Foarfallen 10 febrewaris - Under de betingsten fan 'e Frede fan Parys, dy't in ein makket oan 'e Frânske en Yndiaanske Oarloch yn Noard-Amearika, stiet Frankryk al syn koloniale besittings yn dat wrâlddiel ôf oan 'e Britten, ynklusyf Kebek, Louisiana, Kaap Bretoneilân en Fermont. Frankryk behâldt inkeld Nijfûnlân en de eilantsjes Sint-Pierre en Miquelon. Spanje, in bûnsgenoat fan 'e Frânsen, stiet by dizze selde Frede fan Parys Floarida ôf oan 'e Britten. 15 febrewaris - Mei de Frede fan Hubertusburg komt der in ein oan 'e Sânjierrige Oarloch. 14 juny - Oproer op it VOC-skip Nijenburg sûnder datum - Katarina de Grutte, de keizerinne fan Ruslân (dy't sels fan Dútsk komôf is) furdiget in dekreet út dat foar Dútsers frije ymmigraasje yn Ruslân mooglik makket. Benammen yn tinbefolke kriten, lykas op 'e flakten fan 'e Oekraïne en oan 'e ouwers fan de Wolga, fêstigje har tûzenen Dútsers. Dêrby giet it faak om lju dy't yn har heitelân om harren leauwe ferfolge wurde, lykas minnisten.

Berne 13 jannewaris - Pieter Cats, Frysk keapman en deputearre († 1832) 26 jannewaris - Jean-Baptiste Jules Bernadotte, Frânsk maarskalk dy't letter ûnder de namme fan Karel XIV Jehan kening fan Sweden (en as Karel III Jehan kening fan Noarwegen) wie († 1844) 6 maart - Jean-Xavier Lefèvre, Switsersk-Frânsk klarinettist, muzykpedagooch en komponist († 1829) 24 maart - Sebald Justinus Brugmans, Frysk dokter, botanikus en heechlearaar († 1819) 8 maaie - Johannes Goldberg, Nederlânsk politikus († 1828) 23 juny - Josephine de Beauharnais, keizerinne fan Frankryk († 1814)

Ferstoarn 29 jannewaris - Johan Ludvig Holstein, kânselier fan Denemark (* 1694) 12 febrewaris - Pierre Carlet de Marivaux, Frânsk skriuwer (* 1688) 9 augustus - Jan Althuysen, Frysk skriuwer (* 1715) 30 augustus - Kening Hagler (King Hagler), opperhaad fan 'e Katôba (* 1700) 17 desimber - karfoarst Freark Kristiaan fan Saksen (* 1722)

Kategory:18e iuw