mei yrrigaasjeprojekten. Under de Earste Wrâldoarloch tsjinnen likernôch 40.000 Montaansters yn 'e Amerikaanske Striidkrêften, wat delkomt op sa'n 10% fan 'e befolking, nei ferhâlding mear as út hokker oare steat ek. Dêrfan kamen sa'n 1.500 man te sneuveljen, wylst nochris 2.437 oaren ferwûne rekken. Fierders levere Montana 10.000 kavaleryhynders foar de oarlochsynset. Yn febrewaris 1918 feardige it Steatskongres fan Montana de Oprokkeningswet fan Montana út, wêrmei't krityk op it Amerikaanske regear en leger kriminalisearre waard. Under dy wet waarden mear as 200 minsken oppakt, wêrfan't 78 feroardiele waarden. Dat wiene yn 'e regel pasifisten, dy't yn 40% fan 'e gefallen finzenisstraffen oplein krigen. Yn maaie 2006 feardige gûverneur Brian Schweitzer postúm in folsleine amnesty út foar alle lju dy't feroardiele wiene ûnder de Oprokkeningswet.