Foarfallen De stêd Starum smyt as lêste it gesach greve Albrecht fan Beieren wer ôf en Fryslân wurdt wer folslein ûnôfhinklik fan Hollân. 21 maart - Hindrik V folget syn heit op as kening fan Ingelân en hear oer in tal Frânske lienen. 27 maart - De hartoch fan Gelre ferlient stedsrjochten oan Nijkerk. augustus - Nei it mislearjen om kening Karel VI fan Frankryk te ûntfieren moat Jan sûnder Eangst, de Boergondyske hartoch Parys oan syn tsjinstanners, de Armagnacs litte.
Grutte Fryske Oarloch augustus - De Eastfryske haadlingen Hisko Abdena en Keno I tom Brok krije spul. septimber - Mei de oermastering fan Emden troch Keno II tom Brok set de Grutte Fryske Oarloch útein yn East-Fryslân. De Eastfryske haadling Hisko Abdena flechtet nei de Ommelannen.
Berne 19 novimber - Freark II fan Brandenburch, twadde soan fan markgreve Freark I fan Brandenburch
Ferstoarn 20 maart - Hindrik IV wurdt kening fan Ingelân.
Kategory:15e iuw