Nico Jan Hoogma (It Hearrenfean, 26 oktober 1968) is in âld Nederlânsk fuotballer ôfkomstich út de provinsje Fryslân. Berne yn It Hearrenfean, hat er nea foutballen foar SC Hearrenfean. Hoogma kaam út foar Cambuur Ljouwert, FK Twente, Hamburger SV en Herakles Almelo. Hy spile de measte wedstriden yn de ferdigening.
Karriêre Hoogma spile lange tiid yn de jeugdalvetallen fan Cambuur, mar yn 1988, doe’t hy yn de A’s fan Cambuur spile besluet hy om werom te gean nei de amateurklup VV Drachten, doe útkommend yn de haadklasse. In jier letter, yn it seizoen 1989/1990, kaam Cambuur werom, hy gie, doe hast 21 jier, wer nei it proffuotbal en makke dat jier syn debút yn de Earste difyzje. Al gau krige hy in basisplak yn it earste alvetal. Yn 1991/1992 promovearre hy mei Cambuur nei de Earedifyzje. Tegearre mei syn trener Rob Baan gie hy, nei trije jier yn it earste fan Cambuur spile te hawwen, yn 1992 nei FK Twente ta, wêr’t hy de opfolger wurde moast fan Fred Rutten.
Ek by Twente krige Hoogma al gau in basisplak. Syn debút op 16 augustus 1992 waard dan wol ferlern mei 0-5 fan Feijenoord, dochs spile hy mei de klup in goed seizoen. Mei de winterstop stie de klup sels twadde, úteinlik wist hy mei syn ploech as fiifde te einigjen, wêrtroch Twente yn it Jeropeeske UEFA Kup-toernoai spylje mocht. Yn dit toernoai moast Twente yn de earste omgong spylje tsjin Bayer Múnchen út Dútslân. De twa wedstriden waarden mei 4-3 en 3-0 ferlern. Uteinlik spile Hoogma seis jier foar Twente, hjir spile hy 187 kompetysjewedstriden en tsien Jeropa Kup-wedstriden. Hjiryn skoarde hy 18 kear.
Yn 1998 gie Hoogma nei it Dútske Hamburger SV ta. Hjir belibbet Hoogma syn hichtepunten as proffuotballer. Yn 2001 wurdt hy de oanfierder fan de klup en spilet hy yn de Champions League. Yn 2003 wint HSV de Dútske Beker. Yn 2004, as Hoogma 35 jier is, komt hy werom nei Nederlân. Hoogma giet spyljen foar Herakles Almelo, dan noch spyljend yn de Earste difyzje. Yn syn twadde seizoen dêr, 2004/2005, wurdt hy kampioen yn dy kompetysje.
Yn totaal spilet Hoogma 525 kompetysjewedstriden, hy makket hjiryn 42 doelpunten. Hoogma spilet dan noch ien jier proffuotbal wêrnei't hy syn karriêre ôfslút.
Op 1 jannewaris 2007 giet Hoogma as algemien direkteur by Herakles oan de slach.
Statistieken Seizoen Klup Wedstriden Doelpunten Kompetysje 1989/90 SK Cambuur 35 7 Earste difyzje 1990/91 Cambuur Leeuwarden 34 1 Earste difyzje 1991/92 Cambuur Leeuwarden 29 2 Earste difyzje 1992/93 FC Twente 29 2 Earedifyzje 1993/94 FC Twente 33 5 Earedifyzje 1994/95 FC Twente 33 3 Earedifyzje 1995/96 FC Twente 31 2 Earedifyzje 1996/97 FC Twente 32 4 Earedifyzje 1997/98 FC Twente 25 1 Earedifyzje 1998/99 FC Twente 4 0 Earedifyzje 1998/99 Hamburger SV 30 1 Bundesliga 1999/00 Hamburger SV 31 3 Bundesliga 2000/01 Hamburger SV 31 1 Bundesliga 2001/02 Hamburger SV 28 5 Bundesliga 2002/03 Hamburger SV 27 1 Bundesliga 2003/04 Hamburger SV 30 2 Bundesliga 2004/05 Heracles Almelo 33 2 Earste difyzje 2005/06 Heracles Almelo 30 0 Earedifyzje Totalen: 525 42
Persoanlik Hoogma is troud en hat trije bern. Hy wennet yn Oldensaal.
Kategory:Frysk fuotballer Kategory:Frysk sportbestjoerder Kategory:Nederlânsk fuotballer Kategory:Nederlânsk sportbestjoerder Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne op It Hearrenfean Kategory:Persoan berne yn 1968 Kategory:Cambuur Ljouwert