Foarfallen 14 jannewaris - De Frijmitselers wurde aktyf yn Grins 17 jannewaris - Steatsgreep yn Denemark. De ferljochte steatsminister Struensee wurdt ôfsetten en oppakt. Syn fernijings lykas de ôfskaffing fan de sinsuer en fan marteling, wurde ûngedien makke. 24 jannewaris - De Crozeteilannen wurde ûntdekt troch de ekspedysje fan Marc-Joseph Marion du Fresne, in Frânske ûntdekkingsreizger en opeaske foar Frankryk. 22 septimber - De Earste Poalske Dieling: Ruslân, Prusen en Eastenryk anneksearje alletrije in oansjenlik part fan it Poalske Mienebêst. sûnder datum - Der wurdt foar it earst skreaun oer de heechfeankoloanje Kompenije. sûnder datum - De tsjerke (mei sealdaktoer) fan Surch wurdt ôfbrutsen, mar de toer bliuwt stean om syn funksje as beaken foar de skipfeart. sûnder datum - De Republyk wurdt troffen troch in rige fallisseminten yn de bankewrâld. Dat is noch in gefolch fan de Sânjierrige oarloch en fan minne belizzings yn de Britske Eastyndyske Kompanjy. sûnder datum - Daniel Rutherford ûntdekt it gemyske elemint stikstof.

Berne 4 juny - Jan Reinders Radersma, Frysk oargelbouwer († 1816) 24 augustus - kening Willem I fan de Nederlannen († 1843) 21 oktober - Samuel Taylor Coleridge, Ingelsk dichter en kritikus († 1834)

Ferstoarn 8 febrewaris - Augusta fan Saksen-Gotha-Altenburg, prinsesse fan Wales (* 1719) 29 maart - Emanuel Swedenborg, Sweedsk wittenskipper, filosoof en teolooch (* 1688) 18 juny - Gerard van Swieten, Nederlânsk-Eastenryksk dokter (* 1700)

Kategory:18e iuw