Foarfallen 14 febrewaris - James Cook komt om by in troch himsels folslein ferkeard ynskatten konfrontaasje mei de lânseigen befolking fan 'e Hawaï-eilannen. 12 april - Nei it sluten fan it Ferdrach fan Aranjuez nimt Spanje as in bûnsgenoat fan 'e Feriene Steaten diel oan 'e Amerikaanske Unôfhinlikheidsoarloch. sûnder datum - Kollum krijt in eigen Waachgebou.

Berne 5 febrewaris - Frans van Campenhout, Flaamsk sjonger, dirigint en komponist († 1848) 22 febrewaris - Joachim Nicolas Eggert, Sweedsk komponist en dirigint († 1813) 9 july - Isabelle de Gélieu, Switsersk skriuwster en oersetster († 1834) 18 oktober - Willem Hindrik Scheltes van Heemstra, Frysk militêr en politikus († 1826)

Ferstoarn 7 febrewaris - William Boyce, Ingelsk komponist (* 1711) 14 febrewaris - James Cook, Ingelsk ûntdekkingsreizger (* 1728) 6 april - Tommaso Traetta, Italjaansk komponist (* 1727) 21 augustus - Murk van Phelsum - Frysk dokter en biolooch (* 1732) 2 septimber - Onno Zwier van Haren, Frysk skriuwer, diplomaat en politikus (*1713)

Kategory:18e iuw