right|thumb|400px|Lokaasje fan it eilân Wangereach. It Wangereagersk wie in Frysk dialekt dat sprutsen waard op it Dútske Waadeilân Wangereach. It dialekt is yn 1950 foarfêst útstoarn. Hjoed de dei binne der noch mar in pear minsken dy’t it dialekt praten heard hawwe. Dochs is der in protte oer it dialekt bekend omdat der in protte dokumintaasje oer it Wangereagersk oanwêzich is.
Yndieling thumb|250px|left|Terreinferlies fan it Frysk. It Wangereachsk is read ynkleure (útstoarn nei 1900). It Wangereager Frysk heart ta de grutte Yndo-Jeropeeske taalfamylje, dy't bygelyks ek talen as it Frânsk, Gryksk, Russysk, Perzysk en Hindy omfiemet. Mei û.m. it Deensk, Noarsk en Sweedsk wurdt it ta de Germaanske talen rekkene, en dêrbinnen foarmet it mei bygelyks it Westerlauwersk Frysk, Dútsk, Nederlânsk en Jiddysk de Westgermaanske taalgroep. Lykwols is it Wangereager Frysk krekt as it Westerlauwersk Frysk nauwer besibbe oan it Ingelsk en it Skotsk, wêrmei't it de Noardwestgermaanske talen foarmet. Dy falle dan wer útinoar yn 'e Angelsaksyske talen en de Fryske talen. Binnen de Fryske talen heart it Wangereagersk ta de subgroep Eastfrysk. It Eastfrysk bestiet út twa dialektgroepen: It Iemsfrysk dat yn Grinslân en westlik East-Fryslân praat waard en it Wezerfrysk dat yn it eastlike part fan East-Fryslân sprutsen waard. It Wangereagersk heart ta de Wezerfryske dialektgroep. thumb|300px|Taalkaart fan it Eastfrysk Men wol wol hawwe dat de Fryske talen it naust oan it Ingelsk besibbe binne, mar noch ôfsjoen fan it feit dat men dêrby foarbygiet oan oare Angelsaksyske talen lykas it Skotsk, jildt dat inkeld noch foar in oantal wurden en grammatikale eigenheden. Yn 'e midsiuwen wiene it Aldfrysk en it Aldingelsk (of Angelsaksysk) inoar yndie net wanlyk, mar troch de oanhâldende ynfloed fan (ferskillende) oanbuorjende talen en oare omstannichheden binne it Ingelsk en it Frysk troch de iuwen hinne sterk útinoar groeid. Ien fan 'e wichtichste ferskillen is datoangeande de ûnbidige ynfloed dy't it Frânsk sûnt de Normandyske ynfaazje fan 1066 op it Ingelsk útoefene hat, wylst it Wangereager Frysk reedlik konservatyf oerlevere waard. De taal dy't de measte ynfloed op it Wangereager Frysk hân hat is it Nederdútsk.
It Noardfrysk, Westerlauwersk Frysk en it Eastfrysk binne sûnt de midsiuwen har eigen paad gien, en binne no (sûnder foarkennis) al lang net mear ûnderling fersteanber. De Eastfryske tongfallen Sealterfrysk en Wangereager Frysk wienen mooglik ûnderling wol foar in part fersteanber, hoewol't it Sealterfrysk ta de Iemsfryske dialektgroep hearde en it Wangereager Frysk ta de Wezerfryske dialektgroep. It Sealterfrysk en it Wangereager Frysk binne de iennichste twa dialekten fan it Eastfrysk (of Easterlauwersk Frysk), dy't de 20e iuw helle hawwe. Hjoed-de-dei is it Sealterfrysk it iennichste noch libbene dialekt fan it eardere Eastfrysk en wurdt yn it Sealterlân praat.
