In kreoalske taal is in pidgintaal dy't as memmetaal sprutsen wurdt. In pidgin is in taal mei in sterk ferienfâldige grammatikale struktuer, in beheind leksikon en in frij lyts skala oan stylfoarmen, dy't ûntstiet as de leden fan twa ûnderling ûnfersteanbere taalmienskippen mei-inoar besykje te kommunisearjen sûnder dat se dêrby har taflecht nimme kinne ta in trêde taal. Soks resultearret yn in mingfoarm fan 'e beide oarspronklike talen, wêrby't dy werombrocht wurde ta in tige simpele foarm. In kreoalske taal ûntstiet as in pidgintaal safolle sprutsen wurdt dat minsken der har bern yn grut begjinne te bringen, en sa'n pidgintaal dus memmetaalsprekkers kriget. Mei't der dan in ferlet ûntstiet ta it útdrukken fan in folle grutter ferskaat oan dingen en nuânses fan dingen, nimt de kompleksiteit fan 'e grammatika en de omfang fan 'e wurdskat yn sokke gefallen navenant ta. Dêrmei ferliest sa'n taal dan de wichtichste skaaimerken fan in pidgintaal.

Kreolisearring en dekreolisearring It proses fan útwreiding dat mank giet mei de ûntjouwing fan in pidgin ta in kreoalske taal wurdt yn 'e taalkunde kreolisearring of kreolisaasje neamd. In fierdere ûntwikkeling hjit dekreolisearring of dekreolisaasje; dat bart as in gewoane taal (ornaris de offisjele taal yn in lân of regio, op basis wêrfan't de kreoalske taal oarspronklik ûntstien is) sa'n grutte ynfloed op 'e kreoalske taal begjint út te oefenjen dat der in hiel ferskaat oan taalfarianten ûntstiet dy't in stadige oergong fan 'e standerttaal nei de kreoalske taal foarmje. Sa'n stelsel fan oergongsfoarmen wurdt in post-kreoalsk kontinuum neamd, en dêrbinnen kinne trije soarten taalfoarmen identifisearre wurde: it akrolekt (dat it tichtst by de standerttaal stiet en sadwaande ek it measte prestiizje hat); it basilekt (dat it fierst fan 'e standerttaal ôf stiet, mei as gefolch dat derop delsjoen wurdt); en it mesolekt, dat de midden hâldt tusken it akrolekt en it basilekt.

Oarsprong fan 'e hjoeddeiske kreoalske talen Fanwegen it koloniale ferline fan West-Jeropa, wêryn't in soad Westjeropeeske lannen gebieten yn oare wrâlddielen bemasteren en eksploitearren, binne in protte kreoalske talen foarme op basis fan Westjeropeeske talen as it Ingelsk, it Frânsk, it Spaansk, it Portegeesk en ek it Nederlânsk, mei in beskate (beheinde) ynbring lânseigen talen út it gebiet dêr't sokke kreoalske talen sprutsen wurde of dêr't de sprekkers oarspronklik wei kamen. De kreoalske talen dy't út it Nederlânsk fuortkommen binne, wurde oer it algemien mar amperoan mear sprutsen. Sa is it Negerhollânsk fan 'e Famme-eilannen ûnderwilens útstoarn, krekt as it Skepy Kreoalsk-Nederlânsk fan Guyana en it Jerseynederlânsk fan 'e Amerikaanske steat Nij-Jersey (dat noch oant 1921 sprutsen waard troch ôfstammelingen fan santjinde-iuwske Nederlânske kolonisten). It Berbice Kreoalsk-Nederlânsk fan Guyana wurdt noch wol sprutsen. De wichtichste kreoalske talen, yn 'e Nederlânske kontekst, binne it Surinaamsk-Kreoalsk fan Suriname, dat op basis fan it Ingelsk foarme is, en it Papiamintsk (op basis fan it Portegeesk) fan Arûba, Kurasau en Bonêre.

