De Rocky Mountains of koartwei de Rockies (yn âldere teksten ek wol oerset as it Rotsberchtme) binne in berchtme yn it westen fan Noard-Amearika, dat it wichtichste ûnderdiel foarmet fan 'e Noardamerikaanske Kordillera. It is it grutste berchtme fan it hiele wrâlddiel, dat him útstrekt fan noardlik Britsk-Kolumbia of Alaska yn it noarden (der binne ferskillende definysjes) oant Nij-Meksiko yn it suden. It hat in lingte fan mear as 4.800 km. It heechste punt is de Mount Elbert yn Colorado, mei in hichte fan 4.401 m. De Rocky Mountains binne 80–55 miljoen jier âld en wurde ûnderskaat fan 'e berchtmen dy't fierder nei it westen ta lizze, lykas de Cascades, de Sierra Nevada en it Pasifysk Kustberchtme. It berchtme stiet bekend om syn natoerskientme, dramatyske fiergesichten en wintersportfasiliteiten.
Namme De namme Rocky Mountains, oftewol Rotsberchtme, is eins in lienfertaling fan it oarspronklike toponym yn 'e Algonkwynske talen fan Noard-Amearika, spesifyk it Kry (Cree): ᐊᓯᐣᐘᑎ, Asin-wati, wat "Rotsige Berch" betsjut. De earste fermelding fan 'e namme Rocky Mountains, sij it yn it Frânsk as Montagnes de Roche, wie yn it deiboek fan 'e Frânsk-Kanadeeske coureur des bois Jacques Legardeur de Saint-Pierre, út 1752.
Geografy Oersjoch De Rocky Mountains lizze yn it westlike part fan Noard-Amearika, dêr't se rûchwei yn noard-súdrjochting rinne (om sekuer te wêzen: út it noarden wei nei it eastsúdeasten). Yn 'e mande mei û.o. de Eastlike Sierra Madre yn Meksiko meitsje se diel út fan it Laramide Berchtmekeatling, de eastlikste berchrige fan 'e Noardamerikaanske Kordillera. Der besteane twa definysjes oer wêr't de noardlike útein fan 'e Rocky Mountains is: ien dy't yn Kanada brûkt wurdt en ien dy't yn 'e Feriene Steaten foar master opslacht. As men de inge, Kanadeeske definysje oanhâldt ynstee fan 'e bredere Amerikaanske, hawwe de Rocky Mountains in lingte fan 4.828 km fan noard nei súd. Op it breedste punt mjit it berchtme 650 km fan east nei west. It heechste punt is de Mount Elbert, yn 'e Amerikaanske steat Colorado, mei in hichte fan 4.401 m boppe seenivo. De heechste top yn 'e Kanadeeske Rocky Mountains is de Mount Robson, dy't 3.954 m heech is.
Noardlike útein Neffens de inge, Kanadeeske definysje begjinne de Rocky Mountains yn it noarden fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia by de boarne fan 'e rivier de Liard, deunby de grins mei de Noardwestlike Territoaria. Neffens Amerikaanske definysje leit it begjin fan 'e Rocky Mountains lykwols deunby de kust fan 'e Beringsee yn noardlik Alaska. It noardlikste diel fan it berchtme wurdt neffens dy opfetting foarme troch it Brooksberchtme, dat it Binnenlân fan Alaska skiedt fan 'e Noarderbedelte. Wichtige dielberchtmen fan it Brooksberchtme binne it De Longberchtme oan 'e westlike útein, dat ôfrint yn 'e rjochting fan 'e Beringstrjitte, en it Britske Berchtme en it Richardsonberchtme oan 'e eastlike útein, yn it noardlike Yukonterritoarium fan Kanada. Yn it easten giet it Brooksberchtme oer yn it Mackenzieberchtme, dat mei it Backboneberchtme en it Loganberchtme troch de Yukon ôfbûcht nei it súdeasten en dêrby de súdwestlike hoeke fan 'e Noardwestlike Territoaria meipakt.
Rocky Mountains yn Kanada Yn it noarden fan Britsk-Kolumbia sit it Mackenzieberchtme fêst oan 'e noardlike útein fan it Muskwaberchtme. Dat is ien fan 'e trije dielen dêr't de Kanadeeske Rocky Mountains (rekkene neffens de Kanadeeske definysje) yn ferparte binne, te witten fan noard nei súd: it Muskwaberchtme, it Hartberchtme en it Kontinintaal Berchtme. De earste beide berchtmen foarmje tegearre de Noardlike Rocky Mountains. Fan 'e noardeastpunt fan Britsk-Kolumbia folgje de Rocky Mountains yn in frij rjochte line yn eastsúdeastlike rjochting de grins fan Britsk-Kolumbia (yn it westen) mei de provinsje Alberta (yn it easten) oant se de noardgrins fan 'e Feriene Steaten berikke.