Ferlykje de folgjende wurden yn it Wangereager Frysk, it Sealterfrysk, it Noardfrysk fan it fêstelân (yn it Mooring-dialekt), it Noardfrysk fan 'e eilannen (yn it Fering-dialekt) en it Westerlauwersk Frysk:
taalfoarbyldwurdenWangereager FryskUt de wurdlist dy't opnommen is yn it boek Mittheilungen aus der Sprache der Wangeroger. 1996. Ljouwert: Fryske Akademy & Aurich/Auwerk, Ostfriesische Landschaft:haudfarhauduugnaaziituuttuskkinbacksokeoorquiddëruuzfiaurSealterfrysk:KopStierneOgeNoseMuleTuskKeeuweSokeOorkweedeuusfjauerNoardfrysk: (Mooring)hoodfoorhooduugnoosmüstäiskansiikuurseedeüsfjouerNoardfrysk: (Fering)hoodföörhooduugnöösmöstuskansjuukuarsaiüsfjauerWesterlauwersk Frysk:hollefoarholleeachnoasmûletoskkinwangearsizzeúsfjouwer
Skiednis Ut de Aldfryske tiid binne gjin skriftlike oerleveringen fan it eilân Wangereach bewarre bleaun. Mei de beide saneamde Rustringer hânskriften fan om it jier 1300 (it Asegaboek en in oare rjochtstekst) binne der lykwols teksten út it Wezerfryske dialektgebiet bewarre bleaun, wêrfan't de taalfoarm wierskynlik hiel bot op it Aldwangereachsk like.Arjen Versloot: Das Wangeroogische. yn: Horst H. Munske (útjouwer): Handbuch des Friesischen. Niemeyer, Tübingen 2001, Side 423. thumb|300px|Histoaryske kaart út 1805, doe't it Wangereagersk troch krapoan 1000 minsken sprutsen waard. Yn de 19e iuw wie it Eastfrysk (of Easterlauwersk Frysk) al sûnt generaasjes ferdwûn en troch Nederdútske dialekten ferfongen. Allinnich yn twa ôfhandich lizzende gebieten koe it Easterlauwersk Frysk oerlibje. Dat wienen it Sealterlân, dêr't it Sealterfrysk noch altiten libbet, en it eilân Wangereach. Troch syn isolearre lizzing wie it Frysk dan ek lange tiid de iennichste taal op it eilân en dus de deistige omgongstaal.
De situaasje fan it lytse tal sprekkers, minder as 1.000 minsken, wie oant it midden fan de 19e iuw stabyl. Dat feroare hurd neidat yn de winter fan 1844 op 1845 it eilân troch ferskillende stoarmfloeden troffen waard en de eilânbewenners evakuearje moasten. Fan de oarspronklike befolking wennen yn 1861 noch mar 84 minsken op it eilân. De measte ynwenners fan Wangereach ferhuzen permanint nei Varel op de fêstewâl, dêr’t hja in nij doarpke stiften mei de namme Nij-Wangereach. Doe't it eilân mei help fan it regear fan 1863 ôf wer opboud waard, kamen der benammen net-Frysktaligen op it eilân te wenjen. Troch it útinoar fallen fan de Wangereager taalmienskip koe it Wangereachsk op de lange termyn net mear oerlibje. Dochs koe it Wangereachsk noch in oantal desennia op de fêstewâl en op it eilân bestean bliuwe. De lêste sprekker op it eilân stoar yn 1930 en de lêste sprekker op de fêstewâl stoar yn 1950. Dêrmei wie de taal definityf útstoarn.
De jurist en amateur taalwittenskipper Heinrich Georg Ehrentraut (1798–1866) út Jever begûn yn de earste helte fan de 19e iuw mei it ûndersykjen en doelmjittich fêstlizzen fan it Wangereagersk. Syn oanpak wie reedlik wittenskiplik te neamen. Noch foar de stoarmfloeden koe hy in omfangrike tekstsamling fan it Wangereager Frysk fêstlizze. Syn ûntdekkingen en tekstsamlingen makke er wrâldkundich yn de rige Friesisches Archiv. Yn de 1990'er jierren waard troch Pyt Kramer noch in omfangryk en net-publisearre diel fan it Friesisches Archiv weromfûn. Troch de beide dielen fan it Frysk argyf fan Ehrentraut is it Wangereager Frysk reedlik goed dokumintearre.
