Midy-Pyreneeën (Frânsk: Midi-Pyrénées, Oksitaansk: Miègjorn-Pirenèus, Gaskonsk: Miegjorn-Pirenèus) wie fan 1982 oant 2016 in bestjoerlike regio yn it suden fan Frankryk. Sûnt 1 jannewaris 2016 foarmet dit gebiet, yn 'e mande mei it oanbuorjende Languedoc-Roussillon, de nije bestjoerlike regio Oksitaanje.

Kategory:Oksitaanje (bestjoerlike regio) Kategory:Histoaryske regio fan Frankryk Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1982 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 2016