Foarfallen 18 maaie - In ekspedysje ûnder Jacob van Heemskerck, Jan Cornelisz. Rijp en Willem Barents set ôf nei de Noardlike Iissee, en ûntdekt dêr û.m. Spitsbergen. 24 juny - De earste Nederlânske ekspedysje nei East-Ynje berikt de stêd Bantam, oan 'e noardkust fan Java. augustus - It skip De Windhond, fan Willem Barents, komt by Nova Sembla fêst te sitten yn it iis en wurdt kreake. De 17 opfarrenden geane oan lân en begjinne oan 'e ferneamde Oerwintering op Nova Sembla. sûnder datum - Yn hiel Jeropa is in nôttekoart, wat liedt ta ekstreme priisstigings. sûnder datum - De Fryske steedhâlder Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg wurdt ek oansteld as steedhâlder fan Drinte.

Berne 13 jannewaris - Jan van Goyen, Nederlânsk keunstskilder († 1656) 2 febrewaris - Jacob fan Campen, Nederlânsk keunstskilder en arsjitekt († 1657) 31 maart - René Descartes, Frânsk filosoof en wiskundige († 1650) 26 augustus - karfoarst Freark V fan de Palts, de "Winterkening fan Bohemen" († 1632) 4 septimber - Constantijn Huygens, Nederlânsk dichter († 1687) 23 septimber - Joan Blaeu, Nederlânsk kartograaf († 1673) 26 novimber - Petrus Moll, Frysk klassikus († 1669)

Ferstoarn 28 jannewaris - sir Francis Drake, Ingelsk ûntdekkingsreizger en kaper (* ±1540) begjin augustus - Hamnet Shakespeare, soan fan William Shakespeare (* 1585) 9 septimber - keninginne Anna fan Poalen (* 1523)

Kategory:16e iuw