Firginia (Ingelsk: Virginia; útspr.: [vəɹ'ʤɪɲə], likernôch "w'rdzjinje"), offisjeel it Mienebêst Firginia (Ingelsk: Commonwealth of Virginia), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Firginia, byneamd de Old Dominion State of koartwei it Old Dominion, leit yn it easten fan it lân oan 'e kust fan 'e Atlantyske Oseaan, en heart ta de regio fan it Amerikaanske Suden. De haadstêd is Richmond, mar de grutste stêd is Virginia Beach. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe goed 8,3 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 12e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Firginia mei krapoan 111.000 km² de 35e steat. Firginia stiet bekend om syn (foar Amerikaanske begripen) lange skiednis, om syn neite ta de Amerikaanske federale haadstêd Washington, D.C., om it Pentagon en it Nasjonaal Begraafplak Arlington, en om 'e liedende rol dy't de steat spile yn 'e Konfederearre Steaten fan Amearika ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch.

Etymology Firginia kaam oan syn namme doe't it yn 1584 troch Ingelske ûntdekkingsreizgers foar de Ingelske Kroan yn besit nommen waard. It is net alhiel dúdlik wêr't de namme op basearre wie. Der wurdt faak foar wier ferteld dat it ôflaat wie fan 'e bynamme fan keninginne Elizabeth I fan Ingelân, dy't har the Virgin Queen ("de Keninginne yn Fammesteat") neame liet, in ferwizing nei de myte dat hja har hiele libben faam bleaun wêze soe. In oare teory is dat de earste Ingelske ûntdekkingsreizgers fûnen dat it sa'n ûnoantaast gebiet wie, as in faam, yn it Latyn virgina. Noch wer in oare teory is dat de namme ôflaat is fan in namme of oantsjutting yn in lânseigen taal: Wingandoacoa of Wingina.

Yn elts gefal is Firginia mei Kentucky, Massachusetts en Pennsylvania ien fan fjouwer Amerikaanske steaten dy't harsels "mienebêst" neame. Lykwols hat dat gjin inkele juridyske betsjutting, mar komt it allinnich fuort út in histoaryske ûntwikkeling. De bynamme the Old Dominion krige de steat yn 'e koloniale tiid fan kening Karel II fan Ingelân, om't de koloanje Firginia ûnder de Ingelske Boargeroarloch de monargy trou bleaun wie.

Geografy Firginia hat in oerflak fan 110.785,7 km², wêrfan't 7,4% út wetter bestiet. It leit yn 'e Eastlike Tiidsône (UTC –5, simmertiid –4), en grinzget oan 'e steat Noard-Karolina yn it suden; de steat Tennessee yn it uterste súdwesten; de steat Kentucky yn it uterste westen, de steat West-Firginia yn it westen en noardwesten; en de steat Marylân en it federale Distrikt Kolumbia, dêr't de Amearikaanske haadstêd Washington, D.C. leit, yn it noarden. De súdgrins fan 'e Firginia is in rjochte line dy't eins persiis op 36°30′ noarderbreedte lizze moatte soe, hoewol't er dêr troch flaters makke troch de oarspronklike lânmjitter soms in hiel stik fan ôfwykt. It ferrin fan 'e grins mei Tennessee waard pas yn 1893 fêstlein, doe't dy kwestje beslist waard troch it Amerikaansk Heechgerjochtshôf. De noardgrins mei Marylân en it Distrikt Kolumbia folget de leechwetterline oan 'e súdlike igge fan 'e rivier de Potomac.

Yn it easten wurdt Firginia begrinzge troch de Atlantyske Oseaan, en it leechste punt fan 'e steat is it strân oan 'e Atlantyske kust. It noardlike twatrêde part fan 'e kustline leit eins oan 'e Chesapeakebaai, dat in see-earm fan 'e oseaan is dy't nei it noarden en noardwesten ta Noard-Amearika ynkringt en it fêstelân skiedt fan it Delmarva-skiereilân. Op 'e súdpunt fan dat skiereilân, dat fierders ta it grûngebiet fan 'e steaten Marylân en Delaware heart, lizze twa countys fan Firginia, dy't de saneamde Eastkust fan Firginia foarmje. Mei't in grut part fan 'e rivieren fan Firginia yn 'e Chesapeakebaai útmûnje, wêrûnder de Potomac, de James, de Susquehanna, de Rappahannock en de York, bestiet de Firginiaanske kustline dêre út trije grutte skiereilannen, dy't nei it súdeasten ta útstekke yn 'e baai. Fan noard nei súd binne dat de Northern Neck, it Middelskiereilân en it Firginia-skiereilân.

