Foarfallen Freark Hindrik fiert it Belis fan 's-Hertogenbosch út. As ôflieding falle de troepen fan de Keizer Gelderlân binnen. Se nimme Amersfoart en herstelle dêr de roomske tsjinsten. De Unytroepen nimme lykwols Wesel yn wêrtroch de troepen fan de keizer ôfsnien wurde fan alle fersterkingen en har weromlûke op de Isel. 14 septimber 's-Hertogenbosch jout him oer. Dat is yn dy streken de swierste klap foar Spanje sûnt de ûndergong fan de Armada yn 1588.

Berne 14 april - Christiaan Huygens, Nederlânsk wiskundige, stjerrekundige en natuerkundige

Ferstoarn 8 april - Willem Teellinck, Nederlânsk predikant (* 1579) 17 juny - Piet Hein, Nederlânsk luitenant-admiraal en WIC-kommandant 1 novimber - Hindrik ter Brugghen, Nederlânsk keunstskilder 9 novimber - Sixtinus Amama, Frysk heechlearaar Easterske talen (* 1593) datum ûnbekend Hans Willem fan Randwijck, Frysk legerofsier (* 1581)

Kategory:17e iuw