Yn Kanada foarmje de Rocky Mountains de skieding tusken it Binnenlânsk Plato yn it westen en de taiga yn it easten. Oan 'e eastkant, yn Alberta, binne fan noard nei súd it Clarkberchtme, it Kananaskisberchtme en it Livingstonberchtme dielberchtmen fan 'e Rocky Mountains.
Yn eastlik-sintraal Britsk-Kolumbia leit oan 'e westkant fan 'e Rocky Mountains it Columbiaberchtme, dêr't de rivier de Columbia ûntspringt. Dat wurdt yn Kanada offisjeel (troch de Geological Survey of Canada) sjoen as in berchtme dat los stiet fan 'e Rocky Mountains en ynstee ta it Nevadaberchtmekeatling heart, de middelste berchtmerige fan 'e Noardamerikaanske Kordillera. De westgrins fan 'e Rocky Mountains soe dan by de Rocky-Mountainstrôch lizze, in djippe delling dy't fan noardwest nei súdeast troch de bergen rint, yn it noardlike diel ynsnien troch de rivier de Fraser, dy't nei it noardwesten streamt, en yn it súdlike diel troch de Columbia, dy't nei it súdeasten streamt. Yn 'e Feriene Steaten wurdt it Columbiaberchtme (troch de Geological Society of America) lykwols as ûnderdiel fan 'e Rocky Mountains beskôge.
Dielberchtmen fan it Columbiaberchtme binne it Caribooberchtme (dat soms as diel fan it Binnenlânsk Plato sjoen wurdt), it Selkirkberchtme, it Purcellberchtme, it Monasheeberchtme en it Lewisberchtme. Bewesten it Columbiaberchtme lizze trije heuvelrêgen of leechberchtmen dy't in oergong foarmje tusken de eigentlike bergen en it Binnenlânsk Plato. Dêrby giet it om it Quesnelheechlân, it Shuswapheechlân en it Okanaganheechlân. Soms wurde dy ta it Columbiaberchtme rekkene, mar formeel hearre se ta it Binnenlânsk Plato.
Rocky Mountains yn 'e Feriene Steaten Yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten folgje de Rocky Mountains in noard-súdrjochting en omfetsje se dielen fan 'e steaten Washington, Idaho, Montana, Wyoming, Colorado, Utah en Nij-Meksiko. Fan Colorado ôf nei it suden ta foarmet it berchtme de Súdlike Rocky Mountains. It berchtme is yn 'e legere 48 steaten de skieding tusken de Grutte Flakten yn it easten en, oan 'e westkant, it Columbiaplato yn it noardwesten en de woastinen fan 'e Grutte Dobbe yn it súdwesten. It Salishberchtme en it Cabinetberchtme fan noardlik Idaho en noardwestlik Montana, besuden de rivier de Kootenay, wurde yn 'e Feriene Steaten ek ta de Rocky Mountains rekkene, mar yn Kanada ta it Columbiaberchtme.
Dielberchtmen oan 'e eastkant fan 'e Rocky Mountains binne yn 'e legere 48 steaten û.o. it Absarokaberchtme, it Beartoothberchtme, it Big Beltberchtme, it Little Beltberchtme, it Crazyberchtme, it Flatheadberchtme en it Bearpawberchtme yn Montana, it Big Hornberchtme, it Gallatinberchtme, it Wind Riverberchtme en it Laramieberchtme yn Wyoming, it Medicine Bowberchtme yn Wyoming en Colorado, it Frontberchtme yn Colorado en it Sangre de Christoberchtme yn súdlik Colorado en noardlik Nij-Meksiko.
Foarbylden fan dielberchtmen oan 'e westkant binne it Kettle Riverberchtme yn noardeastlik Washington, it Bitterrootberchtme en it Beaverheadberchtme op 'e grins fan Idaho en Montana, it Sawtoothberchtme, it Clearwaterberchtme, it Salmon Riverberchtme, it Lemhiberchtme en it Pioneerberchtme yn Idaho, it Snake Riverberchtme yn Idaho en Wyoming, it Wasatchberchme yn Utah en it San Juanberchtme yn Colorado en Nij-Meksiko.
Sinrale berchrêgen fan 'e súdlike Rocky Mountains binne û.o. it Tetonberchtme yn Idaho en Wyoming, it Gros Ventreberchtme en it Wyomingberchtme yn Wyoming, it Uintaberchtme yn Utah en Wyoming, it La Salberchtme oan 'e grins fan Utah en Colorado, en it Abajoberchtme en Henryberchtme yn súdeastlik Utah. De súdlike útein fan 'e Rocky Mountains wurdt foarme troch it Santa Feberchtme fan noardlik Nij-Meksiko, dêr't de rivier de Pecos ûntspringt.