Grammatika Haadwurd & lidwurd It Wangereagersk makket, krekt as it Sealterfrysk, ûnderskied tusken manlike en froulike haadwurden. It lidwurd dan is manlik, dju is froulik en dait is ûnsidich. Foar it meartal wurdt da brûkt. GeslachtIentalMeartalmanlikdan mon (de man)da monsliuud (de manlju)froulikdju faun (it famke)da faunêr (de famkes)ûnsidichdait bên (it bern)da bêner (de bern)
Yn de útspraak fan it froulik lidwurd 'dju' waard de d faak net útsprutsen, dat de útspraak wie gauris 'jû' (fgl. Sealterfrysk: ju). By guon wurden heart it fêste lidwurd 'der': 'der dûvel' (de duvel), 'nâ der dúnen' (nei de dunen), 'îk wul nâ der tûn gung' (ik wol nei de toer gean). Yn somlike gefallen falt it lidwurd hielendal fuort: 'nâ bâd' (nei bêd), 'up tâfel' (op tafel), 'up stôl' (op 'e stoel), 'up schip' (op 't skip).Heinrich Georg Ehrentraut. 1849. Friesisches Archiv Band 1. Side 18. Oldenburg: Schultz
Wurdslachte It Wangereagersk makket ûnderskie tusken trije geslacht: Manlik, froulik en ûnsidich. Neffens Ehrentraut is it geslacht fan in Wangereager wurd lang net altiten dúdlik. Dêrtroch kin in haadwurd meardere geslachten hawwe. Yn Ehrentraut syn wurdlist is per wurd oanjûn hokker geslacht, of geslachten, it haadwurd hawwe kin. Unsidige wurden binne yn alle gefallen wurden dy't in mannichte of soarte oanjouwe: dait büter (de bûter), dait melk (de molke), dait hüver (it hjouwer). It meartalswurd dait göder (it guod) is ek ûnsidich. Unsidich binne ek de haadwurden dy't fan tiidwurden ôflaat binne: Dait süpen (it sûpen), dait spilin (it spyljen).
Meartalsfoarming By de meartalsfoarming binne ferskate meartalsútgongen mooglik.
MeartalsútgongIentalMeartal-sdait lídêr (it liet)dan nummë (de namme)da lídêrs (de lieten)da nummës (de nammen)-endan kêd (de ketting)dan minsk (it minsk)da kêden (de kettingen)da mínskên (de minsken)-erdait bên (it bern)dait bauk (it boek)da bêner (de bern)da baukêr (de boeken-ûdait gläs (it glês)dait hûs (it hûs)dait schip (it skip)da glúzû (de glêzen)da húzû (de huzen)da schüpû (de skippen)
Somlike haadwurden bliuwe yn iental en meartal lyk, bygelyks mei 'dan wain' (de wein) en de meartalsfoarm 'da wain' (de weinen).
It Wangereager Frysk hat krekt as it Westlauwersk Frysk in oantal ûnregelmjittige meartalsfoarmen.
IentalMeartaldan brör (broer)da bröring (broers)dan dii (dei)da digge (dagen)dan spilider (spiler)da spilifter (spilers)
Ferlytsingswurd It ferlytsingswurd wurdt mei de suffiksen -k, -ken, -iik en -uuk makke.
