Neder-Normandje of Leech-Normandje (Frânsk: Basse-Normandie, Normandysk: Basse-Normaundie) wie fan 1982 oant 2016 in regio yn it noardwesten fan Frankryk. Op 1 jannewaris 2016 waard dizze krite mei it oanswettende Neder-Normandje gearfoege ta de nije regio Normandje.

Skiednis Dizze regio waard yn 1956 opjrochte, en bestie út trije departeminten: Calvados, Manche en Orne. Neder-Normandje komt oerien it westlik part fan de eardere provinsje Normandje.

Fleanfjilden It fleanfjild fan Caen-Carpiquet is wat it reizgerstal oanbelanget fierwei it wichtigste fleanfjild fan Normandje. De fêste linen nei Lyon soargje derfoar dat men ynternasjonaal ferbûn is.

De fleanfjilden fan Deauville-Saint-Gatien en Cherbourg-Maupertus fersoargje inkelde ferbinings mei Ingelân.

Keppeling om utens Conseil régional

Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1982 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 2016 Kategory:Histoaryske regio fan Frankryk Kategory:Skiednis fan Normandje‎