Alaska (Ingelsk: Alaska; útspr.: [ə'læskə], likernôch "uh-lês-kuh", ; Aleoetysk: Alax̂sxax̂; Alutiik: Alas’kaaq; Injûpiat: Alaasikaq; Tlingit: Anáaski), offisjeel de Steat Alaska (Ingelsk: State of Alaska), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Alaska, byneamd de Last Frontier, leit los fan 'e legere 48 steaten yn it uterste noardeasten fan it Noardamerikaanske kontinint, ynklamme tusken Kanada en de Beringsee yn it easten, resp. westen, en tusken de Beaufortsee en de Golf fan Alaska yn it noarden, resp. suden. De haadstêd is Juneau, mar de grutste stêd is Anchorage. Neffens in skatting út 2024 hie de steat doe krapoan 737.000 ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 48e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Alaska mei hast 1.718.000 km² fierwei de grutste steat. Alaska stiet bekend om syn ierdoalje, fiskerij en ûnoantaaste natoer.
Etymology De namme 'Alaska' (Russysk: Аляска, Aljaska) waard yn 'e Russyske koloniale perioade de namme foar it hiele gebiet fan wat doe eins Russysk-Amearika hiet. Fan oarsprong wie it in oantsjutting foar it Alaska-skiereilân út 'e Aleoetyske taal (fan 'e lânseigen bewenners fan 'e Aleoeten-arsjipel). Letterlik betsjut it yn it Aleoetysk: "ding dêr't it tij fan 'e see tsjin rjochte is". De offisjele bynamme fan Alaska is de Last Frontier, oftewol de "lêste foargrins" (fan 'e beskaving).
Geografy Algemien Alaska leit yn it uterste noardwesten fan Noard-Amearika, en útsein de Alaskaanske Panhandle is it eins ien grut skiereilân dat nei it westen ta útstiket. It is de noardlikste en westlikste Amerikaanske steat, en teffens de eastlikste, mei't de Aleoeten oer de grins fan it eastlik healrûn útstekke. Yn it noarden rikt Alaska oant fier boppe de poalsirkel. De steat hat in oerflak fan 1.717.856 km², wêrmei't it fierwei de grutste is fan alle Amerikaanske steaten. It is twa kear sa grut as Teksas, dat de op ien nei grutste steat is. Alaska is sa grut dat it ferdield is oer twa tiidsônes: it diel fan Alaska eastlik fan 169°30′ W leit yn 'e Alaskatiidsône (UTC –9, simmertiid –8), wylst it diel fan Alaska bewesten 169°30′ W (UTC –10, simmertiid –9) ta de Hawaïaansk-Aleoetyske Tiidsône heart.
Alaska hat in langere kustline (fan 54.720 km) as alle oare Amerikaanske steaten byinoar. It mjit 3.639 km fan east nei west en 2.285 km fan noard en súd. Fan it totale oerflak bestiet 13,8% (of 237.064 km²) út oerflaktewetter, sadat der 1.480.792 km² oan drûch lân oerbliuwt. Der binne mear as trije miljoen marren. De grutste rivier is de Yukon. Oare wichtige rivieren binne de Koyukuk, de Kuskokwim en de Tanana. Sompen en toendra mei permafrost beslane 487.747 km², wylst 41.440 km² ûnder de 100.000 gletsjers yn 'e steat leit. De grutste dêrfan is de Beringgletsjer, mei in oerflak fan 5.827 km². Fan it lân is 65% yn besit fan 'e Amerikaanske federale oerheid. Dat gebiet bestiet foar in grut part út nasjonale wâlden, nasjonale parken en nasjonale wyldreservaten. It Bureau of Land Management (BLM) beheart yn dy kontekst 23,8% fan it oerflak fan Alaska, oftewol 350.000 km² lân. It Arktysk Nasjonaal Faunareservaat, wrâlds grutste wyldreservaat, dat ûnder behear stiet fan 'e United States Fish and Wildlife Service, beslacht 65.000 km².
Geografysk leit Alaska los fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten; nettsjinsteande dat wurdt it soms ta de regio fan it Amerikaanske Noardwesten rekkene, mei û.m. Washington en Oregon. Yn it noarden grinzget Alaska oan 'e Beaufortsee, en yn it noardwesten oan 'e Tsjûktsjensee, dat beide râneseeën fan 'e Noardlike Iissee binne. Yn it westen wurdt Alaska begrinzge troch de Beringsee en de Beringstrjitte, oan 'e oare kant wêrfan't it Fiere Easten fan Sibearje leit, dat ta Ruslân heart. Spesifyk lizze dêr it Tsjûkotka-skiereilân, dat bestjoerlik ta de autonome regio Tsjûkotka heart, en it Kamtsjatka-skiereilân, dat bestjoerlik it Territoarium Kamtsjatka foarmet. Yn it suden wurdt Alaska begrinzge troch de Golf fan Alaska, dy't diel útmakket fan 'e Stille Oseaan.
