Rinke Tolman (Eastersee, 25 maaie 1891 - Amersfoart, 12 maart 1983) wie in Frysk fjildbiolooch, natoerkenner, skriuwer fan natuerboeken, sjoernalist en dichter. De gemeente Soest beneamde him ta eareboarger en rikt sûnt 1993 de trijejierlikse Rinke Tolman-poëzijpriis út.

Biografy Jonkheid Rinke Tolman waard op 25 maaie 1891 berne yn Eastersee by de Tsjûkemar, as soan fan Tjibbe Tolman en Jantje Koopman. Hy waard Rinke neamd nei syn pake fan memmekant. Twa jier nei Rinke's berte ferhuze it gesin nei Wytgaard. Dêr groeide er op en learde er fisken en ljipaaisykjen. Nei de legere skoalle gie er nei de normaalskoalle yn Ljouwert. Dêrfoar moast er alle dagen fan Wytgaard nei Ljouwert rinne. Yn 1903 ferstoar syn mem yn de âldens fan mar 37 jier.

Yn 1907 die er talittingseksamen foar de Rykskweekskoalle yn Grins. Flak foar it eksamen yn 1910 krige er problemen mei de direkteur: Een klein geschil, de moeite niet waard, maar het was oorzaak dat de Friese stijfkop de benen nam. Strijbos 1976, s. 132 Yn 1911 gie Tolman yn militêre tsjinst. It jier dêrnei ferfette er syn stúdzje foar ûnderwizer yn Amsterdam. Yn 1913 die er eksamen, mar dêr sakke er foar (ûnder oare fanwegen in ûnfoldwaande foar it fak kennis der natuur). Hy krige kunde oan de Amsterdamske ûnderwizeres Catharina Roelina (Käthe) Mussche. Se trouden op 21 oktober 1914. de Groot & Veen 1991, s. 5 en 6

Sjoernalist Om troch de tiid te kommen begûn Tolman filmbesprekkingen skriuwen foar it wykblêd De Groene Amsterdammer en boekbesprekkingen foar it blêd Op de Hoogte: maandschrift voor de huiskamer Op de Hoogte: maandschrift voor de huiskamer is opnommen yn de seleksje fan tydskriften dy't troch de Koninklijke Bibliotheek digitalisearre wurde sille (sjoen 2014-08-15) . Al gau begûn er ek natuersketsen te skriuwen foar de NRC. Yn 1918 krige er in tydlike baan by it Utrechtsch Provinciaal en Stedelijk Dagblad op de redaksje bûtenlân. Hy learde ferskate frjemde talen, wat letter te pas kaam doe't er Noarske, Sweedske en Deenske natuerboeken oersette. Nei 't er in fêste betrekking krige by it Utrechts Dagblad, fêstige er him mei Käthe yn de stêd Utert. In skoftke letter ferhuzen se nei Den Dolder. Yn 1922 ferhuze it pear nei in wenning oan de Nieuweweg yn Soest. Yn 1920 waarden syn natuerfeuilletons út it Utrechts Dagblad bondele as De bloei der seizoenen en útjûn by Oosthoek. Doe't Tolman beneamd waard ta redakteur bûtenlân, koed er ferhúzje fan de Nieuweweg nei Huize Vredehof oan de Bosstraat yn Soest. Yn 1934 waard haadredakteur Ritter, freon en beskermhear fan Tolman, opfolge troch dr. Loohuis, dy't dúdlik pro-Dútske sympatyen hie. Dat late derta dat Tolman syn baan opsizze moast. de Groot & Veen 1991, s. 8/10

