thumb|right|300px|In kaart mei de dielnimmende lannen oan de Jeropeeske Ekonomyske Romte.

De Jeropeeske Ekonomyske Romte (JER) is in ferdrach tusken de lannen fan de Jeropeeske Uny (JU) en de Jeropeeske Frijhannelassosjaasje (JFA). It ferdrach bestiet sûnt 1 jannewaris 1994. It akkoart moat it frije ferkear fan persoanen, guod, tsjinsten en kapitaal tusken de dielnimmende lannen befoarderje.

De organisaasje ûntstie om't de lannen fan de JFA dy’t net dielnimme oan de Jeropeeske Uny ek profiteare te litten fan it frije ferkear fan persoanen, guod, tsjinsten en kapitaal tusken de lannen fan de Jeropeeske Uny. Hjirfoar moasten wetten fan de Jeropeeske Uny ynfierd wurde yn de lannen fan de JER.

Dielnimmers De dielnimmers oan it ferdrach binne alle lannen fan de Jeropeeske Uny en trije fan de fjouwer lannen fan de JER, útsein Switserlân. It ferdrach is hjirmei allinnich fan tapassing op Yslân, Noarwegen en Lychtenstein.

Switserlân ûnderhannele mei om diel te nimmen oan it ferdrach, mar de befolking fan it lân liet troch in referindum witte net meidwaan te wollen.

Organisaasje Der is in Rie foar allen lannen, besteande út de fertsjintwurdiger fan de fjouwer leden en de Jeropeeske Kommisje. De bedoeling fan dy rie is om de wetjouwing fan de fjouwer lannen ôf te stimmen op dy fan de Jeropeeske Uny. De rie komt twa kear yn it jier byelkoar.

Sjoch ek Jeropeeske Uny Jeropeeske Frijhannelassosjaasje

Kategory:Jeropeesk ferdrach Kategory:Ekonomy fan Jeropa Kategory:Ferdrach út 1994 Kategory:Ferdrach mei Belgje Kategory:Ferdrach mei Bulgarije Kategory:Ferdrach mei Denemark Kategory:Ferdrach mei Dútslân Kategory:Ferdrach mei Eastenryk Kategory:Ferdrach mei Estlân Kategory:Ferdrach mei Finlân Kategory:Ferdrach mei Frankryk Kategory:Ferdrach mei Grikelân Kategory:Ferdrach mei Hongarije Kategory:Ferdrach mei Ierlân Kategory:Ferdrach mei Yslân Kategory:Ferdrach mei Itaalje Kategory:Ferdrach mei Kroaasje Kategory:Ferdrach mei Letlân Kategory:Ferdrach mei Lychtenstein Kategory:Ferdrach mei Litouwen Kategory:Ferdrach mei Lúksemboarch Kategory:Ferdrach mei Malta Kategory:Ferdrach mei Nederlân Kategory:Ferdrach mei Noarwegen Kategory:Ferdrach mei Poalen Kategory:Ferdrach mei Portegal Kategory:Ferdrach mei Roemeenje Kategory:Ferdrach mei Sloveenje Kategory:Ferdrach mei Slowakije Kategory:Ferdrach mei Spanje Kategory:Ferdrach mei Sweden Kategory:Ferdrach mei Syprus Kategory:Ferdrach mei Tsjechje