Foarfallen 4 juny - It gloednije VOC-skip de Batavia slacht brek foar de westkust fan Austraalje. 8 augustus - Grytman Hobbe fan Baerdt leit de earste stien foar de Jouster Toer. 15 septimber - De float fan de WIC ûnder Piet Hein ûnderskept by Kuba de Spaanske sulverfloat. Dat lit 11 miljoen gûne yn hannen falle fan de Republyk (oftewol sa'n trijefearnsjier oan kriichsútjeften). sûnder datum - Harderwyk is gjin lid mear fan de Hânze. sûnder datum - Der driget in ynfal yn Grinslân út East-Fryslân wei. De Spaanske earste minister Olivares besiket út Madrid wei dêr in mienskiplik leger fan 'e Spanjerts en de Dútske keizer gear te stallen. sûnder datum - William Harvey toant de bloedsomrin fan de minske oan.
Berne 12 jannewaris - Charles Perrault, Frânsk mearkeskriuwer († 1703) 26 oktober - Henriette Amalia fan Oranje-Nassau, trêde bern fan Freark Hindrik fan Oranje-Nassau en Amalia fan Solms († 1628) ein novimber - John Bunyan, Ingelsk skriuwer en predikant († 1688)
Ferstoarn 13 maart - John Bull, Ingelsk oargelist en komponist (* ±1562) desimber - Henriette Amalia fan Oranje-Nassau, trêde bern fan Freark Hindrik fan Oranje-Nassau en Amalia fan Solms (* 1628)
Kategory:17e iuw