Dichter Rinke Tolman debutearre al yn 1914 as dichter yn it Fryske wykblêd Sljucht en Rjucht. Hy fielde him besibbe mei de Jongfriezen en waard beynfloede troch de Tachtigers. Hy hat hûnderten gedichten skreaun dy't meast ferskynden yn tydskriften (Kristussonnetten yn: Yn ús eigen taal, 1916). Ta in bondeling fan syn dichtwurk is it nea kommen. Tolman hat guon wurken fan skriuwers oerset yn it Frysk, sa makke er mei Douwe Kalma in oersetting fan de roman Alastor fan Percy Bysshe Shelley. Fan syn hân is ek it bondeltsje Folksforhalen (1929) fan Leo Tolstoj. In botsing mei Douwe Kalma wie mei de oanlieding dat Tolman ophold mei dichtsjen en earst wer begûn nei syn santichste jierdei. <ref>Foar in wiidweidich oersjoch fan online teksten fan Tolman oer (Fryske) letterkunde en sekundêre literatuer sjoch [https://www.dbnl.org/auteurs/auteur.php?id=tolm001 Rinke Tolman] yn de DBNL</ref> Priuwke In sitaat út it gedicht Jûnstinken:Aaisiker wie ik, angler, fûgler, blommeploitser.Djip ûnder 't klaad fan himels simmertinte,Djip ûnder 't fjowerjen fan de wolkens,Foel 't ritme fan myn fuotten gear,Mei 't ritme fan myn swalkersnocht.... Natuermagazine Tolman syn winsk om krekt as Jac. P. Thijsse in natuerblêd út te jaan komt út yn 1929 as it blêd De Wandelaar ferskynt. It moat dan konkurrearje mei al folle langer besteande blêden as De Levende Natuur. De ferkeap fan De Wandelaar rint yn 1935 werom en de útjouwer beslút om Tolman dien te jaan. Yn 1937 slagget it him om wer in nij natuerblêd útkomme te litten: In weer en Wind. Op 4 maaie 1942 wurdt Tolman troch de Grüne Polizei oppakt en nei it Kamp Sint-Michielsgestel brocht. Hy soe dêr oant 19 febrewaris 1943 as gizeler finzen set wurde. Mei syn frou soe er yn 1948 it bondeltsje Wij vergeten niet... , verzen van oorlog en bevrijding skriuwe ûnder de skûlnamme R. van Oosterzee. Dêryn is in gedicht opnaam oer Sint-Michielsgestel. De papierkrapte makke dat it útkommen fan In Weer en Wind hieltyd dreger wurdt. It tal abonnees rint troch de oarloch bot werom. Yn 1950 fusearje De Wandelaar en In Weer en Wind mei as haadredakteur Fop I. Brouwer. De titel De wandelaar in weer en wind soe oant 1955 bestean bliuwe.

Soest Fan 1947 oant 1949 wie Tolman lid fan de gemeenteried foar de Partij van de Arbeid. Dit soe liede ta in plukferbod fan klokjesgentiaan en giele brem yn de gemeente. Doe't de gemeente plannen makke foar in Sintrumplan dat nea realisearre wurde soe moast Rinke Tolman ferhúzje fan syn hûs oan de Parklaan nei in flat oan de râne fan de Soester Eng. J. Visser yn: Het Eemland 2, Utrechtse biografieën - levensbeschrijvingen van bekende en onbekende Eemlanders, s. 207 Tolman hat in protte skreaun oer de omkriten fan Soest. Net allinne oer de Soester Dunen en de Soester Eng, mar ek de Iempolders en het Soesterfean.Brongers 1998, s. 282 Yn 1973 skreau er foar it lêst oer de Soester natuer. Tolman hat ek lange tiid in fergunning hân fan de Nederlânske Spoarwegen om de spoarbermen op te gean en dêr natuerstúdzje te dwaan.

Yn Soest stie earder oan de Smitswei de Rinke Tolmanskoalle. Op it plak fan de skoalle stiet tsjintwurdich in breed edukatyf sintrum. Der is ek in Rinke Tolmanpaad dat fan de Parkleane nei de Koloanjewei rint, oan de râne fan de Engh.

Nei't er opnaam wie yn ferpleechhûs De Lichtenberg ferstoar er yn 1983. Op syn grêf op it Algemiene Begraafplak Soest oan de Veldweg op de Soester Eng siert in ljip syn grêfstien. Om syn 100ste bertedei te betinken waard troch Museum Soest in útstalling fan syn wurk en dat fan geastbesibbe tiidgenoaten ynrjochte.