Yndieling fan kreoalske talen op grûn fan 'e basistaal en geografy Kreoalsk-Afro-Aziatyske talen Kreoalsk-Kûsjityske talen Kreoalsk-Pare-Kûsjitysk Mbûgû Kreoalsk-Semityske talen Kreoalsk-Arabysk Babalia Kreoalsk-Arabysk Sûdaneesk Kreoalsk-Arabysk Nûby Kreoalsk-Austronezyske talen Kreoalsk-Yndonezysk Peranakan-Yndonezysk Kreoalsk-Maleisk Betawy (de taal fan 'e mearderheid fan 'e befolking yn Djakarta) Baba-Maleisk Kupang-Maleisk Malakkaansk Kreoalsk-Maleisk Moluksk-Maleisk (alternative nammen: Amboneesk-Maleisk of Súdmoluksk-Maleisk; de taal fan û.o. de Molukske minderheid yn Nederlân) Srylankaansk Keoalsk-Maleisk Kreoalsk-Tetûm Tetûm Prasa Kreoalsk-Yndo-Jeropeeske talen Kreoalsk-Germaanske talen Kreoalsk-Afrikaansk Oarlamsk (Oorlams) Tsotsitaal Kreoalsk-Dútsk Usdútsk (Unserdeutsch) Kreoalsk-Ingelsk Atlantysk Eastkaribysk Noardeastkaribysk Afro-Seminoalsk-Kreoalsk Bahamiaansk-Kreoalsk Samaná-Ingelsk See-eilânsk Kreoalsk-Ingelsk (alternative nammen: Gullah of Geechee) Súdeastkaribysk Badjaansk (Bajan) Boppewynsk Eastkaribysk Kreoalsk-Ingelsk Famme-eilânsk Kreoalsk-Ingelsk (alternative namme: Negeringelsk) Guyaneesk Kreoalsk-Ingelsk Tobagoniaansk Kreoalsk-Ingelsk Trinidadsk Kreoalsk-Ingelsk Underwynsk Eastkaribysk Kreoalsk-Ingelsk Turks- en Kaikoseilânsk Turks- en Kaikoseilânsk Kreoalsk-Ingelsk Westafrikaansk Fernando Po Kreoalsk-Ingelsk Kameroeneesk Pidgin-Ingelsk Krio Nigeriaansk Pidgin-Ingelsk Surinaamsk Ndjûka (Ndyuka) Alûkû Aukaansk Kwinty Paramakkaansk Saramakkaansk Surinaamsk-Kreoalsk (Sranantongo) Westkaribysk Baai-eilânsk Kreoalsk-Ingelsk Belizaansk-Kreoalsk (alternative namme: Noardlik Middenamerikaansk Kreoalsk-Ingelsk) Galy-Galy (alternative namme: Bocas del Toro Kreoalsk-Ingelsk) Jamaikaansk-Kreoalsk (alternative nammen: Súdwestlik Karibysk Kreoalsk Ingelsk of Patwa) Kaaimaneilânsk-Ingelsk Limoneesk Kreoalsk-Ingelsk San Andrés Kreoalsk-Ingelsk Westkaribysk Kreoalsk-Ingelsk Pasifysk Aboriginal-Kreoalsk (Kriol) Bislama Hawaïaansk Kreoalsk-Ingelsk Motû Hiry (Motu Hiri of Police Motu) Ngatik-Manljuskreoalsk Papûaask-Nijguineesk Pidgin (Tok Pisin) Pitkêrn-Norfuk Solomoneilânsk Pidgin Torresstrjitttekreoalsk (Torres Strait Broken) Kreoalsk-Nederlânsk Eastyndysk Petjôsk (Petjoh) Noardamerikaansk Jerseynederlânsk (Jersey Dutch) † Westyndysk Berbice Kreoalsk-Nederlânsk Negerhollânsk † (alternative namme: Famme-eilânsk Kreoalsk-Nederlânsk) Skepy Kreoalsk-Nederlânsk † Kreoalsk-Yndo-Arysk Kreoalsk-Assameesk Naga-Pidgin Kreoalsk-Romaanske talen Kreoalsk-Frânsk Yndysk Mauritsiaansk-Seysjelsk Mauritsiaansk-Kreoalsk (alternative namme: Mauritsiaansk Kreoalsk-Frânsk) Seysjelsk Kreoalsk-Frânsk Reünioneesk Réunioneesk Kreoalsk-Frânsk Karibysk Noardkaribysk Antiljaansk Kreoalsk-Frânsk (alternative namme: Eastkaribysk Kreoalsk-Frânsk) Haïtiaansk-Kreoalsk Louisiaansk Kreoalsk-Frânsk (sprutsen yn New Orleans) San Miguel Kreoalsk-Frânsk Trinidadsk Kreoalsk-Frânsk Súdkaribysk Amapá-Kreoalsk Frânsk-Guyaneesk Kreoalsk-Frânsk Karipúna Kreoalsk-Frânsk Noardamerikaansk Mitsjif (Mitchif) (in taal fan 'e Métis, yn Kanada en de Feriene Steaten) Pasifysk Tayo Kreoalsk-Portegeesk Atlantysk Eastatlantysk Angolaarsk (Angolar) Annoboneesk-Kreoalsk Guinee-Bissausk-Kreoalsk Kaapverdysk-Kreoalsk Prinsipysk-Kreoalsk Santomeesk-Kreoalsk Noardwestatlantysk Papiamintsk (Papiamento) Súdwestatlantysk Kafûndo-Kreoalsk Minas Gerais Kreoalsk-Portegeesk Yndo-Pasifysk Eastyndysk Amboneesk Kreoalsk-Portugeesk † Bandaneesk Kreoalsk-Portegeesk † Malakkaansk Kreoalsk-Portegeesk Ternateesk † Timoreesk Pidgin † Tûgû Kreoalsk-Portugeesk † Yndiaask Yndo-Portegeesk Korlai Kreoalsk-Portegeesk Makaneesk Makaneesk Kreoalsk-Spaansk Amerikaansk Grinsspaansk (Tex-Mex) Middeltaal (Media Lengua) Oerwâldspaansk (Loreto-Ucayali) Palenkearsk (Palenquero) Filipynsk Sjavakaansk (Zamboangueño) (alternative namme: Bamboespaansk) Kreoalsk-Slavyske talen Kreoalsk-Russysk Medny-Aleoetysk Kreoalsk-Niger-Kordofaanske talen Kreoalsk-Kongoleeske talen Kitûba Mûnûkûtûba Kreoalsk-Ngbandy-talen Sango Rivier-Sango Kreoalsk-Swahily Aziatysk Swahily (Cutchi-Swahili) Kreoalsk-Sûlû Kamto (Camtho) Kreoalsk-Sino-Tibetaanske talen Kreoalsk-Sino-Tibetaansk-Mongoalsk Wûtûnhûa (Wutunhua)

Sjoch ek mingtaal pidgintaal

Kategory:Taalkunde Kategory:Taal