De Frijsteat Saksen (Dútsk: Freistaat Sachsen, Heechsorbysk: Swobodny stat Sakska, Nedersorbysk: Zwězkowy kraj Sakska) is in dielsteat yn it easten fan Dútslân. Dit gebiet hearde sûnt de Twadde Wrâldoarloch ta de DDR, en waard pas yn 1990 as dielsteat yn 'e Bûnsrepublyk opnommen.

Geografy Saksen grinst oan Poalen, Tsjechje en oan de Dútske dielsteaten Beieren, Tueringen, Saksen-Anhalt en Brandenburch. De haadstêd is Dresden. Oare wichtige stêden binne Leipzig, Chemnitz en Zwickau.

Bestjoerlike yndieling Saksen is ûnderferdield yn de trije Regierungsbezirke (bestjoerlike regio's) Chemnitz, Dresden en Leipzig. Dy binne wer ûnderferdield in 22 distrikten (Landkreise) en sân stêdsdistrikten (Kreisfreie Städte).

Landkreise (Landkreisen) Bautzen Erzgebirgskreis Görlitz Freiberch Leipzig Meißen Mittelsachsen Nordsachsen Sächsische Schweiz-Osterzgebirge Vogtlandkreis Zwickau

Kreisfreie Städte (stedsdistrikten) Chemnitz Dresden Leipzig

Kategory:Dielsteat fan Dútslân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1990