thumb|Kaart fan Krummhörn thumb|Loftfoto fan it histoarysk sintrum Greetsiel is in havenplakje yn Dútslân. It plak leit oan de Leybocht yn it westen fan East-Fryslân. Der wenje likernôch 1.450 minsken (2012). Greetsiel is fierhinne it meast toeristyske plak fan de gemeente Krummhörn. Neist it toerisme spilet de garnalefiskerij ek in wichtige rol yn de lokale ekonomy.
Skiednis De namme Greetsiel komt foar it earst foar yn brieven út 1388 (Okko I tom Brok). Skippen út Hamburch leinen doe yn de haven fan Greetsiel foar anker en moasten tol betelje. It plak waard fan it domein Appingen út stifte troch de Sirksena's, in East-Fryske haadlingefamylje. Doe't Appingen hieltyd minder wichtiger waard, waard Greetsiel it plak fan de haadlingen. Greve Edzard I waard yn 1462 yn de stins fan de Sirksena’s berne. Under dizze hearskippij soe East-Fryslân rinne fan de Wezer oant Grins. Yn 1547 waard Ubbo Emmius yn Greetsiel berne.
Omdat de kommunistyske beweging yn Greetsiel aardich sterk wie, waard in diel fan de kommunisten troch de nazi's oppakt. Op syn minst 14 twangsarbeiders waarden registrearre. De measten kamen út Poalen, Ruslân en de Oekraïne. Yn in barak oan 'e seedyk waarden sa'n 30 Frânske en Belgyske kriichsfinzenen ûnderbrocht. Letter yn 'e oarloch krige Greetsiel in strafkamp. It strafkamp hie tusken de 40 en 60 finzenen, sa'n 70 prosint dêrfan wie Russysk of Oekraynsk. By bombardeminten yn 1942 waarden fjouwer huzen ferneatige en noch mear skansearre. It grutste diel fan it histoaryske sintrum is bewarre bleaun.
Greetsiel leit sûnt 1972 yn de gemeente Krummhörn, dêrfoar wie it plak in selsstannige gemeente. Om deselde tiid komt it toerisme yn Greetsiel op gong.
Befolkingsûntjouwing Jier Ynwennertal 1821 722 1848 931 1871 898 1885 815 1905 754 1925 925 1933 1124 Jier Ynwennertal 1939 1278 1946 1547 1950 1679 1956 1461 1961 1366 1970 1569 1980 1529 Jier Ynwennertal 1990 1391 2000 1552 2005 1588 2006 1534 2012 1450
Wichtige plakken en gebouwen thumb|De Twillingmûnen fan Greetsiel. Greetsiel is hjoed-de-dei in toeristysk plak mei in stik as wat toeristyske attraksjes. Bygelyks: De haven fan Greetsiel De Twillingmûnen. De tsjerke. De Poppingas Alde Bakkerij. De âlde syl (1798) De nije syl (1887)
Ferkear De ôfstân ta de stêden Emden en Norden is 15 en 20 kilometer. Fan 1906 oant 1963 hat der in meterspoarferbining mei Pewsum en Emden west. Tsjintwurdich fersoargje bussen de ferbinings mei dizze plakken en mei Norden.
Keppeling om utens Webstee fan Greetsiel
Kategory:Krummhörn Kategory:Plak yn East-Fryslân Kategory:Plak yn Nedersaksen