Geografysk en geologysk kin Firginia opdield wurde yn fiif regio's, dy't fan east nei west troch de steat rinne. De Tidewaterflakte is in leechlân dat in brede stripe grûn by de Atlantyske kust lâns beslacht en dêr't ek de Eastkust fan Firginia ta heart. Westlik dêrfan leit it heuvelige foarlân fan 'e Appalachen, dat yn it Ingelsk de Piedmont neamd wurdt. Dêrta hearre ek de Súdwestlike Bergen yn 'e krite om Charlottesville hinne. Noch fierder nei it westen rint yn in smelle line it Blue Ridge-berchtme, de eastlike berchrige fan 'e Appalachen, fan it súdwesten nei it noarden dwers troch de steat. Yn dy krite leit it heechste punt fan Firginia, de berchtop fan 'e Mount Rogers, dy't 1.746 m boppe seenivo útstiket. Efter dy berchkaam lizze de legere bergen en dellingen fan 'e binnenste Appalachen, en it uterste westen fan 'e steat omfiemet noch in stikje fan it Cumberlandplato. Der is yn Firginia ien federaal Yndianereservaat, te witten it Pamunky Yndianereservaat.

Skiednis Prehistoarje De ierste Yndiaanske bewenners setten har omtrint 10.000 f.Kr. op it grûngebiet fan it tsjintwurdige Firginia nei wenjen. Tsjin 3000 f.Kr. ûntstiene der de earste permaninte delsettings, en omtrint 900 nei Kr. begûn men der gewaaksen te ferbouwen. Tsjin 1500 hiene Algonkwynske folken op 'e Tidewaterflakte lytse stedsjes stifte, lykas Werowocomoco. Yn dyselde tiid waard it westen fan Firginia bewenne troch Sûaanske folken, en it uterste noarden en it suden troch Irokeeske folken. Nei 1570 ferienen de Algonkwinen út 'e midden en it eastlike part fan Firginia har ûnder lieding fan it opperhaad Powhatan fierhinne yn 'e Pouhattan-konfederaasje. Dat steatsferbân bestie út stammenn dy't in mienskiplike taal dielden, it Firginiaansk-Algonkwynsk, en omfette mear as 150 delsettings. Yn 1607 moat it in befolking fan 13.000 oant 14.000 minsken hân hawwe.

Koloniale tiid De earste Jeropeeske ûntdekkingsreizgers dy't Firginia oandiene, wiene de leden fan ferskate ekspedysjes dy't yn 'e sechstjinde iuw de kusten fan 'e Chesapeakebaai ferkenden, wêrûnder in groep Spaanske jezuïten. Yn 1583 skonk keninginne Elizabeth I fan Ingelân oan admiraal Walter Raleigh by oarkunde it rjocht om noardlik fan Spaansk-Floarida in koloanje te stiftsjen. It jiers dêrop stjoerde Raleigh in ekspedysje nei de eastkust fan Noard-Amearika, dy't ûnder de namme 'Virginia' dat hiele gebiet, fan Súd-Karolina oant Maine plus it eilân Bermuda, foar de Ingelske Kroan yn besit naam. Nei't de iere koloanje te Roanoke, yn Noard-Karolina, op mysterieuze wize ferdwûn, kaam de kolonisaasje fan it gebiet lykwols suver in fearnsiuw stil te lizzen.

Pas yn 1607 waard it op 'e nij besocht, doe't de Londenske Kompanjy de koloanje Jamestown op 'e kust fan Firginia stifte. Dy nije koloanje wie ferneamd nei kening Jakobus I "James" fan Ingelân, en de oanfierder fan 'e kolonisten wie in Christopher Newport. Ut 'e iere dagen fan 'e nije koloanje komt it (sterk romantisearre) ferhaal fan Pocahontas, de dochter fan it opperhaad Powhatan, dy't út leafde it libben rêden hawwe soe fan 'e Ingelske kolonist John Smith. Yn 1619 waard it Hûs fan de Boargers oprjochte, in parlemint dat noch altyd bestiet (no as de steatssenaat fan Firginia), en dat dêrmei de âldste wetjaande macht fan it westlik healrûn is. Doe't de Londenske Kompanjy yn 1634 fajyt gie, waard de koloanje oernommen troch de Ingelske Kroan.

It libben yn 'e koloanje wie nuodlik, en mannich in kolonist kaam om yn 'e Hongertiid fan 1609 en ûnder de Pouhattan-oarloggen, yn 't bysûnder by it Yndiaanske Bloedbad fan 1622, dat de kolonisten in negative miening oer alle Yndianen joech. Tsjin 1624 wiene der fan 'e oarspronklike 6.000 kolonisten noch mar 3.400 oer. De koloanje waard lykwols rêden troch de almar fierder oanwaaksende Jeropeeske fraach nei tabak, in plant dy't fan natuere yn Firginia foarkaam en dêre ûnder it hearskjende klimaat florearre. Oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw begûn ek katoen hieltyd wichtiger te wurden as eksportprodukt.