Bibliografy In kar: Landschappen en seizoenen (4 dielen) Kijk uit je ogen (6 dielen, mei W.M. Kruseman Zo leer je vogels kennen. Diel 2 Zo leer je vogels kennen. Diel 3: Exotische volièrevogels Een krans van groen De kievit. Een monografie over onze nationale vogel. Zo leer je vogels kennen. deel 4: Exotische volièrevogels Door hei en polder (mei J.I. van Schaick) Door veld en beemd (mei J.I. van Schaick) Dr. Jac. P. Thijsse, een groot Nederlander Albums fan Kanis & Gunnink Rinke Tolman makke tegearre mei yllustrator Rein Stuurman in oantal plaatje-albums foar kofjebaanderij Kanis & Gunnink: Kromme snavels, scherpe klauwen 1-29 (1950) Al in de groene weei 1 o/m 32 (1952) Dieren als toeristen 1 o/m 32 (1953) Lief en leed der zoogdieren 1 o/m 48 (1954) Gevleugelde muzikanten, diel 1 o/m 48 (1954) Luister van Zuid-Friesland 1 o/m 52 (1956) Vogelglorie 1 o/m 48 (1957) Schoon en nijver Zuid-Groningen 1 o/m 52 (1957) Veluwe vacantieland 1 o/m 52 (1958) '''t Allernieuwste land 1 o/m 52 (1963) Zo leer je de vogels kennen II 51 o/m 100 (1961) Zo leer je de vogels kennen III 101 o/m 150 (1962) Zo leer je de vogels kennen IV 101 o/m 150 (1963)

Fertalingen Bengt Berg, Met de trekvogels naar Afrika (1927) Bengt Berg, Abu Markúb(1928) Bengt Berg, Mijn vriend uit Lapland (1929) Bengt Berg, De laatste arenden (1930) Bengt Berg, De vliegende draak, de lammergier van de Himalaya (1932) Bengt Berg, De liefdesgeschiedenis van een wilde gans (1930) Kurt Bauer en Fred Spilzenberger. Vogelparadijzen der wereld (1968) William Bridges, Zie en ken alle wilde dieren der aarde A. Dinand, Zakboek der geneeskunde F.M.Engel, Het nieuwe vogelboek Albro Paul, Insecten, een fantastische wereld Mikkjèl Fönhus, De wildernis bruist Hans Hvass en Sikker Hansen, Bij de dieren buiten Hans Hvass, Vogels der wereld Hans Hvass, Reptielen en amphibieën der wereld Konrad Günter, Het leven der dieren Konrad Günter, Het leven der insecten Bertha Morris Parker, De wondere natuur Ludwig-Koch-Joenberg en Rinke Tolman, Planten Brehm Friedrich Schnack, Het wondere leven der vlinders Frank S. Stuart, Wilde wieken Frank S. Stuart, Een duiker uit de Poolzee Frank Wenzel, Sprookjesvogel: de wespendief

Literatuer (1998) - Historische encyclopedie van Amersfoort. Amersfoort : Uitg. Filatop. Online te rieplachtsjen op de webside fan Archief Eemland - hjir it lemma "Tolman". (1991) - Rinke Tolman, de wandelaar in weer en wind. Soest : Historische Vereniging Soest / Stichting Oud Soest. 64 siden. (1976) - Vogelvrij : mensen en tijden die ik gekend heb. Haarlim/Antwerpen : Schuyt & Co. ISBN 90 6097 067 5. 154 siden.

Keppeling om utens In tal sprutsen oantinkens oan Rinke Tolman op it webstee fan de Histoaryske Feriening Soest.

Kategory:Frysk biolooch Kategory:Fjildbiolooch Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk dichter Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Frysk sjoernalist Kategory:Frysk oersetter Kategory:Oersetter nei it Frysk Kategory:Nederlânsk biolooch Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Nederlânsk oersetter Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Eastersee Kategory:Persoan berne yn 1891 Kategory:Persoan stoarn yn 1983