Foarfallen 17 jannewaris - Kening Hindrik IV fan Frankryk ferklearret Spanje de oarloch. 29 jannewaris - Shakespeare syn ferneamde toanielstik Romeo en Julia wurdt yn Londen foar it earst opfierd. 18 maart - Dêrta oanfitere troch de tsjerkeherfoarmer Menso Alting komt de befolking fan Emden yn opstân tsjin greve Edzard II fan Eastfryslân. ein maart - De Steaten-Generaal fan de Nederlannen stjoere Steatske troepen nei Emden ta om 'e stêd te stypjen yn 'e striid tsjin greve Edzard II fan Eastfryslân. 2 april - De earste Nederlânske ekspedysje nei East-Ynje set ôf, ûnder lieding fan Cornelis de Houtman en Pieter Keyser. Hja sille op 26 juny 1596 yn Bantam, op Java, oankomme. 15 july - By it Ferdrach fan Delfsyl kriget de opstannige stêd Emden in semy-autonome status binnen it greefskip Eastfryslân. sûnder datum - In strange winter wurdt folge troch oerstreamings en in rottepleach. sûnder datum - Yn Sweden wurdt de hartoch fan Södermanland, in omke fan 'e Sweedske en Poalske kening Sigismond, troch de Ryksdei as regint beneamd. Oant no ta fierde hy opposysje tsjin syn katolike omkesizzer, dy't yn Warsjau hof hâldt.

Berne

Ferstoarn 20 febrewaris - aartshartoch Ernst fan Eastenryk, lânfâd fan de Súdlike Nederlannen (* 1553) 22 septimber - Francisco Verdugo, de lêste Spaanske steedhâlder fan Fryslân, Grinslân, Drinte en Oerisel (* 1536)

Literatuer poëzij Edmund Spenser - Amoretti toaniel William Shakespeare, Henry VI, Part 3 (oerset yn it Frysk as Hindrik VI, Diel 3) George Peele? of Robert Greene?, Locrine

Kategory:16e iuw