SuffiksFerlytsingswurd -kfliinerk (flinterke) -kendüünken (deuntsje, liet) -iikbiitiik (bytsje) -uukdrupuuk (dripke)
It suffiks -k wurdt taheakke oan wurden dy't op -el of -er einigje en wierskynlik ek oan wurden dy't út it Nederdútsk ûntliend waarden. Foar it gebrûk fan de ferlytsingssuffiksen -iik en -uuk binne de regels net dúdlik. It typearjende oan de Wangereager ferlytsingswurden is, krekt as by de Noardfryske eilândialekten, it geslacht dat net feroaret. Yn it Frysk, Dútsk, Nederlânsk en Nederdútsk wurde haadwurden nei ferlytsing ûnsidich, mar yn it Wangereagersk hâldt it ferlytsingswurd it oarspronklike geslacht fan it haadwurd.
Foarnamwurd Persoanlik & besitlik foarnamwurd thumb|300px|Loftfoto fan Wangereach Persoanlik fnw.wurdBesitlik fnw.wurd Persoan Underwerpfoarm Objektfoarm 1e iental ik mi min 2e iental dû di din 3e iental hi (manlik)yu (froulik)et (ûnsidich) him, hiri sin (manlik)hiri (froulik) 1e meartal wi us us 2e meartal yum yo yo 3e meartal ya yam yar
Oanwizend foarnamwurd De meast foarkommende oanwizende foarnamwurden binne: 'dit' (dit), 'din' (dit), 'dat' (dat), 'dize' (dizze) en 'dis' (dizze). Konstruksjes mei sülvig binne: 'dan sülvig' (deselde), 'dju sülvig' (deselde) en 'dait sülvig' (itselde). Ynstee fan de niisneamde oanwizende foarnamwurden kinne ek de lidwurden 'dan', 'dju', 'dait' en it meartal 'da' brûkt wurde as oanwizend foarnamwurd. It wurdsje 'sucks' (soks) of 'sucks än' (sa'n/sa'nien) feroaret net.
Betreklik foarnamwurd De betreklike foarnamwurden binne 'dèr/der' en 'dé'.
Wangereager FryskWesterlauwersk FryskDé in de hil wul, dèr mut der düvel tö frün höl.Wa't yn de hel wol, dy moat de duvel te freon hâlde.Dan mon, dér...De man, dy't...Dait wüf, dér ik dait fon krigin häb.De frou, fan wa't ik dat krigen haw.Da fauner, der ik bläuket häb.De famkes, dy't ik sjoen haw.
Freegjend foarnamwurd De freegjende foarnamwurden binne 'wô' (wa), 'hu' (hoe), 'woneer' (wannear), 'wolk' of 'wólker' (hokker), 'wut' (wat), 'wutfar' (watfoar) en 'weeruum' (wêrom).
Eigenskipswurd Bûging It eigenskipswurd wurdt ornaris net bûgd: dan göd mon (de goede man), dä göd liüd (de goede lju), djü göd faun (it goede famke), dait göd bén (it goede bern), da göd fauner (de goede fammen). In útsûndering is: än göden mon (in goede man).
Oare bûgde eigenskipswurden binne neffens Heinrich Georg Ehrentraut ûnder ynfloed fan it Nederdútsk of Heechdútsk ûntstien: hi ärbeidert dan gänse di (hy wurket de hiele dei), da gänse diggen up schip (de hiele dagen op 't skip), ik häb de grätste deil des dis dör slipin (ik haw it grutste diel fan de dei slept).
Treppen fan ferliking By de treppen fan ferliking wurdt de fergrutsjende trep foarme mei -er en de oertreffende mei -st. By de regelmjittige treppen fan ferliking kin bytiden in lûdswiksel foarkomme.
stellende trepfergrutsjende trepoertreffende trepbreid (breed)brédder (breder)bretst (breedst)köol (koel)käller (kâlder)kalst (kâldst)djóp (djip)djäpper (djipper)djapst (djipst)gröet (grut)grätter (grutter)gratst (grutst)
Dêrneist hat it Wangereagersk ek folslein ûnregelmittige adjektiven:
stellende trepfergrutsjende trepoertreffende trepgut (goed)bétter(better)best (bêst)fèl (folle)mö (mear)meist (meast)