Yn it easten dielt Alaska in grins mei Kanada. Spesifyk grinzget de steat yn it easten oan it Kanadeeske territoarium Yukon en yn it súdeasten oan 'e provinsje Britsk-Kolumbia. De rest fan 'e kontinintale Feriene Steaten leit súdlik fan Britsk-Kolumbia; Alaska wurdt fan 'e neiste Amerikaanske steat, Washington, skaat troch likernôch 800 km Kanadeesk grûngebiet. Hoewol't de grins mei Kanada de iennichste lângrins fan Alaska is, reitsje de territoriale wetters fan Alaska en Ruslân inoar yn Beringstrjitte, dêr't de Diomedeseilannen (te witten: it Russyske Ratmanov (of Grut-Diomedes) en it Amerikaanske Lyts-Diomedes) mar 3,8 km útinoar lizze.
Regio's Alaska bestiet út seis ûnderskate regio's: Súdlik Sintraal-Alaska, Súdeast-Alaska, Súdwest-Alaska, de Aleoeten, it Binnenlân fan Alaska en de Noarderbedelte.
Súdlik Sintraal-Alaska, dat de súdlike kust en it efterlizzende binnenlân fan 'e steat omfiemet, is de tichtst befolke krite fan Alaska, dêr't û.m. de grutte stêd Anchorage leit. It omfettet ek de Matanuska-Susitna-delling, westlik fan Anchorage, en it grutte Kenai-skiereilân, dat súdeastlik fan Anchorage útstiket yn 'e Golf fan Alaska. Foar de kust lizze ferskate lytse eilannen, lykas Montague en Kayak. Súdlik Sintraal Alaska is ek it bercheftichste diel fan 'e steat, dêr't it Chugachberchtme oan 'e súdkust, it Kenaiberchtme op it Kenaiskiereilân, it Wrangell-berchtme by de Kanadeeske grins en de súdlike helte fan it Alaskaberchtme diel fan útmeitsje. De kriten besuden it Alaskaberchtme en bewesten it Wrangell-berchtme binne hiel tinbefolke.
Súdeast-Alaska wurdt ek wol de Panhandle fan Alaska neamd, om't it it nei it súdeasten ta útstykjende diel fan 'e steat omfiemet, ynklamme tusken Britsk-Kolumbia en de Stille Oseaan. Súdeast-Alaska leit it tichtst by de rest fan 'e Feriene Steaten, en wie it ierste diel fan 'e steat dat troch Amerikaanske kolonisten yn besit nommen waard yn 'e jierren fuort nei de Oankeap fan Alaska. De regio wurdt dominearre troch de Aleksanderarsjipel, in eilannegroep besteande út hûnderten middelgrutte en lytse eilannen fuort foar de kust, mei as grutsten Prince of Wales, Chichagof, Admiraliteitseilân, Baranof, Revillagigedo, Kupreanof en Kuiu. It Nasjonaal Wâld Tongass, it grutste nasjonaal wâld fan 'e Feriene Steaten, strekt him út oer in diel fan 'e arsjipel en parten fan it fêstelân. Súdeast-Alaska omfiemet ek de steatshaadstêd Juneau, de eardere haadstêd Sitka en Ketchikan, dat ienris de grutste stêd fan Alaska wie.
Súdwest-Alaska is in tinbefolke krite yn it súdwesten fan Alaska, dy't likernôch 800 km it binnenlân fan 'e steat yn rikt fan 'e kust fan 'e Beringsee ôf. It meastepart fan 'e befolking libbet der ferspraat yn lytse mienskippen by de kust lâns. Súdwest-Alaska omfettet de ûnbidich grutte Yukon-Kuskokwimdelta, dat ien fan 'e grutste rivierdelta's fan 'e wrâld is. Eilannen lykas Kodiak, it haadeilân fan 'e Kodiakarsjipel yn 'e Golf fan Alaska, en Nunivak en de Pribilofeilannen yn 'e Beringsee, hearre ek ta de regio, krektlyk as it grutste diel fan it Alaska-skiereilân, dat nei it súdwesten ta útstiket en de Beringsee fan de Golf fan Alaska skiedt.
De punt fan it Alaska-skiereilân en de súdlik dêrfan lizzende Shumagineilannen meitsje diel út fan 'e regio fan 'e Aleoeten. Dat is in keatling fan eilannen dy't fan 'e punt fan it Alaska-skiereilân yn in kromme line oer in ôfstân fan 1.900 km nei it westen ta rikt, yn 'e rjochting fan it Kamtsjatka-skiereilân yn Ruslân. De Aleoeten besteane út mear as trijehûndert lytse en gruttere fulkanyske eilannen, wêrfan't de westliksten ta it eastlik healrûn hearre. De alderwestlikste eilannen, de Kommandeurseilannen, hearre net ta Alaska, mar ta Ruslân. De Ynternasjonale Datumgrins is lykwols westlik fan 180° W lein, sadat de hiele steat Alaska binnen deselde dei falle soe. De grutste eilannen fan 'e Aleoeten binne, fan east nei west: Unimak, Akutan, Unalaska, Umnak, de Eilannen fan de Fjouwer Bergen, Seguam, Amlia, Atka, Adak, Kagalaska, Tanaga, Amchitka, Kiska, Agattu en Attu.