It gefolch wie de oankomst fan nije groepen kolonisten en harren tsjinstfolk. It arbeidstekoart waard oplost troch de ynfiering fan in systeem wêrby't kolonisten foar eltse kontraktarbeider dy't se op eigen kosten oerkomme lieten út Jeropa, der in stik lân op ta krigen. Sokke kontraktarbeiders hiene it amper better as slaven, mar as se mei sân jier harren kontrakt úttsjinne hiene, wiene se wer folslein frij, en koene se in nij bestean opbouwe yn Firginia. Se wiene lykwols te earm om sels de oertocht nei Amearika betelje te kinnen, wat de reden wie dat se ynstimd hiene mei harren kontraktearring. De earste Afrikanen arrivearren yn 1619 ek as kontrakarbeiders yn 'e koloanje Firginia. Pas folle letter ferskode it systeem fan kontraktarbeid nei slavernij, in ûntwikkeling dy't sterk yn 'e hân wurke waard troch de feroardieling, yn 1640, fan John Punch, in kontraktarbeider dy't besocht hy út te naaien, ta libbenslange slavernij. Neitiid kamen sokke feroardielings faker foar, wêrnei't yn 1661-1662 de wet feroare waard om derfoar te soargjen dat slavernij fia de mem fan âlder op bern oerdroegen waard.

Spannings en geografyske ferskillen tusken de arbeiders en plantaazje-eigners laten yn 1676 ta Bacons Rebûlje. Tsjin dy tiid makken kontraktarbeiders en eardere kontraktarbeiders sa'n 80% fan 'e befolking fan 'e koloanje út. De opstannelingen, dy't foar in grut part fan 'e westlike foargrins fan Firginia kamen, kanten har ek oan tsjin gearwurking mei Yndiaanske folken. Sadwaande resultearre de opstân yn 'e ûndertekening te Middle Plantation fan it Ferdrach fan 1677, dat fan 'e Yndiaanske stammen dy't har derby oansleaten fazallen fan 'e koloniale oerheid makke. Dy ûntwikkeling makke diel út fan in groeiend patroan fan it ôfnimmen fan lân fan 'e Yndianen troch ferdraggen en as dat net slagge, troch geweld. Yn 1693, doe't it de status fan haadstêd fan 'e koloanje Firginia krige, waard Middle Plantation omnamme ta Williamsburg, nei de kening-steedhâlder Willem III fan Oranje-Nassau.

Yn 1747 foarme in groep lânspekulators út Firginia de Ohiokompanjy, dy't mei stipe fan 'e Britske Kroan úteinsette mei de Ingelske kolonisaasje fan it Ohiolân bewesten de Appalachen. Mei't dy krite ûnderdiel wie fan 'e Frânske koloanje Nij-Frankryk, late dat ta de Frânske en Yndiaanske Oarloch, dy't it Noardamerikaanske front fan 'e Sânjierrige Oarloch (1756-1763) yn Jeropa waard. In koloniale milysje gearstald út ferskate Britske koloanjes focht ûnder de namme fan it Firginiarezjimint mei tsjin 'e Frânsen. Dat rezjimint waard oanfierd troch in Firginiaanske plantaazje-eiger dy't George Washington hiet.

Unôfhinklikheidsoarloch It besykjen fan it Britske Parlemint om nei ôfrin fan 'e Frânske en Yndiaanske Oarloch nije belestings te heffen, wie yn 'e Amerikaanske koloanjes tige ympopulêr. Yn Firginia waard de opposysje tsjin sokke belesting sûnder fertsjintwurdiging (de koloanjes wiene net fertsjintwurdige yn it Britske Parlemint) yn it Hûs fan de Boargers oanfierd troch Patrick Henry en Richard Henry Lee. Fia it Komitee fan Briefkerij begûnen hja yn 1773 harren aksjes te koördinearjen mei de politike lieders yn 'e oare koloanjes, en it jiers dêrop waard it Kontinintaal Kongres oprjochte, dêr't fertsjintwurdigers út trettjin Britske koloanjes yn Noard-Amearika sit yn hiene. Nei't it Hûs fan de Boargers yn 1774 troch de keninklike gûverneur ûntbûn waard, beholden de revolúsjonêre lieders it bestjoer oer Firginia fia yllegale gearkomsten dy't de Firginiaanske Konvinsjes neamd waarden.