Foarfallen 22 septimber - Oostende falt nei in trijejierrige belegering yn Spaanske hannen. In fearnsmiljoen protestanten ûntflechtsje de Súdlike Nederlannen. 9 oktober - De supernova dy't bekend komt te stean as Keplers Supernova (SN 1604), wurdt waarnommen fanôf de Ierde. Dizze supernova kin mei it bleate each waarnommen wurde, wat net wer foarkomme sil oant 1987. sûnder datum - De Amsterdamske skoalmaster Willem Bartjens publisearret it rekkenboekje De Cijfferinge. sûnder datum - De Feriene Eastyndyske Kompanjy knopet betrekkings oan mei it Keninkryk Ayutthaya (it hjoeddeistige Tailân). sûnder datum - Johannes Kepler publisearrret syn Astronomia pars Optica, oer atmosfearyske ljochtbrekking, linzen en de wurking fan it each.
Berne 5 april - hartoch Karel IV fan Loataringen († 1675) 17 juny - Jehan Maurits fan Nassau-Siegen, Dútsk-Nederlânsk generaal en koloniaal bestjoerder († 1679) 26 novimber - Johann Bach, Dútsk komponist († 1673) datum ûnbekend Jan van Galen, Nederlânsk floatfâd († 1653) (mooglik yn 1605 berne)
Ferstoarn 24 juny - Edward de Vere, Ingelsk skriuwer (* 1550)
Literatuer toaniel William Shakespeare?, The London Prodigal
Kategory:17e iuw