Foarfallen It kleaster fan de Augustiner Koarhearen "Marije Roazedelling" by Haskerdiken wurdt ferwoaste. Om Caspar de Robles te betankjen rjochtsje de Harnzers in stânbyld foar him op, de Stiennen Man. Starum krijt in nije seeslûs maart - Lânfâd Requesens ferstjert hommels. 4 novimber - Plondering fan Antwerpen troch muitende Spaanske soldaten. It stiet bekend as de Spaanske Fuery 8 novimber - Undertekening fan de Pasifikaasje fan Gint, de ûnderlinge frede tusken de noardlike en súdlike gewesten fan de Nederlannen, ek bekend as de saneamde Earste Uny

Berne 10 febrewaris - Festus Hommius, Frysk teolooch en predikant († 1642) 31 maart - Louise Juliana fan Oranje-Nassau, dochter fan Willem fan Oranje en Charlotte fan Bourbon.

Ferstoarn 1 maart - De Spaanske lânfâd oer de Nederlannen, Don Luis de Requesens ferstjert hommels. 27 maaie - Loadewyk fan Boisot, ferdrinkt as't ûntkomme wol oan de Spanjerts 16 juny - Hadrianus Junius, dokter en skriuwer. 27 augustus - De Italjaanske skilder Titiaan 11 desimber - Joachim Hoppers, Frysk jurist en heechlearaar (* 1523).

Kategory:16e iuw