Foarfallen 19 juny - De boer en herbergier Jean Chastel sjit it Bist fan Gévaudan dea, dat súdlik-sintraal Frankryk trije jier lang terrorisearre en mear as hûndert minsken de dea ynjage hat. 3 july - De âldste, noch besteande, krante fan Noarwegen, Adresseavisen, ferskynt foar it earst. 24 augustus - De earste offisjele fierljepwedstriid wurdt holden yn Baard. 4 oktober - Steedhâlder Willem V fan Oranje-Nassau boasket oan Wilhelmina fan Prusen. sûnder datum - Duerswâld kriget mei de Opsterlânske Kompanjonsfeart ferbining mei De Gordyk. sûnder datum - Epke Roos van Bienema lit it bûten Feanwyk, yn Aldskoat, fergrutsje, it Woutersberchje opsmite en in grêfkelder oanlizze.

Berne 11 jannewaris - Gerrit van der Wielen, Frysk arsjitekt († 1858) 15 maart - Andrew Jackson, presidint fan 'e Feriene Steaten († 1845) 29 maaie - Julius Coulon, Frysk dokter († 1843) 11 july - John Quincy Adams, presidint fan 'e Feriene Steaten († 1848) 2 augustus - Johannes Galenus fan Sytzama, Frysk militêr en politikus († 1839) 12 septimber - Nicolaas Baur, Frysk keunstskilder († 1820)

Ferstoarn 25 juny - Georg Philipp Telemann, Dútsk komponist, dirigint en oargelist (* 1681)

Kategory:18e iuw