De Frije Hânzestêd Bremen is mei 404 km² de lytste dielsteat fan Dútslân. De steat leit oan de rivier de Weser en omfiemet de 60 km faninoar lizzende stêden Bremen en Bremerhaven as enklaves yn Nedersaksen. De steat ûntstie trochdat Bremen en Bremerhaven (oarspronklike namme: Wesermünde) nei de Twadde Wrâldoarloch as oanfierhavens foar de Amerikaanske besettingssône (yn Súd-Dútslân) ta enklaves yn 'e Britske besettingssône (yn Noard-Dútslân) makke wiene. De Frije Hânzestêd Bremen waard as bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1947 en kaam yn 1949 as dielsteat by de Bûnsrepublyk Dútslân (West-Dútslân).
Skiednis
Bestjoerlike yndieling Bremen is ûnderferdield yn twa stedsdistrikten (kreisfreie Städte): Bremen Bremerhaven
Kategory:Gemeente yn Dútslân Kategory:Dielsteat fan Dútslân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1947