Foarfallen 1 febrewaris - It VOC-garnizoen yn Fort Zeelandia jouwe har oer oan 'e Sineeske kriichshear Koxinga (Zheng Chenggong). Hjirmei komt in ein oan hast fjirtich jier Steatske hannelsmacht op Formosa (Taiwan). 21 maaie - Kening Karel II fan Ingelân boasket oan 'e Portegeeske prinsesse Katarina fan Braganza. As breidsskat draacht Portegal de Yndyske stêd Bombay oan Ingelân oer. sûnder datum - Amsterdam is útgroeid ta de machtigste hannelsstêd yn de wrâld en hat mear as 100.000 ynwenners. sûnder datum - Frankryk anneksearret Dúntsjerk. sûnder datum - Der wurdt in oerienkomst sletten tusken de Republyk fan de Feriene Nederlannen en Ingelân, mar der is twifel oer hoe lang dy oerienkomst stânhâlde sil. sûnder datum - De tsjerke fan Harich stoart yn.
Berne 26 april - Marije Louise fan Orléans, keninginne-gemalinne fan Spanje († 1689) 30 april - keninginne Marije II fan Ingelân, Skotlân en Ierlân († 1694)
Ferstoarn 9 febrewaris - Judith Shakespeare, Ingelsk húsfrou, dochter fan William Shakespeare (* 1585) 19 augustus - Blaise Pascal, Frânsk filosoof, teolooch, wis -en natuerkundige (* 1623)
Kategory:17e iuw