Foarfallen 4 febrewaris - George Washington wurdt keazen ta earste presidint fan de Feriene Steaten. 14 july - Mei de Bestoarming fan de Bastille begjint de Frânske Revolúsje. 18 juny - Keizer Joazef II skaft de Blide Ynkomst ôf, de feitlike grûnwet fan it Hartochdom Brabân. sûnder datum - De Dútske skiekundige Martin Heinrich Klaproth ûntdekt de stof uranium. sûnder datum - Antoine Lavoisier is fan oardiel dat it totaal oan matearje yn de wrâld ûnferoare bliuwt en identifisearret soerstof as dat diel fan 'e loft dat by de ferbrâning opbrûkt wurdt. sûnder datum - De mûne 'De Rozenboom' wurdt yn Huzum boud. (Sil letter yn Hantum komme te stean.)
Berne 2 juny - Maurits Pico Diederik baron fan Sytzama, Frysk politikus en bestjoerder († 1848) 15 septimber - Engelbertus Batavus van den Bosch, Nederlânsk minister en militêr († 1851) 15 septimber - James Fenimore Cooper, Amerikaansk skriuwer († 1851) 23 oktober - Joast Hiddes Halbertsma, Frysk skriuwer en predikant († 1869)
Ferstoarn 27 april - Antonius Brugmans, Frysk filosoof en natuerkundige (* 1732) 4 juny - kroanprins Loadewyk Joazef fan Frankryk (* 1781)
Kategory:18e iuw