It Binnenlân fan Alaska is de grutste, mar ek de tinst befolke regio fan 'e steat, dy't foar it meastepart út ûnbewenne wyldernis bestiet en ynklamme leit tusken it Alaskaberchtme yn it suden en it Endicott-berchtme, dat diel útmakket fan it gruttere Brooks-berchtme, yn it noarden. Fairbanks is it iennichste gruttere plak yn 'e hiele krite. It Binnenlân omfettet it Nasjonaal Park en Wyldreservaat Denali, yn it Alaskaberchtme, mei de Denali (foarhinne bekend as de Mount McKinley), de heechste berch fan Noard-Amearika mei in hichte fan 6.191 m. Ek de dellingen fan 'e rivieren de Tanana en de Koyukuk en it grutste part fan it streamgebiet fan 'e grutte Yukon hearre ta it Binnenlân.
De Noarderbedelte, ta einbeslút, beslacht de hiele noardkust fan Alaska noardlik fan it Brooks-berchtme, en bestiet foar it meastepart út toendra mei lytse doarpen, benammen oan 'e kust. De regio stiet bekend om syn reuseftige ûndergrûnske foarrieden ierdoalje en omfettet û.m. it bekende Oaljefjild fan Prudhoe Bay. It grutste plak fan 'e Noarderbedelte is Barrow. It noardwesten fan Alaska, mei as sintrum Kotzebue, wurdt yn 'e regel mei de Noarderbedelte op ien bulte smiten, hoewol't it der geografysk sjoen net by heart. It noardwesten omfiemet it grutte Seward-skiereilân, dat nei it westen ta útstiket en sa mei it Russyske Tsjûkotka-skiereilân de Beringstrjitte foarmet. Ek Lyts-Diomedes, yn 'e Beringstrjitte, en it grutte eilân St. Lawrence, yn 'e noardlike Beringsee, hearre by it noardwesten.
Grûnbesit fan 'e lânseigen befolking Likernôch 180.000 km² lân (oftewol 12,2%) fan Alaska is yn it besit fan 'e tolve grutte regionale en tsientallen lytsere pleatslike korporaasjes fan 'e lânseigen befolking (Eskimo's, Aleoeten en Yndianen). Dy binne opset ûnder de Alaska Native Claims Settlement Act (ANCSA) fan 1971. De Alaskaanske lânseigen regionale korporaasje Doyon, Limited neamt himsels yn advertinsjes en oare publikaasjes faak "de grutste private lâneigner fan Alaska". Oarspronklik omfieme de ANCSA de mooglikheid dat de korporaasjes harren lân, begjinnend yn 1991, op 'e publike merk ferkeapje koene, mar dat diel fan 'e wet waard ynlutsen ear't it fan krêft wurde koe. Dat bestjut dat de korporaasjes harren lân yn eigendom hawwe, faak alle rjochten op ûndergrûnske dylchstoffen ynbegrepen (in rjocht dêr't yndividuële boargers gjin oanspraak op meitsje kinne), mar dat se it lân net ferkeapje kinne. Yn tsjinstelling dêrmei kin yndividuële lânseigen grûn wól op 'e publike merk ferkocht wurde.
Wat de ynstelling fan reservaten oangiet, is Alaska wat in frjemde ein yn 't byt yn 'e Feriene Steaten. It reservaatstelsel sa't dat yn 'e legere 48 steaten bestiet, is yn Alaska nammentlik nea fan 'e grûn kommen, en troch de ynfiering fan 'e ANCSA en it feit dat de lânseigen korporaasjes mei harren ûnferkeapbere lân min ofte mear deselde funksje ferfolje as in reservaat, binne se ek net nedich. Sadwaande bestiet der yn hiele Alaska mar ien Yndianereservaat: it Annette Island Yndianereservaat fan 'e Metlakatla Yndianemienskip, dat 332,6 km² beslacht yn 'e Aleksanderarsjipel fan Súdeast-Alaska. Dat bestie al foar de oanname fan 'e ANCSA en hat syn status ûnôfhinklik fan dy wet beholden.
Skiednis Lânseigen bewenning De earste bewenners fan Alaska wiene de foarâlden fan 'e hjoeddeistige Yndianen, dy't nei alle gedachten mear as 15.000 jier lyn al oerkamen út Aazje fia de Beringlânbrêge, de doedestiden drûchfallen Beringstrjitte. Tsjin 'e tiid dat de earste Jeropeänen Alaska yn 'e achttjinde iuw berikten, waard it gebiet bewenne troch Yndiaanske folken lykas de Tlingit, Haida, Aatna (Ahtna) en Kûtsjin (Kutchin of Gwich’in) yn it súdeasten en easten, Eskimofolken lykas de Injûpiat (Iñupiat), Jûpik (Yup’ik) en Alûtiik (Alutiiq) yn it noarden, westen en súdwesten, en de Aleoeten op 'e Aleoetenarsjipel en de punt fan it Alaska-skiereilân.
Koloniaal tiidrek