Rivieren De Rocky Mountains foarmje de wetterskieding tusken de Atlantyske Oseaan en de Noardlike Iissee oan 'e iene kant en de Stille Oseaan oan 'e oare kant. Dat wol sizze dat rivieren dy't dêrwei nei it easten of noarden streame, útmûnje yn 'e Atlantyske Oseaan (of de Golf fan Meksiko dy't in rânesee fan 'e Atlantyske Oseaan is) of de Noardlike Iissee, wylst rivieren dy't út 'e Rocky Mountains nei it westen ta streame, útmûnje yn 'e Stille Oseaan.
De grutste en wichtichste rivier dy't út 'e Rocky Mountains wei nei it easten ta streamt, is de Missouri. Oare wichtige rivieren dy't dy kant út streame, binne de Peace, Athabasca, Bow, Elbow en Saskatchewan yn Kanada en de Yellowstone, Bighorn, Noardlike Platte, Súdlike Platte, Arkansas, Canadian, Pecos en Rio Grande yn 'e Feriene Steaten. De Liard en de Fort Nelson binne foarbylden fan rivieren dy't út 'e Rocky Mountains wei noardoan streame nei de Noardlike Iissee.
De grutste en wichtichste rivieren yn 'e westkant fan 'e Rocky Mountains binne de Fraser yn Kanada en de Columbia en de Colorado yn 'e Feriene Steaten. Oare wichtige rivieren oan dy kant fan it berchtme binne de Kechika yn Kanada en de Snake, de Kootenay en de Salmon yn 'e Feriene Steaten.
Geology It stiente fan 'e Rocky Mountains waard foarme lang foar't de bergen troch tektoanyske krêften opriisden. It âldste stiente fan it berchtme is metamorf stiente út it Prekambrium, dat de kearn fan it Noardamerikaanske kontinint foarmet. Der is ek Prekambysk sedimintêr argillyt, dat 1,7 miljard jier âld is. Yn it Paleosoïkum lei it westen fan Noard-Amearika op 'e boaiem fan in ûndjippe see, dy't in kilometers tsjûke laach fan kalkstien en dolomyt ôfsette.
Yn 'e súdlike Rocky Mountains, yn it hjoeddeistige Colorado, waard dat oerâlde stiente likernôch 300 miljoen jier lyn, yn it geologysk tiidrek fan it Pennsylvanyn, út 'e bân skuord troch berchtmefoarming. By dat proses waarden de foarrinners fan 'e Rocky Mountains staljûn, besteande út Prekambrysk metamorf stiente dat omheech treaun waard troch de lagen kalkstien dy't deroerhinne kommen wiene te lizzen. Dy bergen erodearren yn it lette Paleosoïkum en it iere Mesosoïkum, sadat der grutte ôfsettings sedimintêr stiente efterbleaune.
Yn it Mississippyn, likernôch 350 miljoen jier lyn, begûnen terreinen te botsen mei de westlike râne fan Noard-Amearika, mei as gefolch dat de Antler-orogeneze ûntstie. Oer in perioade fan sa'n 270 miljoen jier wiene dy botsingen beheind ta de râne fan 'e Noardamerikaanske plaat, fier bewesten de Rocky Mountains. Pas 80 miljoen jier lyn berikten de effekten de kontreien fan 'e Rocky Mountains.
De hjoeddeistige Rocky Mountains ûntstiene by de Laramide orogeneze tusken 80 en 55 miljoen jier lyn yn it lette Kryt en it iere Paleogeen. Yn it noarden fan 'e Rocky Mountains waarden de bergen foarme trochdat de foarrinners fan 'e Rocky Mountains dêr út it westen wei oer it Kanadeesk Skyld treaun waard, mei as gefolch dat der troch opheaping fan stiente bergen opriisden.
Fierder nei it suden ta soene de súdlike Rocky Mountains skoan ris foarme wêze kinne troch in ûngewoane subduksje doe't de Farallonplaat ûnder in stompe hoeke ûnder de Noardamerikaanske plaat doek. Dy stompe hoeke skode de fokus fan it ranen fan it ûnderdutsen stiente yn 'e ierdkearn folle fierder nei it easten ta op, by de westkust wei, as de normale 300–500 km. Saakkundigen binne fan tinken dat de stompe hoeke fan 'e subdusearjende tektoanyske plaat de wriuwing en oare foarmen fan ynteraksje mei de tsjûke kontinintale massa dêrboppe fergrutte. Ynoarme oerskowings steapelen laach op laach, sadat de bûtengewoan brede en hege foarm fan 'e súdlik Rocky Mountains skepen waard.
De hjoeddeistige súdlike Rocky Mountains waarden omheech twongen troch de lagen fan Pennsylvanine en Permyske sedintêre restanten fan 'e foarrinners fan 'e Rocky Mountains hinne. Sokke sedimintêre restanten waarden by dat proses by de flanken fan it nije bechtme lâns faak ûnder steile hoeken kantele. Se binne no sichtber op in grut tal plakken yn 'e Rocky Mountains, wêrûnder de Dakota Hogback, in sânstienformaasje út it iere Kryt dy't de eastrâne fan 'e hjoeddeistige berchrige beseamet.