Foarfallen 25 jannewaris - Kening Hindrik VIII fan Ingelân trout temûk mei Anna Boleyn. 30 maart - Thomas Cranmer wurdt aartsbiskop fan Canterbury. 1 novimber - Jehannes Kalvyn ûntflechtet Parys en nimt de wyk nei Bazel. 15 novimber - De Spaanske conquistador Francisco Pizarro feroveret Cuzco, de haadstêd fan it Inka-Ryk. 5 desimber - Ivan de Ferskriklike, noch mar trije jier, folget syn heit Vasili III op. Syn mem Elena Glinskaja wurdt regintesse foar him yn 't plak.
Berne maart - Anna fan Bueren, Nederlânsk ealfrouwe, troud mei Willem fan Oranje († 1558) 24 april - Willem fan Oranje (Willem de Swijer), steedhâlder fan Hollân, Seelân en Fryslân († 1584) 7 septimber - keninginne Elizabeth I fan Ingelân († 1603) 13 desimber - kening Earik XIV fan Sweden († 1577)
Ferstoarn 10 april - kening Freark I fan Denemark en Noarwegen (* 1471) 13 april - Janko Douwama, Frysk politikus en frijheidsstrider (* 1482) 26 july - Atahualpa, lêste Inka-keizer (* ±1500)
Kategory:16e iuw