De Wieringerrânemar wie in projekt fan de provinsje Noard-Hollân en de gemeenten Wieringen en Wieringermar om fan Wieringen wer in eilân te meitsjen. It projekt moast likernôch 300 miljoen euro kostje.

Skiednis Yn 1999 makke de gemeente Wieringen bekend in ûndersyk út te fieren nei it grutter meitsjen fan it Amstelmarkanaal nei it saneamde Wieringerrânemar. Troch dat barren soe Wieringen wer in (skier)eilân wurde.

Yn 2002 waard der mei in gearwurkingsferbân tusken de provinsje Noard-Hollân, de gemeenten Wieringen, Wieringermar en it Hoogheemraadschap Hollands Noorderkwartier úteinset. Dy skreaune in ûntwerpkompetysje út dêr't fiif ferienings oan mei diene. De feriening dy't wûn, in gearwurking tusken Boskalis en Volker Wessels, waard frege om mei te dwaan oan it projekt en om mei-ferantwurdlikens te dragen. Op 5 maart 2005 stimden alle partijen dêr oan mei yn en waard Publyk-Private Gearwurkingsferbân tekene troch alle dielnimmers, de provinsje, de gemeente en de bedriuwen Boskalis en Volker Wessels.

Op 19 desimber 2007 hiene de Deputearre Steaten fan Noard-Hollân it plan foar de oanlis fan de mar offisjeel goedkard. Allinnich de Provinsjale Steaten fan Noard Hollân moasten harren stim noch jaan oan it projekt. Dat barde op 17 maart 2008. De Provinsjale Staten stimden yn mei it plan en der koe definityf begûn wurde mei de oanlis fan de mar.

It mar en omkriten De Wieringerrânemar soe yn ferbining komme te stean mei de Iselmar, de Waadsee en de Amstelmar. Dêrtroch soe in grut natoergebiet fan bosk en wetter ûntstean dat rint fan de Waadsee nei de Iselmar. Dy natoersône hearde by it provinsjale projekt Noordboog.

Yn totaal gie it oer in gebiet fan likernôch 2200 hektare, dêr't 250 hektare ynnaam wurde soe troch wenten. It totaal wetteroerflak kaam del op likernôch 800 hektare. Ek soe der nochris 128 hektare nei bosk oanplante wurde.

Oanlis Mei de oanlis fan de mar moast yn 2010 begûn wurde. Foar it projekt moasten likernôch tritich buorkerijen plak meitsje foar de mar. De mar sels koe al nei fiif jier klear wêze. Mar it folsleine proses soe folle langer duorje. Der waard rûsd dat de lêste wurksumheden pas klear wêze soene om 2030 hinne.

Doel It Wieringerrânemar moast foar mear wurk yn 'e kop fan de provinsje Noard-Hollân soargje. Ek moasten de mar en de fasiliteiten dêr omhinne soargje foar in gruttere stream fan toeristen nei it gebiet.

Wjerstân en alternatyf Net eltsenien wie wiis mei it plan. Op it plak dêr't de mar komme soe, wiene 30 agrayske bedriuwen fêstige. De boeren wiene noedlik as se har bedriuw ferhúzje moasten. Gemeenten en provinsje joegen de wissigens dat de takomst fan 'e lânbou yn 'e omkriten wis wêze soe en in "stabyl takomstperspektyf" bea, dochs dêr twivelen de boeren tige oan. Ek soe de wizige wetterhúshâlding yn it gebiet in ûngeunstige wjerslach hawwe op oar lânbougrûn.

Op 27 juny 2008 waard Het Andere Wieringerrandmeer (De Oare Wieringerrânemar) presintearre, in alternatyf fan bewenners, boeren en natoerorganisaasjes, feriene yn it Wieringsk Beried. Yn dat plan soe it ûnder wetter setten gebiet lytser wurde, soene minder wenten boud wurde dy't boppedat tichter by de Iselmar kamen en soene minder boerbedriuwen fuort hoege te gean. Ek oare, as wielderige beoardiele parteb fan it projekt lykas in farferbining fan 'e Iselmar nei de Amstelmar, dêr't in skutslûs by de Suderhaven foar oanlein wurde soe, kaam te ferfallen. It Wieringsk Beried oppenearre dat der gjin ferlet fan wie om yn 'e Kop fan Noard-Hollân in grut rânemar oan te lizzen.Alternatief plan Wieringerrandmeer ontziet boeren. EngineeringNow.nl, 24 juni 2008

Beslút Op 3 novimber 2010 makken de Deputearre Steaten fan 'e provinsje Noard-Hollân buorkundich gâns it projekt skrasse te wollen omreden it net rûn krije fan de finânsjes. Op 15 novimber besleaten Provinsjale Steaten dat it projekt definityf net trochgean soe.

Sjoch ek Wieringen Wieringermar

Keppeling om utens Offisjele webstee oer de Wieringerrânemar

Kategory:Wetter yn Noard-Hollân Kategory:Wieringen Kategory:Wieringermar