thumb|Amy Macdonald 2008

Amy Macdonald (Glasgow, 25 augustus 1987) is in sjongster út Skotlân. Har debútalbum This Is the Life kaam yn Grut-Brittanje binnen op it twadde plak en yn Skotlân op it earste plak. Ek berikte dit album yn fjouwer dagen tiid dêr de goudene status. Ek yn Nederlân brocht it album inkele wiken yn de top 10 troch.

Sy hie yn Nederlân in hit mei de single This is the Life. Har plaatsjes binne ek geregeldwei te hearren by Omrop Fryslân. Har eardere hit wie Mr. Rock and Roll.

Biografy Amy stiet al fan har fyftjinde ôf op it poadium mei akoestyske optredens. Har muzyk wurdt ûnder oare beynfloede troch Travis en The Libertines. Se hie in platekontrakt mei Vertigo en is ferloofd mei fuotballer Steve Lovell.

Yn Nederlân joech sy optredens yn ít foarprogramma fan Paul Weller (2007) en yn de boppeseal fan Paradiso (3 maart 2008). Op 31 maaie 2008 wie sy ek op Pinkpop oanwêzich, krekt as yn augustus op Lowlands. Yn de telefyzjeútstjoering "Mooi! Weer de Leeuw" op 13 septimber 2008 trede sy op mei it nûmer "Mr. Rock 'n Roll".

Op 1 maart 2010 kaam de nijee single "Don't Tell Me That It's Over" út, de earste single fan har tweede album A Curious Thing (2010). Har tredde album, Life in a Beautiful Light, kaam yn 2012 út. Sawol yn Antwerpen as yn Rotterdam die hja mei oan de Night of the Proms 2013.

Diskografy Albums 2007 · This Is the Life 2010 · A Curious Thing 2012 · Life in a Beautiful Light

Singles 2007 · Poison Prince 2007 · L.A. 2007 · This Is the Life 2008 · Mr. Rock & Roll 2009 · Run 2010 · Don't Tell Me That It's Over 2010 · Spark 2010 · This Pretty Face 2010 · Love Love 2010 · Your Time Will Come 2012 · Slow It Down 2012 · Pride 2012 · 4th of July

Ep's 2007 · Amy Macdonald 2007 · Live from Glasgow 2008 · This Is the Life: Deluxe Edition 2010 · A Curious Thing: Deluxe edition 2010 · A Curious Thing: Special Orchestral Edition 2011 · Love Love UK & European Arena Tour LIVE 2010

Keppeling om utens Webstee Amy Macdonald

Kategory:Skotsk sjonger Kategory:Skotsk muzikant Kategory:Skotsk gitarist Kategory:Skotsk lietsjeskriuwer Kategory:Clan Donald Kategory:Persoan berne yn 1987