Foarfallen 30 maaie - Nei in belis fan alve dagen wurdt de stêd Sutfen ynnommen troch de Hollânske steedhâlder Maurits fan Oranje-Nassau. 10 juny - Nei in belis fan tsien dagen wurdt de stêd Dimter ynnommen troch de Hollânske steedhâlder Maurits fan Oranje-Nassau. 24 juny - De earste stien wurdt lein foar it Stedhûs fan Frjentsjer. 2 july - De stêd Delfsyl wurdt ynnommen troch de Hollânske steedhâlder Maurits fan Oranje-Nassau. 29 septimber - Edzard II, in fanatike lutheraan, kriget it yn it greefskip Eastfryslân allinnich foar it sizzen nei it ferstjerren fan syn broer en mei-hearsker Jehan II. Benammen yn Emden rint it skeel tusken kalvinisten en lutheranen heech op. 14 oktober - Steatske troepen ûnder de Hollânske steedhâlder Maurits fan Oranje-Nassau slane belis foar Nimwegen. 21 oktober - Nimwegen wurdt ynnommen troch Steatske troepen. Maurits fan Oranje-Nassau ûntnimt de stêd hjirnei de frije magistraatskar. sûnder datum - Maurits fan Oranje-Nassau wurdt beneamd ta steedhâlder fan Gelderlân.

Berne 12 jannewaris - José de Ribera, Spaansk/Italjaansk keunstskilder († 1652) 15 jannewaris - David fan Goorle, Nederlânsk filosoof en natuerkundige († 1612) 6 febrewaris - Menelaus Winsemius, Frysk dokter en fysiolooch († 1639) 19 maaie - Hobbe Durks fan Baerdt, Frysk grytman, politikus en bestjoerder († 1655) 26 maaie - Dirck Janssoan Sweelinck, Nederlânsk komponist († 1652) datum ûnbekend Isabella Brant, Flaamsk húsfrou, earste frou fan Peter Paul Rubens († 1626)

Ferstoarn 16 oktober - paus Gregoarius XIV (* 1535) 14 desimber - Jehannes fan it Krús, Spaansk preester, dichter en mystikus (* 1542) 30 desimber - paus Ynnosintius IX (* 1519)

Kategory:16e iuw