Foarfallen 19 april - De Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen erkent de FS as selsstannige steatsienheid en wol diplomatike betrekkingen oangean. Nicolaas van Staphorst organisearret in earste liening oan de FS fan fiif miljoen gûne. 29 juny - Mei 30 graden Celsius, mjitten yn Utert, is dit de waarmste dei fan it jier. 30 novimber - De fredesbetingsten, opsteld troch Benjamin Franklin en John Adams, wurde troch Ingelân en de Ferienen Steaten akseptearre. sûnder datum - De Ingelsen nimme op 'e nij it Fort Amsterdam yn. sûnder datum - It tsjerkje fan Lytsewâld wurdt boud. sûnder datum - By Boarnsweach wurdt oan de Langwarder Wielen de Sweachmermole boud.
Berne 20 jannewaris - Lucas Pieters Roodbaard, Nederlânsk túnarsjitekt († 1851) 21 april - Friedrich Wilhelm August Fröbel, Dútsk opfiedingsdeskundige († 1852) 11 oktober - Steen Steensen Blicher, Deensk skriuwer, dichter en predikant († 1848) 5 desimber - Martin Van Buren, presidint fan 'e Feriene Steaten († 1862)
Ferstoarn 17 maart - Daniel Bernoulli, Nederlânsk-Switsersk wis- en natuerkundige (* 1700) 24 septimber - Hylke Jans Kingma, Frysk skipper, reder, skipsbouwer en keapman (* 1708) 21 novimber - Jacques de Vaucanson, Frânsk útfiner fan de robot (* 1709)
Boukeunst
Kategory:18e iuw