Foarfallen 14 jannewaris - De stêd Malakka kapitulearret foar de belegering troch de VOC. De Medemblikske kapitein Kaartekoe hat dan noch mar 650 soldaten oer. De rest is dea, mar de oerwinning smyt de VOC in hannelspost op dêr't iuwenlang skatten fertsjinne wurde sille. juny - Stifting fan de hannelsdelsetting fan 'e VOC yn Deshima, yn Japan. septimber-oktober - De bloedige Opstân fan 1641 fynt plak yn Ierlân tsjin 'e Ingelske oerhearsking. 5 oktober - De oerienkomst foar it graven fan de Drachtster Feart wurdt tekene. 16 novimber - Keizerlike troepen plonderje Kleef yn it ramt fan 'e Tritichjierrige Oarloch. sûnder datum - De Nederlanner Van Wuysthof bringt as earste westerling in besyk oan it Keninklik Hof fan Laos. sûnder datum - De Drachtster Kompanjonsfeart wurdt groeven. sûnder datum - Matthijs Harings wurdt skepen fan it Ljouwerter stedsbestjoer.

Berne 30 july - Reinier de Graaf, Nederlânsk dokter en anatoom († 1673) 15 septimber - Menno van Coehoorn, Frysk militêr en fêstingboukundige († 1704). (doopdatum) 22 septimber - Titus van Rijn, Nederlânsk keunsthanneler (soan fan Rembrandt van Rijn) († 1668) 23 novimber - Antonius Heinsius, Nederlânsk politikus († 1720)

Ferstoarn 11 jannewaris - Franciscus Gomarus, Flaamsk-Nederlânsk teolooch (* 1563) 11 jannewaris - Juan Martínez de Jáuregui y Aguilar, Spaansk dichter en keunstskilder (* 1583)

Literatuer non-fiksje René Descartes, Meditationes

Kategory:17e iuw