Foarfallen simmer - Nei de dea fan Hindrik Kasimir I fan Nassau-Dietz beslute de Steaten-Generaal in ôffurdiging nei Fryslân en Grinslân ta te stjoeren om der op oan de kringen de Hollânske steedhâlder Freark Hindrik fan Oranje-Nassau foar him yn 't plak te beneamen. Fryslân beneamt gau-gau Hindrik Kasimir syn broer Willem Freark ear't de ôffurdiging arrivearje kin. Grinslân en Drinte beslute Freark Hindrik wol as steedhâlder te beneamen. De Steaten-Generaal fan de Nederlannen beneame dyselde ek ta steedhâlder fan 'e generaliteitslannen Wedde en Westerwâlde. 1 desimber - Hartoch Jan fan Braganza komt as Jan IV op 'e troan fan it op 'e nij ûnôfhinklike Portegal. sûnder datum - Skiermûntseach komt yn besit fan de famylje Stachouwer. sûnder datum - Bou fan Oenemastate op It Hearrenfean.

Berne 18 novimber - Willem de Vlamingh, Flylânsk seefarder en ûntdekkingsreizger († 1698 of letter)

Ferstoarn 19 febrewaris - sultan Moerad IV fan it Osmaanske Ryk (* 1612) 17 maart - Philip Massinger, Ingelsk toanielskriuwer (* 1583) 30 maaie - Peter Paul Rubens, Flaamsk keunstskilder en diplomaat (* 1577) 12 of 22 july - Hindrik Kasimir I fan Nassau-Dietz, steedhâlder fan Fryslân, Grinslân en Drinte (* 1612) 31 desimber - Johannes Franciscus Régis, Frânsk folkspreker, jezuyt en hillige (* 1597) datum ûnbekend Guilielmus Messaus, Flaamsk komponist (* 1589)

Byldzjende keunst

Boukeunst

Kategory:17e iuw