thumb|Londen 1851 thumb|right|Parys 1889 thumb|Chicago 1893 thumb|right|Parys 1900 thumb|right|St Louis 1904 thumb|right|Milaan 1906 thumb|right|New York 1939 thumb|Brussel 1958 thumb|Seattle 1962 thumb|right|New York 1964 thumb|right|Brisbane 1988 thumb|right|Hannover 2000 thumb|right|Nagoya 2005 thumb|Sjanghai 2010 In wrâldsútstalling is in grutte ynternasjonale eksposysje, sa't dy fan 1851 ôf yn ferskillende lannen hâlden binne. De dielnimmende lannen jouwe in byld fan harren ekonomyske, sosjale en technyske ûntwikkeling. De wrâldutstallings binne fuortkaam út de nasjonale eksposysjes dy’t yn ferskatee lannen sûnt 1756 holden waarden. In wrâldústalling soe in wjerspegeling wêze moatte fan de universele minsk yn de betreffende tiidsperioade. Sûnt 1928 wurdt it organisearjen fan wrâldútstallings troch it Buro foar Ynternasjonale Utstallings (ynternasjonaal: Bureau International des Expositions, BIE, as Bureau of International Expositions) regulearre, mar it is it gastlân dat de organisaasje docht. At de wrâldútstalling foarby is bliuwe de opmerklikste gebouwen faak stean, lykas de Eiffeltoer yn Parys en it Atomium yn Brussel.
De skiednis De wrâldútstalling, ek wol Ekspo neamd, is typysk in manier fan tinken út de 19e iuw. Alles waard posityf besjoen en yn it ljocht fan de foarútgong fan de wrâld. It idee fan de útstalling komt út Frankryk, mar Ingelân organisearre yn 1851 de earste útstalling yn Londen. Mei de stipe fan Ingelske sakelju waard yn 1851 de earste útstalling organisearre yn it Hyde Park yn Londen. De útstalling kaam yn in prachtich gebou te stean mei de namme Chrystal Palace. It súkses wie enoarm. Yn totaal kamen mear as seis miljoen minsken te sjen.
It evenemint groeide bjusterbaarlik. Elk lân presintearre syn moaiste dingen. Wichtige útfinings lykas de telefoan, de auto en de grammofoanplaat waarden allegear op de útstallings presintearre. De yn 1942 organisearre útstalling yn Rome waard skrast omreden de Twadde Wrâldkriich. Nei de Twadde Wrâldkriich waarden der foarearst gjin wrâldútstalling mear organisearre. Fan 1958 ôf begûn it wer, mei de wrâldútstalling yn Brussel.
Ferneamde wrâldútstallings Londen (Grut Brittanje), 1851 - Earste útstalling. Tokio (Japan), 1867 - Resultearre yn Ueno Park. Parys (Frankryk), 1878 - Elektryske strjitferljochting. Parys (Frankryk), 1889 - Resultearre yn de Eiffeltoer. Chicago (Feriene Steaten), 1893. New York (Feriene Steaten), 1939 - Lêste útstalling foar de Twadde Wrâldkriich en Streamline Design. Brussel (Belgje), 1958 - Resultearre yn it Atomium Montréal (Kanada), 1967 - Mei mear as 50 miljoen besikers. Shanghai, 2010 - mei goed 70 miljoen besikers de drokst besochte wrâldtentoanstelling ea.
Wrâldútstallings yn Nederlân 1864: Amsterdam 1883: Amsterdam 1913: Amsterdam 2012: Fenlo 2022: Almeare
Oersjoch fan Wrâldútstallings In kompleet oersjoch fan wrâldútstallings is net te jaan, om't der foar it ynstellen fan it Buro foar Ynternasjonale Utstallings gjin persyze definysje fan it begryp wrâldútstallings wie. Dit is lykwols in list oersjoch fan de measte wrâldútstallings:
1851 - Londen, Grut Brittanje 1853 New York, Feriene Steaten Dublin, Ierlân 1855 - Parys, Frankryk 1862 - Londen, Grut Brittanje 1867 - Parys, Frankryk 1873 - Wenen, Eastenryk 1874 - Dublin, Ierlân 1876 - Philadelphia, Feriene Steaten 1878 - Parys, Frankryk 1880-1881 - Melbourne, Austraalje 1883 - Amsterdam, Nederlân 1884 - New Orleans, Feriene Steaten 1885 - Antwerpen, Belgje 1886 - Londen, Grut Brittanje 1888 Glasgow, Grut Brittanje Barselona, Spanje Melbourne, Austraalje 1889 - Parys, Frankryk 1893 - Chicago, Feriene Steaten 1894 - San Francisco, Feriene Steaten 1895 - Atlanta, Feriene Steaten 1897 - Brussel , Belgje 1900 - Parys, Frankryk 1901 - Buffalo, Feriene Steaten 1904 - Saint Louis, Feriene Steaten 1905 - Luik , Belgje 1906 - Milaan , Itaalje 1907 Dublin, Ierlân Hampton Roads, Feriene Steaten 1909 - Seattle, Feriene Steaten 1910 - Brussel, Belgje 1911 - Turyn, Itaalje 1913 - Gint, Belgje 1915 - San Francisco, Feriene Steaten 1916 - San Diego, Feriene Steaten 1922 - Rio de Janeiro, Brazylje 1924 - Wembley, Ingelân 1925 - Parys, Frankryk 1926 - Philadelphia, Feriene Steaten 1929 - Barcelona 1930 - Sevilla, Spanje 1930 Antwerpen, Belgje Luik, Belgje 1931 - Parys, Frankryk 1933 - Chicago, Feriene Steaten 1935 - Brussel, Belgje 1937 - Parys, Frankryk 1939 - New York, Feriene Steaten 1939-1940 - San Francisco, Feriene Steaten 1939 - Luik, Belgje 1958 - Brussel, Belgje 1962 - Seattle, Feriene Steaten 1964 - New York, Feriene Steaten 1967 - Montreal, Kanada 1968 - San Antonio, Feriene Steaten 1970 - Osaka, Japan 1974 - Spokane, Feriene Steaten 1975 - Okinawa, Japan 1982 - Knoxville, Feriene Steaten 1985 - Tsukuba, Japan 1986 - Vancouver, Kanada 1988 - Brisbane, Austraalje 1992 - Sevilla, Spanje 1992 - Genua, Itaalje 1993 - Daejeon, Súd-Korea 1998 - Lissabon, Portegal 2000 - Hannover, Dútslân 2001 - Porto, Portegal 2005 - Nagoya, Japan 2008 - Zaragoza, Spanje 2010 - Sjanghai, Sina 2012 - Yesu, Súd-Koreä 2012 - Fenlo, Nederlân 2015 - Milaan, Itaalje 2016 - Antalya, Turkije 2017 - Nursultan, Kazachstan 2017 - Berlyn, Dútslân 2019 - Beijing, Folksrepublyk Sina 2020 - Dubai, Feriene Arabyske Emiraten 2021 - Doha, Katar 2022 - Almeare, Nederlân 2023 - Buenos Aires, Argentynje 2025 - Osaka, Japan
Kategory:Tentoanstelling Kategory:Evenemint Kategory:Technyk Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 1851